Swartpoatkat
| swartpoatkat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Felis nigripes | ||||||||||||
| Burchell, 1824 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swartpoatkat (wittenskiplike namme: Felis nigripes) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar yn Súdlik Afrika, mar oars as dat de namme fermoedzje lit, binne inkeld de soallen fan syn poaten swart. It is de lytste fan alle kateftigen. De swartpoatkat is in solitêr libjend, karnivoar nachtdier, dat tige skou is en in tebeklutsen bestean liedt. Om't er it foar de moade hat om beskûl te sykjen yn termitenêsten en om't er, as er yn it nau dreaun wurdt, fan him ôfbite kin mei in agresje dy't folslein bûtenproporsjoneel is yn ferhâlding ta syn lichemsgrutte, wurdt dit bist yn it Afrikaansk wol in miershooptier neamd, in "eameldersnêst-tiger". De IUCN klassifisearret de swartpoatkat as gefoelich, wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartpoatkat waard yn 1824 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske ûntdekkingsreizger William John Burchell. Dyselde basearre him foar syn beskriuwing op ferskate spesimina dy't er sketten hie by Dithakong yn wat no Súd-Afrika is. Yn 't earstoan bestie der in beskate twifel oer wêr't de swartpoatkat krekt yndield wurde moast yn 'e ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae), mar doe't de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock yn 1951 de spesimina fan kateftigen oan in nij ûndersyk ûnderwurp, dy't yn it besit wiene fan it Natoerhistoarysk Museum, Londen, befêstige er dat de swartpoatkat wol deeglik yn it skaai fan 'e wylde katten thúsheart.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op basis fan ûndersyk nei it nukleêr DNA fan 'e bisten ornearje saakkundigen dat de swartpoatkat him omtrint 4,4–2,2 miljoen jier lyn genetysk ôfspjalten hat fan 'e lêste mienskiplike foarâlder fan alle soarten wylde katten (Felis). Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten pleatst dy ôfspjalting tusken 6,5 miljoen en 1,0 miljoen jier lyn. Beide modellen binne it deroer iens dat de moeraskat (Felis chaus) de earste soarte wie dy't him ôfspjalte, folge troch de swartpoatkat.

Opmerklik is dat der anno 2010 noch altyd gjin inkeld fossyl fan 'e swartpoatkat fûn wie. Dat hat laat ta spekulaasjes dat dit bist him mooglik net yn syn hjoeddeistige ferspriedingsgebiet ûntwikkele hat, mar yn it Pleistoseen (2.580.000–11.700 jier lyn) earnewêr oars wei nei Súdlik Afrika migrearre is. Sa'n migraasje soe skewiele wêze kinne troch iistiden, dy't foar langere perioaden soargen mei in folle leger seenivo (en dus mear lânrûtes tusken Aazje en Afrika) as tsjintwurdich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartpoatkat is endemysk yn Súdlik Afrika, dêr't dit bist foarkomt yn hast hiel Botswana (útsein de noardlike grinskrite), de eastlike helte fan Namybje, de súdeastlike grinsstreek fan Angoala, de súdlike en westlike grinskriten fan Simbabwe en it meastepart fan Súd-Afrika. Yn dat lêste lân ûntbrekt de swartpoatkat yn it uterste easten fan 'e Transfaal, oan 'e mûning fan 'e Oranjerivier en oan 'e súdkust fan 'e provinsjes West-Kaap en East-Kaap. Fierders mist de swartpoatkat ek yn in grutter gebiet oan 'e súdeastkust fan Súd-Afrika, mei't it ferspriedingsgebiet yn 'e Oranje Frijsteat net fierder komt as it foarlân fan it Malutiberchtme en yn KwaZulu-Natal stykjen bliuwt efter it Drakensberchtme.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartpoatkat is de lytste fan alle kateftigen. Boarren hawwe in kop-romplingte fan 42,5–50,0 sm, mei in sturtlingte fan 15–20 sm en in gewicht fan 1,6–2,5 kg. Troch seksuele dimorfy binne poezen lytser en lichter; sy hawwe in kop-romplingte fan 33,7–36,8 sm, mei in sturtlingte fan 15,7–17,0 sm en in gewicht fan 1,1–1,7 kg. By beide geslachten bedraacht de skofthichte minder as 25 sm. De plasse is rûn mei in koarte snút en gruttere eariepenings as by de measte kateftigen. De útwindige earen binn lyts, mei in trijehoekige foarm en dúdlike earpunten. De earlingte bedraacht by boarren 4,6–5,7 sm en by poezen 4,5–5,0 sm.
De pels fan 'e swartpoatkat is min ofte mear bêzje op 'e siden, mar skaait nei de boppeste lichemsdielen ta (kop, nekke en rêch) mear út nei goud of ljochtbrún, wylst de ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, hals, boarst, bealch, de binnenkant fan 'e poaten en de ûnderkant fan 'e sturt) krêmkleurich oant witich binne. Oer dy grûnkleur hinne leit in patroan fan lyse, mar sterk kontrastearjende swarte spikkels, dy't op 'e bûtenkant fan 'e poaten, yn 'e nekke en op 'e rêch oergeane yn horizontale streekjes. De snorhierren binne wyt, en datselde jildt foar it hier yn 'e earen. Nettsjinsteande de namme fan dit bist binne inkeld de soallen fan 'e poaten swart.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartpoatkatten binne bewenners fan iepen, drûge savannes en steppes mei opgeande fegetaasje lykas lang gers, en teffens mei fersille boskjeguod begroeide healwoastinen lykas de Kalahari yn Botswana en Namybje en de Karoo yn Súd-Afrika. De delslachhoemannichten yn 'e kontreien dêr't de swartpoatkat foarkomt, bedrage 100–500 mm yn 't jier. Yn it Drakensberchtme binne swartpoatkatten waarnommen oant in hichte fan 2.000 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartpoatkat is in nachtdier dat mar komselden oerdeis waar te nimmen is. Hy libbet ornaris in solitêr bestean en lûkt him by deiljocht werom yn in skûlplak om te rêsten. Sa'n skûlplak bestiet faak út in iepenbrutsen termiteheuvel, mar it kin ek in troch opgeande fegetaasje beskut dobke yn 'e grûn wêze of de ferlitten ûndergrûnske hoale fan in springhazze (Pedetes capensis), in ierdbaarch (Orycteropus afer) of in Kaapske kjifstikelbaarch (Hystrix africaeaustralis). Hoewol't swartpoatkatten sels gjin folslein nije hoalen meitsje, grave se der omraak op los om 'e ferlitten hoalen fan oare bisten oan har winsken oan te passen.
Pas nei sinne-ûndergong komt de swartpoatkat foar 't ljocht om op jacht te gean. It is in tige skou bist, en by de minste of geringste fersteuring naait er út. As er yn it nau dreaun wurdt, kin er lykwols út 'e hoeke komme mei in agresje dy't folslein bûtenproporsjoneel is yn ferhâlding ta syn lichemsgrutte. Yn 'e Súdafrikaanske Karoo stiet dit bist dêrom (en om syn gewoante om him yn termiteheuvels te ferskûljen) regionaal bekend ûnder de Afrikaanske namme miershooptier, dat letterlik "eameldersnêst-tiger" betsjut. Der bestiet mank de San, de lânseigen befolking fan 'e Kalahari, in leginde wêryn't in swartpoatkat in sjiraffe deadet troch dy de halsslachier troch te biten. Dat is fansels in oerdriuwing, mar it is tekenjend foar de reputaasje fan fûleindichheid dy't dit bist hat.

Oars as de measte lytse katten is de swartpoatkat gjin bejeftige klimmer, mei't syn gnobske lichem en syn relatyf koarte sturt har dêr nei alle gedachten net bot ta liene. Nettsjinsteande dat waard yn 2013 in eksimplaar fotografearre dat lei te rêsten yn 'e legere tûken fan in kamieltoarnbeam (Vachellia erioloba).
Territorialiteit en kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartpoatkatten binne territoriaal. Poezen hawwe yn trochsneed in territoarium mei in oerflak fan 6,2–15,5 km², wylst it territoarium fan in boarre 19,4–23,6 km² bedraacht. De territoaria fan eksimplaren fan itselde geslacht oerlaapje inoar net, mar it territoarium fan in boarre kin dat fan wol fjouwer poezen oerlaapje. Maartske poezen advertearje harren tastân troch rookflaggen fan urine efter te litten. Der is waarnommen hoe't se dat wol 41 kear diene oer in ôfstân fan mar 685 m. Oare foarmen fan rookflaggen binne it by objekten lâns wriuwen mei snút en hals, it yn 'e grûn of yn hout omklauwen, of it ûnbedobbe efterlitten fan dong.
De rop fan 'e swartpoatkat is lûder as dy fan oare lytse katten, nei't men oannimme mei sadat dit bist him foar soartgenoaten oer gruttere ôfstannen fersteanber meitsje kin. Wannear't twa yndividuën deun byinoar binne, wurdt lykwols gebrûk makke fan sêftere foarmen fan kommunikaasje, lykas spinnen en 'goarreljen' as neieroankommen wolkom is, en blazen en grânzgjen wannear't dat net sa is.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De peartiid falt foar de swartpoatkat fan augustus oant en mei jannewaris. Dêrby is de poes per kear likernôch 36 oeren efterinoar maartsk, mar net mear as 5–10 oeren ek wurklik ree om te pearjen. Dat betsjut dat in boarre sokke maartske wyfkes fluch opspoare moat. As der mear as ien boarre op in maartske poes ôfkomme, rint dat faak út op fjochtsjen. Wannear't in boarre tagong ta de poes krigen hat, wurdt der sa lang as se dêrfoar ûntfanklik is eltse 20–50 minuten peare. Nei't de maartskens oer is, giet de boarre syn wegen wer en hat dan fierders neat mear mei it fuortplantingsproses te krijen.

Nei in draachtiid fan 63–68 dagen smyt de poes dan yn 'e súdlike simmer tusken oktober en maart 1–2 nêsten fan ornaris 1–2 jongen, hoewol't it tal jongen yn ien smeet yn útsûnderlike gefallen oprinne kin ta 4. Yn finzenskip ferhúzje swartpoatpoezen har jongen eltse 6–10 dagen nei in nij skûlplak, folle faker as oare lytse katten. De jongkatsjes komme blyn en helpleas te wrâld, en binne foar oerlibjen folslein ôfhinklik fan 'e mem, al kinne se in pear oeren nei de berte al krûpe.
De eachjes geane mei 3–10 dagen iepen, en de molktoskjes brekke mei likernôch 20 dagen troch. Mei 14 dagen kinne se rinne, en mei 20 dagen ek klimme. Mei 45 dagen kinne se hurd drave en ferlitte se gauris har skûlplak. Mei likernôch 30 dagen kinne se fêst iten frette, en mei 60 dagen wurde se ôfwûn. De fêste tosken groeie mei 148–158 dagen yn. Swartpoatpoezen binne al geslachtsryp mei 7 moannen, mar by swartpoatboarren duorret dat oant 9 moannen. De libbensferwachting fan in swartpoatkat bedraacht maksimaal 15 jier en 3 moannen.
Jeien en fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartpoatkatten jeie nachts, likefolle hokker waar it is. It kin 35 °C wêze of –15 °C, mar de jacht giet troch. De swartpoatkat hat trije ûnderskate jachtstrategyen: syn oanwêzigens jaget in proai op 'e flecht en hy set de efterfolging yn, wêrby't er de proai fan efteren ynhellet en bespringt; hy wurdt in proai gewaar dy't him noch net fan 'e oanwêzigens fan in rôfdier bewust is, beslûpt dy proai fan efteren en springt him ûnferhoeds op 'e hûd; of hy giet yn in ferdutsen opstelling lizzen te wachtsjen oant in proai sûnder euvelmoed foarby komt, dy't der dan fan efteren bespringt.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omreden fan syn lytse lichemsgrutte, binne de measte proaien fan 'e swartpoatkat ek net botte grut. It giet benammen om kjifdieren en lytse fûgels, mar ek de Kaapske hazze (Lepus capensis), mei in kop-romplingte fan 50–55 sm en in gewicht fan 11/2–21/2 kg, stiet op it menu. Yn 1972 waard ris waarnommen hoe't in swartpoatboarre in koartlyn te wrâld kommen, op 'e grûn mank strewelleguod ferskûle lizzend kealtsje fan 'e springbok (Antidorcas marsupialis) besprong, mar doe't it keal oerein kaam, besefte de kat blykber dat er him op dy proai fersjoen hie, en joech er it oer.
By de jacht op fûgels kin de swartpoatkat oant in hichte fan 1,4 m rjocht omheech of oant in ôfstân fan 2 m skean foarút en omheech springe. Fûgels dy't op dy manear fongen wurde, binne û.o. de klapperljurk (Mirafra apiata), de tsjirpljurk (Chersomanes albofasciata) en de Botswanatrap (Afrotis afraoides). Swartpoatkatten frette ek ynsekten lykas termiten, sprinkhoannen en motflinters, dy't likernôch 2% fan harren dieet útmeitsje.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne net in protte rôfdieren dy't efter in swartpoatkat oan geane. Foar de gruttere bisten, lykas de liuw (Panthera leo), is er te lyts, en foar lytsere rôfdieren is er te agressyf. Jongkatsjes binne wol tige kwetsber foar oare rôfdieren, lykas de sealjakhals (Lupulella mesomelas), de ierdwolf (Proteles cristatus), de karakal (Caracal caracal) en ferskate soarten ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartpoatkat hat de IUCN-status fan "gefoelich", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is (de oare beide binne "bedrige" en "krityk bedrige"). Dit bist hat te lijen ûnder rôfdierbestriding troch feehâlders wêrby't metoaden ynset wurde dy't gjin ûnderskie meitsje, lykas iesfergiftiging en beareklammen, mar ek fan habitatferneatiging troch oerbeweiding, de ôfnimmende populaasje fan 'e springhazze (Pedetes capensis) en sykten. Ferskate swartpoatkatten binne ek deabiten troch jachthûnen. De swartpoatkat is opnommen yn Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e neamde bisten.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Súdafrikaanske mammalooch Guy C. Shortridge beskreau yn 1931 in swartpoatkat út Grikwalân-West mei in pels dy't dûnkerder fan kleur wie as dy fan 'e nominaat. Op basis fan dat gegeven stelde er foar dat "syn" swartpoatkat fan in oare ûndersoarte wêze moast, dy't er Felis nigripes thomasi neamde, nei de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. De jildigens fan dy ûndersoarte waard troch in protte oare saakkundigen yn 'e kiif steld, mei't der yn it ferspriedingsgebiet fan 'e swartpoatkat gjin geografyske barriêres (lykas brede rivieren of hege berchtmen) besteane dy't populaasjes yn dy mjitte faninoar isolearje kinne dat it liedt ta it ûntstean fan ferskillende ûndersoarten. Yn 2017 stelde de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) fêst dat der te min bewiis is foar de jildichheid fan F. n. thomasi en dat de swartpoatkat dêrom foar 't neist in monotypyske soarte is (d.w.s. in soarte sûnder ûndersoarten).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

