Kretinzyske wylde kat
| Kretinzyske wylde kat | ||||||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||||||
| ||||||||||||||||
| populaasje | ||||||||||||||||
| status: ûnbekend
| ||||||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||||
De Kretinzyske wylde kat is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar op it Grykske eilân Kreta, yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See. Syn taksonomyske status is op 't heden ûndúdlik, mei't it mank mammalogen in striidkwestje is. Party saakkundigen sjogge de Kretinzyske wylde kat as neat oars as in (eksoatyske) populaasje ferwyldere hûskatten, wylst oaren dit bist beskôgje as in geografysk isolearre populaasje fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris), en wer oaren miene dat it giet om in natuerlik foarkommende hybride fan 'e Jeropeeske wylde kat mei de hûskat (Felis catus). Foarhinne genoat de Kretinzyske wylde kat erkenning as in aparte ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat mei de wittenskiplike namme Felis silvestris cretensis.
Kontekst: histoaryske ekology fan Kreta
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kreta is al likernôch 6 miljoen jier isolearre fan it fêstelân fan Jeropa troch de Kretinzyske See, it súdlikste part fan 'e Egeyske See, dy't it eilân skiedt fan 'e Peloponnesos yn súdlik Grikelân. Paleöntologyske fynsten hawwe oantoand dat Kreta yn it Pleistoseen (2.580.000–11.700 jier lyn) kolonisearre waard troch beskate soarten sûchdieren dy't by steat wiene en berikt it eilân swimmendewei of driuwend op driuwtillen of wrakhout. De sûchdierlike fauna fan it eilân bestie doedestiden út kjifdieren en herbivoaren, mar fossilen fan rôfdieren binne net weromfûn.
De Pleistosene sûchdieren fan Kreta stoaren út foar it begjin fan it Holoseen (11.700 jier lyn). Yn 'e 1980-er jierren waarden mear as 9.000 dierlike bonken opdobbe op it argeologysk fynplak Kavousi Kastro, yn it eastlike part fan it eilân. Dy datearje út it Let-Geometryske tiidrek (likernôch de 8e iuw f.Kr., oftewol fan 2.800 oant 2.700 jier lyn). Tusken al dy bisteresten waard it subfossyl fan ien inkele lytse kateftige oantroffen, dy't identifisearre waard as in hûskat (Felis catus). Fragminten fan 'e resten fan in hûskat binne ek weromfûn yn it argeologyske fynplak te Gortyn, dat tebekgiet oant de 6e iuw (en dus 1.400 jier âld is).
Taksonomyske skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In spesimen fan 'e Kretinzyske wylde kat waard foar it earst yn 1906 wittenskiplik beskreaun troch de Welske paleöntologe Dorothea Bate. Sy joech it bist de wittenskiplike namme Felis ocreata agrius en klassifisearre it dêrmei as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica, syn. Felis ocreata). Dat waard bestriden troch de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock, dy't itselde spesimen yn 1907 bestudearre en fan miening wie dat it gie om in ferwyldere hûskat (Felis catus). De Amerikaanske soölooch Gerrit Smith Miller jr. joech itselde bist lykwols yn 1912 de status fan in selsstannige soarte mei de wittenskiplike namme Felis agrius, wylst syn Dútske kollega Ernst Schwarz it yn 1930 iens wie mei Bate. Pocock beseach it spesimen yn 1951 op 'e nij, mar kaam wer ta de konklúzje dat it in ferwyldere hûskat wie.
Yn 1953 beskreau de Dútske mammalooch Theodor Haltenorth in oar spesimen fan 'e Kretinzyske wylde kat, dat er as Felis silvestris cretensis yndielde as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). Dit twadde spesimen wie tagelyk mei it earste sammele. Neffens Haltenorth liek it kleurpatroan fan 'e pels sterk op dat fan in Afrikaanske wylde kat, mar hie it bist de plomsturt fan in Jeropeeske wylde kat. Lettere ûndersikers wiene it foar in diel mei Haltenorth iens, wylst party itselde spesimen yndielden as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat mei de wittenskiplike namme Felis lybica cretensis.
Yn 'e 1980-er jierren waarden alle beskikbere soölogyske spesimina fan katten fan Kreta en oare eilannen yn 'e Middellânske See troch de Australyske soölooch Colin Groves ûndersocht en opmetten. Syn konklúzje wie dat de beide spesimina fan Kretinzyske wylde katten ferskilden fan wiere Jeropeeske wylde katten. Dêrom beskôge hy se as ferwyldere hûskatten. Syn miening waard yn in taksonomysk oersjoch út 2017 akseptearre troch de op dit mêd gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN), ûnder it foarbehâld fan ôfwikende útkomsten fan takomstich ûndersyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

