Springe nei ynhâld

Ferdrach fan Lateranen

Ut Wikipedy
Rin fan de grins tusken Itaalje en Fatikaanstêd
   Grûngebiet fan Fatikaanstêd
   Sint-Pietersplein: grûngebiet fan Fatikaanstêd, Mar de Italiaanske plysje hat it foech om feilichheidstaken op him te nimmen.
   Status ûndúdlik

It Ferdrach fan Lateranen is in ferdrach dat op 11 febrewaris 1929 yn it Lateraanske paleis sletten waard tusken de Hillige Sit en it Italjaanske regear ûnder de fassistyske diktator Benito Mussolini. Ratifikaasje fan it ferdrach hie plak op 7 juny 1929.

It ferdrach makke in ein oan de tastân dy't ûntstie doe't Rome nei de Ynname fan Rome yn 1870 en in folksrieplachtsjen by de nije Italjaanske ienheidssteat foege waard: sûnt 1870 wie de eardere Tsjerklike Steat Italjaansk grûngebiet en beskôgen de pausen himsels as "finzene fan it Fatikaan". Yn 1929 besleaten paus Pius XI en Mussolini de saken te regeljen. Mussolini hope dêrmei ek sympaty te winnen yn it benammen katolike Itaalje.

It ferdrach bestie út trije parten:

  • In ferdrach dêr't de ûnôfhinklikheid en soevereiniteit fan de Hillige Sit yn erkend waard, de steat Fatikaanstêd oprjochte waard en de grins tusken Itaalje en Fatikaanstêd bepaald waard. De Hillige Sit erkende ymplisyt it ferlies fan it oare tsjerklike territoarium.
  • In konkordaat dêr't de ferhâldingen mei privileezjes tusken de Katolike Tsjerke en de steat Itaalje yn regele waarden. It roomsk-katolisisme waard de steatsgodstsjinst yn Itaalje.
  • In finansjele paragraaf, ta kompensaasje foar de Fatikaanske besittingen dy't de Italjaanske steat yn 1870, yn beslach nommen hie.

Yn it ferdrach erkende Itaalje it rjocht fan 'e Hillige Sit op in eigen bûtenlânske polityk. Ek waard krekt besletten hokker pauslike besittingen ûnder de Hillige Sit falle soene. Njonken alle besittingen yn it Fatikaan sels foelen ek de besittingen by Castel Gandolfo, en de tsjerken San Giovanni in Laterano, Santa Maria Maggiore en de San Paolo fuori le Mura hjir ûnder. Itaalje beloofde yn'e grûnwet op te nimmen dat it roomsk-katolisisme de steatsgodstsjinst fan Itaalje wurde soe. Yn ruil dêrfoar soe de paus it Italjaanske regear tastimming freegje by de beneaming fan Italjaanske biskoppen en aartsbiskoppen. Ek soene dy biskoppen in ferklearring fan loyaliteit oan de Italjaanske steat ôflizze moatte en har ûnthâlde moatte fan polityk.

It ferdrach regele de rjochtsposysje fan de Romeinske adel en yn it bysûnder dy fan de swarte adel, dy't de pausen trou bleaun wie. De aadlike pommeranten fan it Fatikaan krigen diplomatike status, diplomatike nûmerbuorden en belestingfasiliteiten. De troch de paus ferliende aadlike titels waarden lyksteld oan dy fan Itaalje.

De strjitte tusken it Sint Pitersplein en de Tiber, de Via della Conciliazione ('Dyk fan de fermoedsoening'), waard troch Mussolini oanlein ta oantinken oan it ferdrach.

Yn 1984 waard ûnder de sosjalistyske premier Bettino Craxi in tal bepalingen fan it Ferdrach fan Lateranen wizige. De wichtichste feroaring gie oer it beëinigjen fan it katolisisme as offisjele religy fan Itaalje.

Keppeling om útens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE