Ferdrach fan Ljouwert

Ut Wikipedy

It Ferdrach fan Ljouwert of de Ferklearring fan Ljouwert is in ferdrach dat op 18 maaie 2018 yn Ljouwert sletten waard tusken de regearings fan Nederlân, Dútslân en Denemark oer de beskerming fan 'e Waadsee, in gebiet dat sûnt 2009 op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet. Yn dizze oerienkomst ûnthieten de trije lannen û.m. om gear te wurkjen by dingen as it nimmen fan maatregels tsjin 'e seespegelstiging, de oanpak fan miljeufersmoarging troch mikroplestiks, en ûndersyk nei de fûgel- en fiskstân op it Waad. Fierders wie der ek oandacht foar ferduorsuming fan 'e ekonomy fan 'e Waadeilannen en beskerming fan 'e saneamde swimway, de fêste trekrûte fan fisken troch de Waadsee. Yn 't foar hie de UNESCO advisearre om in World Heritage Foundation foar it Waadgebiet op te rjochtsjen. Sa'n stifting soe jild út it bedriuwslibben generearje kinne dat dan brûkt wurde kinne soe foar de beskerming fan it gebiet. It Nederlânske regear wie in foarstanner fan sa'n konstruksje, mar troch Dútske wjerstân waard it úteinlings net yn 'e ferklearring opnommen. De ministers dy't it ferdrach ûndertekenen, wiene Carola Schouten foar Nederlân, Svenja Schulze foar Dútslân en Jakob Ellemann-Jensen foar Denemark. It Ferdrach fan Ljouwert jildt as rjochtline foar de it belied fan 'e trije regearings oant 2022; it is de bedoeling dat der dan in nije oerienkomst sletten wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: