Fenus (planeet)

Ut Wikipedy
Fenus yn echte kleuren

De planeet Fenus (symboal: ♀), ek wol de Moarnsstjer, is fan de sinne ôf de twadde planeet fan ús sinnestelsel, tusken Merkurius en de Ierde yn.

Ofstannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fenus stiet likernôch 108.200.000 kilometer fan de sinne, dêr't er yn 225 dagen omhinne draait. De planeet hat in trochsnee fan 12.104 kilometer, en draait yn likernôch 243 dagen om syn as. De draairjochting is oarsom as by de measte oare planeten.

Heldere planeet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de "koarte" ôfstân, en de permaninte wite wolken dy in protte sinneljocht wjerkeatse, is Fenus de helderste planeet oan ús himel. Om't Fenus tichter by de sinne stiet, liket it fan de Ierde as stiet de planeet altyd yn 'e buert fan de sinne, komt er tagelyk mei de sinne op, en giet er tagelyk mei de sinne ûnder. Oerdeis is dat net te sjen, mar de planeet is sa helder dat dy yn de skimertiid faak eachswei sichtber is. Hjirtroch hat Fenus de nammen Moarnsstjer en Hjeljûnsstjer krigen.

Fenus en ierde de fergelyking

Matearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fenus hat in tichte atmosfear; foar it grutste part koalsoer mei wat stikstof, en fierders lytse bytsjes fan oare gassen. De planeet sels is út deselde materialen opboud as de Ierde, allinnich hat Fenus in gruttere izerkearn. Fierders wurdt oannaam dat Fenus gjin tektoanyske platen hat, mar dat it oerflak al feroaret, ûnder ynfloed fan fulkanen.

Baan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De baan fan Fenus leit binnen dy fan de Ierde, mar leit net yn itselde flak. Hjirtroch komt it maar twa kear yn de likernôch 136 jier foar, dat Fenus, sjoen fan de Ierde, foar de sinne lâns giet. Dy twa kear hawwe in tuskentiid fan 8 jier. De lêste kear, en de earste fan twa, wie op 8 juny 2004.

Moanne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1672 oant likernôch 1892 waard oannaam dat Fenus in moanne hie: Neith. Sûnt wurdt der oannaam dat Fenus net in moanne hat. Op it stuit hat de planeet al in sabeare satelyt, 2002 VE68. Om't dy net wier ynfongen is yn de swiertekrêft fan Fenus is dat lykwols net wier in moanne fan de planeet.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]