Springe nei ynhâld

Ferburgen kristlike lokaasjes yn de regio Nagasaki

Ut Wikipedy
Ferburgen kristlike lokaasjes yn de regio Nagasaki
UNESCO-wrâlderfgoed
lânflagge fan Japan Japan
plakNagasaki en Kumamoto
UNESCO folchnûmer1495
kriteariaiii
ynskriuwing2018 (42e sessy)
gebiet5.566,55 ha
buffersône12.252,52 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

Die Ferburgen kristlike lokaasjes yn 'e regio Nagasaki binne in groep fan tolve plakken yn 'e Japanske prefektueren Nagasaki en Kumamoto, dy't ferbân hâlde mei de skiednis fan it kristendom yn Japan. De tsjerken fan Nagasaki binne unyk yn 'e sin dat eltse tsjerke in ferhaal fertelt oer de weroplibbing fan it kristendom nei in lange tiid fan ûnderdrukking.

It giet by it wrâlderfgoed om tsien doarpen of eilannen, in ruïne fan in kastiel en in katedraal.

Yn 1549 kaam de jezuyt Fransiskus Ksavearius nei Japan en bleau dêr twa jier. Yn 'e desinnia dêrnei krige it kristendom in soad oanhing, benammen yn it súdwesten (Kyūshū, Nagasaki-regio). Om 1600 hinne wiene der al hûnderttûzenen kristenen.

De shoguns fan it Tokugawa-bewâld waarden lykwols erchtinkend. Hja seagen it kristendom net allinnich as in religy, mar ek as in mooglik middel foar Europeeske koloniale ynfloed. Yn 1614 waard it kristendom ferbean. Kristenen waarden twongen harren leauwe ôf te swarren. Wa't wegere, waard martele of eksekutearre. Om kristenen op te spoaren waarden testen brûkt, lykas it wâdzjen op kristlike symboalen. Dêrfoar brûkten se fumi-e, meastentiids in ôfbyld of reliëf fan Kristus of Marije. Troch der op te traapjen koene minsken bewize dat hja gjin kristen wiene.

Tusken 1614 en 1853 moast it kristendom yn Japan ûndergrûnsk bliuwe. De saneamde Kakure Kirishitan (ferburgen kristenen) holden harren leauwen yn it geheim libben troch rituelen foar de bûtenwrâld te fermingen mei lokale tradysjes en troch oerlevering yn famyljes. By guon mienskippen waard Marije bygelyks identifisearre mei de boeddhistyske figuer Kannon, de Japanske namme voor Guanyin, de goadinne fan treast en genede. Sa koene de ferburgen kristenen har yn it iepenbier oanbidde sûnder fuort op te fallen.

Yn 1853 waard Japan foar de bûtenwrâld troch de Amerikaanske commodore Matthew Calbraith Perry iepene en yn 1873 waard it ferbod op it kristlike leauwe offisjeel opheft. Doe die bliken dat der noch altyd mienskippen wiene, dy't nei mear as twa iuwen noch jimmeroan in foarm fan it kristendom praktisearren. Dat makke grutte yndruk, ek bûten Japan.

De plakken dy't no UNESCO-wrâlderfgoed binne litte sjen hoe't dy mienskippen it leauwe al dy tiid yn stilte bewarre hawwe.

Ofbyld objekt beskriuwing
kastielruine Hara (argeologyske plakken).

32°37'N 130°15'E

Yn 1637 kaam it folk fan Shimabara yn opstân tsjin it Tokugawa-bewâld. De oarsaak wie in te swier belestingbelied, mar om't de opstân foar in grut part droegen waard troch ûnderdrukte, kristlike boeren, krige de opstân ek religieuze trekken. Tûzenen kristenen, manlju, froulju en bern, sammele harren yn it Hara-kastiel en makken dêr in fêsting tsjin de troepen fan it Tokugawa-shogunaat. Nei in belis fan goed trije moannen waard de fêsting yn 1638 ynnommen. Alle ferdigeners – likernôch 37.000 minsken – waarden deade. De shogun brûkte de opstân as bewiis dat it kristendom in gefaar wie foar de steatsstabiliteit. Dêrom waard it ferbod op it kristendom noch stranger hanthavene en Japan gie in perioade yn fan sa’n 220 jier strikte isolaasje.
It doarp Kasuga en de berch Yasumandake op it eilân Hirado.

33°20'N 129°27'E

Yn it doarp Kasuga binne katolike grêven fûn út de begjintiid fan 'e kristlike missy yn Japan. Yn in pear hûzen fan it doarp waarden kristlike foarwurpen bewarre. De berch Yasumandake wie al foar it kristendom yntrodusearre waard in plak mei in religieuze betsjutting foar sjintoïsten en boeddhisten. De ferburgen kristenen kamen dêr temûk byinoar foar gebed en fierden dêr harren rituelen út. Ek hiene se dêr in gefoel tichter by God te wêzen. Sa like it dat se gewoan de tradisjonele hillige berch kamen te ferearjen, mar yn werklikheid brûkten se de berch foar harren eigen leauwen.
It eilân Nakaenoshima.

33°22'N 129°27'E

Yn 'e 17e iuw brûkten de autoriteiten it eilân tusken Hirado en Ikitsuki om kristenen om te bringen. It eilân lei ôfhandich en wie ûnbewenne, dus wat dêr barde koe stilholden wurde en sa koene se dêr op grutte skaal eksekúsjes útfiere. Benammen kristenen út Hirado en omkriten waarden dêr hinne brocht. Guon waarden ferdronken, oaren ûnthalze en wer oaren op in oare wize ombrocht. Foar de oerlibjende ferburgen kristenen wie it eilân dêrom in plak fan martlerskip, mar ek in begraafplak dêr't yn stilte en ûnopfallend kristlike deaden begroeven waarden. Ferburgen kristenen gyngen ek yn it geheim nei it eilân om wetter te heljen, dat se brûkten foar it doopjen fan bern of oare kristlike rituelen.

32°18'N 130°1'E

It doarp Sakitsu op it eilân Shimoshima yn Amakusa. Yn it fiskersdoarp Sakitsu ferearden de ferburgen kristenen de tradisjonele goaden Daikoku (god fan 'e rykdom) en de fiskersgod Ebisu om de eigen God te ferearjen. De Haliotis-moksels stiene as symboal fan 'e Jongfaam Marije. It neamen wurdich is fral it hûs fan 'e lieder fan 'e kristlike gemeente (mizukata) en it hûs fan 'e boargemaster, wêryn't persoanen dy't fertocht waarden kristen te wêzen op kristlike symboalen traapje moasten om sa te bewizen dat hja gjin kristen (mear) wiene. By it doarp is de Shinto-skryn Sakitsusuwa. Kristenen út it doarp Sakitsu brûkten dy skryn yn 'e ferfolgingstiid as plak fan gebed.
It doarp Shitsu yn Sotome.

32°50'N 129°42'E

Yn dit doarp slaggen de Japanske katoliken der yn om yn meardere hûzen kristlike religieuze foarwurpen ferside te stoppen. Ofsnien fan 'e wrâldtsjerke folgen se de liturgyske kalinder en joegen se de katechismus troch. Guon kristenen makken saken dy't der boeddhistysk of sjintoïstysk útseagen, mar dy't yn harren eigen betsjuttingswrâld kristlik wiene. Sa waarden bylden fan de genedegoadinne Kannon brûkt as ferfanger foar Marije. Krusen waarden ferburgen as houten stokken. Nei de ein fan 'e ferfolging sletten de measten harren by de katolike parochy oan. Yn 1882 waard dêr de tsjerke fan Shitsu boud troch de Frânske

misjonaris Bernard Petitjean, ien fan 'e pioniers fan 'e katolike weroplibbing yn Nagasaki.

It doarp Ono yn Sotome.

32°51'N 129°41'E

Ek yn dit doarp oerlibben de Japanske kristenen troch harren foar sjintoïsten of boeddisten foar te dwaan. Hja ferearen de wenstige Shinto-skrinen, dêr't hja harren eigen kristlike ôfbylden delsetten om foar te bidden. De tsjerke mei de opfallende arsjitektuer ûntstie nei de ferfolging.
De doarpen op it eilân Kuroshima.

33°8'N 129°32'E

Op dat eilân stiften de Japanske kristenen nije delsettings yn it oant dan ûnbewenne gebiet. De troch de kristenen oanmakke greiden binne yn it lânskip werom te kennen. De ferburgen kristenen brûkten de Kozenji-timpel om in (net bewarre) byld fan Marije op te stellen. Yn guon gefallen barde dat faaks sûnder direkte kennis fan de boeddistyske preesters, mar der binne ek foarfallen bekend dêr’t boeddhyske priesters bewust net yntervenearren en it stilswijend talieten. Foar dat hja dêr in eigen tsjerke bouden, troffen de kristenen fan Kuroshima inoar dêr yn it hûs fan harren boargemaster (mizukata) om dêr te bidden. De neoromaanske tsjerke waard yn 1902 foltôge.
Ruïnes fan doarpen op it eilân Nozaki.

33°11'N 129°07'E

Op it bercheftige eilân, dat troch sjintoïsten hillich beskôge wurdt, setten ferburgen kristenen fan it eilân Sotome harren yn 'e 19e iuw nei wenjen. Nei bûten ta dienen hja as hja sjintoïsten wienen. Yn it lânskip is it yn terassen oanleinde kultuerlân werom te kennen út de tiid fan 'e kristlike delsettings.
De doarpen op it eilân Kashiragashima.

33°0'N 129°58.09'E

Op dat nochal efterút lizzende eilân waarden tradisjoneel minsken mei besmetlike syktes isolearre. Dêrom wie it ek geskikt foar de ferfolge Japanske kristenen. It neamen wurdich is it kristlike begraafplak en in grêf fan in boeddhist, dy't de kristlike kolonisaasje op it eilân organisearre en ûnderstipe.
Doarpen op it eilân Hisaka

32°47'N 128°52'E

Hjir wennen kristenen en boeddhisten yn ferskillende doarpen. Hja wurken hja tegearre yn 'e fiskerij en lânbou. De rysfjilden binne noch oanwêzich en it doarp Rokuroba docht noch tinken oan 'e fiskerij.
It doarp Egami op it eilân Naru.

32°51'N 128°54'E

Ek Egamy fertsjintwurdiget it hoekhâlden fan in lytse, isolearre mienskip dy't harren identiteit en leauwen troch mear as 200 jier ferfolging wisten te bewarjen. Guon dokuminten tsjûgje fan it bestean fan katolisisme op it eilân yn 'e iere 17e iuw en it is goed mooglik dat it dêr oan 'e ein fan 'e 16e iuw yntrodusearre waard. Nei it ferbod op it kristendom yn 1614 wie de ferfolging yn dy kriten sa slim, dat it like as op 'e Goto-eilannen gjin fan 'e kristlike mienskippen it oerlibbe hiene. Tusken de lette 18e oant de 19e iuw migrearren ferburgen kristenen stap foar stap fan Sotome nei it eilân Naru. Ferburgen kristenen stiften harren eigen doarpen, isolearre fan 'e besteande boeddhistyske doarpen, en leinen dêr rysfjilden oan. Wat it doarp Egami oanbelanget, wurdt der sein dat fjouwer húshâldings fan Sotome migrearren. Hja bleaune harren leauwen yn it geheim fieren en doe't it ferbod op it kristendom yn Japan opheft waard ferienigen de ferburgen kristenen har lykas harren foarâlders út de 16e iuw wer mei de Roomsk Katolike Tsjerke. Se brûkten de huzen fan harren religieuze lieders as tydlike tsjerken mar fral nei de rike fiskfangsten fan it jier 1918 waard it mooglik om in houten tjerke te bouwen.
De katedraal fan Oura (Basilyk fan 'e seisentwintich hillige Martlers)

32°44'N 129°52'E

De Ōura-katedraal waard yn 1864 troch Frânske misjonarissen boud, fuort neidat Japan wer foar in part iepensteld waard foar it Westen. De katedraal is wijd oan 'e 26 martlers fan Nagasaki, dy't yn 1597 fanwegen harren leauwen yn Nagasaki krusige waarden. Nei 220 jier fan isolaasje fûn hjir yn 1865 it earste kontakt tusken de Japanske kristenen en Frânske misjonarissen plak doe't in groep ferburgen kristenen nei pater Petitjean stapten en him tabetrouden dat hja kristenen wienen. De katedraal stiet hjoed-de-dei symboal foar de iuwenlange ûnderdrukking.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hidden Christian Sites in the Nagasaki Region fan Wikimedia Commons.