Springe nei ynhâld

Felisitas fan Rome

Ut Wikipedy
Felisitas fan Rome
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitRomeinsk
bertedatumûnbekend (2e iuw)
berteplakRome
stjerdatumom-ende-by 165 n.Kr.
stjerplakRome
hillichferklearring
hillich ferkl.Tradisjoneel (iere tsjerke)
fereare trochRoomsk-Katolike Tsjerke, Otterdokse Tsjerke
hjeldei23 novimber (10 july foar de sân soannen)
hillichdomKatakombe fan Felisitas, Rome
attributenSân soannen, swurd, palmptûke
patroan fanMemmen, widdo's, âlden dy't in bern ferlern hawwe, froulju dy't bern hawwe wolle

Felisitas fan Rome (stoarn om-ende-by 165 n.Kr.) wie in kristlike martelares, dy't yn 'e 2e iuw yn Rome libbe. Hja wurdt yn ferskate kristlike tradysjes as hillige fereare.

Libben en Leginde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de oerlevering wie Felisitas in rike widdo dy't bekend stie om har frommens. Under it bewâld fan keizer Markus Aurelius waard se tegearre mei har sân soannen — Januarius, Feliks, Filippus, Aleksander, Fitalis, Martialis en Silvanus — arrestearre.

De prefekt fan Rome, Publius, besocht har te twingen om te offerjen oan 'e Romeinske goaden, mar Felisitas wegere en moast tasjen hoe't har soannen ien foar ien eksekutearre waarden:

  • Januarius waard deaslein mei leaden giselpeallen.
  • Feliks en Filippus waarden mei kneppels deaslein.
  • Silvanus waard fan in klif mitere.
  • Aleksander, Fitalis en Martsialis waarden ûnthalze.

(De wize wêrop't se ombrocht waarden ferskilt per boarne).

Na eltse moard waard oan Felisitas frege as hja har leauwe ôfswarre woe. Lang om let waard Felisitas fjouwer moannen nei har bern sels ek ombrocht.

Guon histoarisy wize op 'e sterke oerienkomsten tusken it ferhaal fan Felisitas en dat fan de Joadske Makkabeeske mem út it bibelboek 2 Makkabeeërs. Der wurdt dêrom wol tocht dat it ferhaal fan Felisitas in kristlike "modernisearring" is fan dat âldere marteldersferhaal om it kristendom yn Rome te fersterkjen.

Ferearing en Kultus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Felisitas is de beskermhillige fan memmen en widdo's, benammen foar dyjingen dy't in bern ferlern hawwe. Yn Fryslân en Grinslân wie de ferearing ek bekend; sa wie de tsjerke fan it kleaster yn Thesinge wijd oan Felisitas en har sân soannen.

  • 23 novimber (Felisitas sels) en 10 july (de sân soannen).

As attribút wurdt faak in swurd, palmptûke of sân lytse figuerkes of kopkes oan in foarstelling fan Felisitas tafoege.

Histoaryske Boarnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Depositio Martyrum (354 n.Kr.): neamt de sân martlers op 10 july, mar neamt Felisitas noch net as harren mem.
  • Homiliae super Evangelia: paus Gregoarius de Grutte (6e iuw) ferwiist yn syn preken nei it hâlden en dragen fan Felisitas en beskriuwt har as in "achtfâldige martelares".
  • Martyrologium Hieronymianum: in iere list fan hilligen dêr't har namme en dy fan har soannen yn foarkomme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: