Ferdrach fan Concordia
It Ferdrach fan Concordia is in ferdrach tekene op 23 maart 1648 tusken Frankryk en de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. It ferdielde it eilân Sint-Marten yn twa helten, wat oant hjoed-de-dei sa bleaun is. [1]
It is net los te sjen fan de ûntjouwings yn oktober fan dat jier rûnom de frede fan Westfalen / Münster, út it perspektyf dat yn it ferdrach net sa folle de Nederlânsk-Frânske ferhâldingen sintraal stienen, mar ek dat de doe noch mienskiplike fijân Spanje in oanspraak op it eilân lei[2]. Oant dat jier hiene de Spanjerts it eilân sûnt 1633 yn besit en in grutte oanfal ûnder lieding fan Peter Stuyvesant ôfslach.
It ferdrach wurdt sûnt 1948 betocht troch in tinkstien oan de wei fan Philipsburg nei Marigot. De obelisk is útgroeid ta in symboal fan ienheid fan it eilân, en is ôfbylde sawol op de nasjonale flagge fan Sint-Marten as op de ienheidsflagge. [3]
Ferdrachstekst:
Hjoed, de 23e fan maart 1648, binne byinoar kommen Robert de Lonvilliers, ridder en hear fan dit plak, gûverneur fan it eilân St. Martin, yn namme fan syn Meast Kristlike Majesteit (de kening fan Frankryk), en Martin Thomas, ek gûverneur fan it neamde eilân, yn namme fan de Prins fan Oranje en de Steaten-Generaal fan de Nederlannen, en Henri de Lonvilliers, hear fan Benevent, Savin en Courpon, ridder, hear fan La Tour, luitenant-kolonel fan it eilân, en David Coppins, luitenant fan in Nederlânske kompany, en Pitre van Zeun Hus, ek luitenant fan in kompany fan de hjirboppe neamde, dy't oan beide kanten it neifolgjende oerienkommen binne:
• dat de Frânsen bliuwe sille yn dat diel dêr’t sy no fêstige binne, en dat sy it hiele part (eigens de side) bewenje sille dat rjochte is nei Anguilla;
• dat de Nederlanners it diel by it fort krije, mei it lân deromhinne oan de súdlike kust;
• dat de Frânsen en Nederlanners dy't op it neamde eilân fêstige binne, as freonen en bûnsmaten libje sille, en dat, yn gefal dat ien fan beide partijen de oare kwea docht, dit sjoen wurde sil as in skeining fan dit ferdrach en dêrom straft wurde sil neffens de wetten fan de oarloch;
• dat, as in Frânsman of Nederlanner skuldich is oan in misdied, in skeining fan dit ferdrach, ûngehoorzaamheid oan syn oerhearren, of hokker oare fergryp ek, en him weromlûkt yn it gebiet fan de oare naasje, de partijen fan dit ferdrach ferplichte binne sa’n persoan fêst te setten yn harren gebiet en him oer te jaan oan syn gûverneur, by de earste oanfraach dêrfan;
• dat de jacht, de fiskerij, de sâtpannen, de rivieren, de marren, it swiet wetter, it ferfhout, de minen en mineralen, de havens en ankerplakken, en oare foarsjenningen fan it neamde eilân mienskiplik wêze sille, en tsjinje om te foarsjen yn de behoeften fan de ynwenners;
• dat it Frânske persoanen dy't op dit stuit by de Nederlanners wenje, tastien wêze sil har by de Frânsen oan te sluten, as sy dat wolle, en har guod, iten, jild en oare saken mei te nimmen, salang’t sy harren skulden betelle hawwe of genôch sekuriteit steld hawwe; en dat de Nederlanners op deselde wize en ûnder deselde betingsten itselde dwaan meie;
• dat, as fijannen ien diel of it oare oanfalle, de partijen fan dit ferdrach ferplichte binne elkoar help en bystân te jaan;
• dat de grinslizzing en ferdieling fan it neamde eilân tusken de beide naasjes oerjûn wurde sil oan de generaal fan de Frânsen en de gûverneur fan Sint Eustatius, en oan de ôffurdigen dy't stjoerd wurde om de plakken te besjen; en dat, nei’t harren ferslach útbrocht is, sy de kwartieren ôfgrinzgje sille en fierder gean neffens de hjirboppe fêstleine wize;
• dat alle oanspraken dy’t de iene partij tsjin de oare hawwe kin, oerjûn wurde sille oan de kening fan Frankryk en de hearen fan syn Ried, en oan de Prins fan Oranje en de Steaten fan Hollân. Gjin fan beide partijen mei fêstings oanlizze sûnder dit ferdrach te skeinen en sûnder de oare partij te kompensearjen[4].
Jûn op de hjirboppe neamde dei, op de berch mei de neamde des Accords (Concordia) fan it sein eilân, en ûndertekene troch de sein hearen, yn it oanwêzich wêzen fan Bernard de la Fond, Riddder en Heare fan Esperance, Luitenant fan in Frânske Kompanjy op St. Christophe.[4]