Springe nei ynhâld

Afrikaanske wylde kat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Felis cafra)
Afrikaanske wylde kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarte
Felis lybica
Forster, 1780
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Afrikaanske wylde kat (wittenskiplike namme: Felis lybica, syn. Felis ocreata) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). De gongbere namme fan dit bist is eins misliedend, mei't it net inkeld foarkomt yn Afrika, mar ek yn grutte dielen fan Aazje. Afro-Aziatyske wylde kat soe derom in bettere oantsjutting wêze. De Afrikaanske wylde kat libbet yn in wiid ferskaat oan biotopen. It is in karnivoar nachtdier dat dreech waar te nimmen is en benammen jacht makket op kjifdieren en oare lytse sûchdieren, mar ek op lytse oant middelgrutte fûgels en op hagedissen. De IUCN klassifisearret de Afrikaanske wylde kat as net bedrige.

De Afrikaanske wylde kat waard foar it earst yn 1780 wittenskiplik beskreaun troch de Dútkse natoerûndersiker Georg Forster, dy't him dêrby basearre op in spesimen dat ôfkomstich wie út Gafsa oan 'e Barbarijske Kust fan 'e Noardafrikaanske Magreb-regio. Hy joech dat bist de wittenskiplike namme Felis lybica, wat letterlik "Libyske wylde kat" betsjut. Johann Friedrich Gmelin beskreau yn 1791 de Eastafrikaanske wylde kat (Felis ocreata) as in selsstannige soarte, en datselde die Anselme Gaëtan Desmarest yn 1822 mei de Súdafrikaanske wylde kat (Felis cafra). Yn 1921 waard troch Oldfield Thomas en Martin Hinton ek noch de Hausakat (Felis haussa) beskreaun, op basis fan in spesimen út it Aïrberchtme yn 'e sintrale Sahara fan wat no Niger is. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw die lykwols bliken dat Felis ocreata, F. cafra en F. haussa synonimen wiene foar Felis lybica.

Yllustraasje fan 'e plasse fan in Afrikaanske wylde kat..

Neffens ûndersyk nei it nukleêr DNA fan 'e bisten hat de tûke fan 'e kateftigen dêr't de Afrikaanske wylde kat ta heart, him likernôch 2,2 miljoen oant 890.000 jier lyn ôfspjalten fan 'e lêste mienskiplike foarâlder mei de oare tûken fan 'e famylje. Analyze fan it mitogondriaal DNA wiist derop dat dy ôfspjalting earne tusken 4,2 miljoen en 200.000 jier lyn plakfûn, wat betsjut dat beide modellen oerienkomme (wat net altyd sa is). Beide modellen jouwe fierders oan dat de moeraskat (Felis chaus) de earste moderne soarte wie dy't him troch in ôfwikende evolúsje ûntjoech binnen it skaai fan 'e wylde katten (Felis), folge troch de swartpoatkat (Felis nigripes) en de woastynkat (Felis margarita) en dêrnei de Afrikaanske wylde kat. Wat oerbleau fan it basale oerskaai wie de Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). Neffens ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fûn de ôfspjalting fan 'e Afrikaanske wylde kat fan 'e Jeropeeske wylde kat likernôch 173.000 jier lyn plak. It ûntstean fan 'e trije ûndersoarten fan 'e Afrikaanske wylde kat (sjoch § Undersoarten) barde sa'n 131.000 jier lyn.

Likernôch 10.000 jier lyn waarden yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten foar it earst guon Afrikaanske wylde katten domestisearre troch de minske. Op Syprus is in blykber domestisearre Afrikaanske wylde kat weromfûn yn in grêf yn 'e Neolityske delsetting Shillourokambos, njonken it skelet fan wat, nei't men oannimme mei, syn minsklike baaske wie. Dat is it ierste argeologyske bewiis fan 'e nauwe bân tusken kat en minske. Fan 'e achtste iuw f.Kr. ôf waard de Afrikaanske wylde kat ek domestisearre yn it Alde Egypte. Dy bisten waarden de foarâlden fan 'e hûskat (Felis catus), dy't dus nauwer besibbe is oan 'e Afrikaanske wylde kat as oan 'e Jeropeeske wylde kat. De fersprieding fan 'e hûskat oer de wrâld begûn yn 'e Aldheid yn it Middellânske-Seegebiet en berikte yn 'e fyfde iuw de kust fan 'e Eastsee.

In Afrikaanske wylde kat yn Súd-Afrika.

De Afrikaanske wylde kat komt foar yn hast hiel Afrika, wêrûnder hiel Súdlik Afrika, East-Afrika en de Hoarn fan Afrika, it uterste suden en it noardlike diel fan Sintraal-Afrika, it noarden fan West-Afrika, by de Nyldelling lâns nei de kust fan 'e Middellânske See yn noardlik Egypte en dêrwei yn in brede stripe by de kusten fan Noard-Afrika en de westlike Magreb lâns. Dit bist ûntbrekt lykwols yn 'e drûchste woastinen (lykas it meastepart fan 'e Sahara en de Namyb fan Namybje) en yn 'e djipste tropyske reinwâlden (lykas yn it suden fan West-Afrika en yn it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika).

Bûten Afrika komt de wat misliedend neamde Afrikaanske wylde kat yn it Midden-Easten ek foar yn 'e Levant en it suden fan Mesopotaamje. Dielen fan it Arabysk Skiereilân hearre allyksa ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist, wêrûnder de súdlike Hidjas, Asir, súdwestlik Jemen, de oäzes fan 'e eastlike Nêzjd en it berchlân fan it Mûsandemskiereilân oan 'e eastlike útein fan 'e Perzyske Golf yn Omaan en de Feriene Arabyske Emiraten. Fierder nei it easten rint de fersprieding fan 'e Afrikaanske wylde kat fan Iraan en it súdwesten fan Pakistan fia it grutste diel fan Sintraal-Aazje en Sinkiang-Oeigoerje troch nei sintraal Sina en it suden fan Mongoalje. Yn it uterste súdeasten is de fersprieding fragmintarysk yn sintraal en eastlik Afganistan, sintraal en súdeastlik Pakistan en westlik en sintraal Yndia.

De Sardynske wylde kat is mooglik in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat, mar it kin ek in populaasje ferwyldere hûskatten wêzen.

Mediterrane eilannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Middellânske See waarden de Korsikaanske wylde kat fan Korsika en de Sardynske wylde kat fan Sardynje lang as ûndersoarten fan 'e Afrikaanske wylde kat beskôge. Neffens it ynfloedrike soö-argeologysk ûndersyk dat de Frânske wittenskipper Jean-Denis Vigne yn 1992 op dy eilannen ferrjochte, soene dy bisten lykwols geografysk isolearre populaasjes ferwyldere hûskatten (Felis catus) wêze, dy't yn 'e Romeinske Tiid, yn 'e earste helte fan it earste milennium, op it eilân ynfierd wêze soene út it Heine Easten wei. Dy miening waard neitiid húsriem mank de measte soölogen. Mar in nij ûndersyk út jannewaris 2023 hie lykwols in hiele oare útkomst, en liek de eardere bân mei de Afrikaanske wylde kat krekt te befêstigen. De kwestje is anno 2025 noch net útiten en der moat noch fierder ûndersyk nei de beide eilânkatten dien wurde.

De wylde kat dy't foarkomt op Sisylje is beslist de Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). Yn it gefal fan 'e Kretinzyske wylde kat fan Kreta, dy't foarhinne ek wol as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat beskôge waard, giet it wierskynlik echt om in populaasje ferwyldere hûskatten.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afrikaanske wylde kat is in fraksje grutter as de hûskat (Felis catus). Der bestiet by dit bist in lichte mjitte fan seksuele dimorfy yn 'e sin dat de boarre in bytsje grutter fan stal en foarser boud is as de poes. Boarren fan 'e nominaat hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 47–59,7 sm, mei in sturtlingte fan 26,7–36,8 sm, wylst poezen in kop-romplingte fan 40,6–55,8 sm hawwe, mei in sturtlingte fan 24,1–33,7 sm. Dat ferskil yn grutte sjocht men lykwols net werom yn it gewicht: sawol de boarren as de poezen fan 'e Afrikaanske wylde kat weagje 3,2–4,5 kg. De earen binne trijehoekich en rinne út op in dúdlike punt, dêr't lytse eartûfkes op sitte.

De pels fan 'e Afrikaanske wylde kat hat op 'e boppeste dielen fan it lichem (kop, nekke, rêch, siden, sturt en de bûtenkant fan 'e poatten) in grûnkleur dy't omskreaun wurde kin as ljochtsânkleurich, soms mei in bleek giele of rodzige tint. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en de binnenkant fan 'e poaten) binne folle ljochter, tsjin it wite oan of krêmkleurich. Dêroerhinne rint in patroan fan okerkleurige oant swarte streken, mei in tige ljochte streek oer de rêch dy't de wringe folget, en horizontale streken oer (of, oars besjoen, ringen om) de foar- en efterpoaten. Op 'e siden wurde de fertikale streken faak wei yn wat diskontinuë spikkels. De sturt hat nei de útein ta wol wer ringen en teffens in swarte punt. Oer it gesicht rinne ferskate streken: twa horizontaal oer it wang fan 'e binnenste eachhoeke nei de ûnderkaak, en in tinnerenien fan 'e binnenste eachhoeke by de noas lâns nei de bek ta.

De Afrikaanske wylde kat op in Azerbeidzjaanske postsegel út 1994.

De Afrikaanske wylde kat ûnderskiedt him fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) troch ûndúdliker of hielendal gjin streken op 'e siden en de skouders en in minder skerp definiëarre streek oer de wringe, en teffens troch in sturt dy't folle tinner liket trochdat der minder hier op groeit en trochdat dat hier minder útstiet. Ek binne de grutste eksimplaren fan 'e Jeropeeske wylde kat mei in kop-romplingte fan 44–67 sm oansjenlik grutter as de grutste Afrikaanske wylde katten fan 'e nominaat.

Afrikaanske wylde katten kinne har oanpasse oan in wiid ferskaat fan biotopen, fan woastyn en steppe oant savanne en tropysk reinwâld. Yn 'e woastyn komme se lykwols foar mei in folle lytsere populaasjetichtens, en yn 'e drûchste dielen fan 'e Sahara is de fersprieding fierhinne beheind ta rûgere kriten mei beskutting, lykas de Atlas yn sintraal Marokko, it Aïrberchtme yn westlik Niger en it Ahaggarmassyf yn it suden fan Algerije. Ek yn it djipste tropysk reinwâld, lykas it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika, ûntbrekt de Afrikaanske wylde kat.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afrikaanske wylde kat is in nachtdier, dat omreden fan syn skouwens mar komselden opmurken wurdt yn 'e gebieten dêr't er foarkomt. By deiljocht ferberget er him ornaris middenmank strewelleguod om te rêsten, hoewol't er bytiden, as it bewolke is, ek wol oerdeis foar 't ljocht komt om op jacht te gean. It jeien giet benammen op it gehoar, dat by de Afrikaanske wylde kat tige goed ûntwikkele is. Hy fangt in proai troch dy te beslûpen, wêrby't er mei ûneinich geduld, hiel stadich en leech op 'e bealch foarút krûpt en plantegroei brûkt om syn neieroankommen te dekken. Dat giet krekt sa lang troch oant er ticht genôch by syn proai kommen is om dy mei in hommelse sprong te gripen.

In Afrikaanske wylde kat fan it Arabysk Skiereilân yn 'e dieretún fan it Tsjechyske Olomouc.

Afrikaanske wylde katten libje in solitêr bestean, dat inkeld yn 'e peartiid ûnderbrutsen wurdt troch kontakt mei soartgenoaten fan it tsjinstelde geslacht. Sawol de boarren as de poezen fêstigje territoaria, wêrby't it territoarium fan ien boarre de territoaria fan wol trije ûnderskate poezen oerlaapje kin. De territoaria fan bisten fan itselde geslacht oerlaapje inoar net. As in Afrikaanske wylde kat in soartgenoat fan itselde geslacht treft, of as er troch in oar bist fersteurd wurdt dêr't er net daliks foar hoecht út te naaien, set er al syn hier oerein om himsels sa grut mooglik lykje te litten en sa de rivaal of de fijân te yntimidearjen.

De peartiid falt foar de Afrikaanske wylde kat foar it meastepart yn 'e reintiid. Wannear't de reintiid krekt falt, ferskilt frijwat nei regio yn it grutte ferspriedingsgebiet. Nei de pearing hat de boarre fierders neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret 56–60 dagen, wêrnei't de poes op in beskut plak befalt fan 1–3 jongen mei útsjitters oant 5 jongen. It plak fan 'e berte kin in ferburgen skûle mank ticht gers wêze, mar ek in ûndergrûnske hoale (almeast oernommen fan 'e oarspronklike eigner) of in beamholte. De jongen komme blyn en helpleas te wrâld en binne yn 't earstoan folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem. De eachjes geane iepen mei 10–14 dagen, en mei likernôch 30 dagen binne de jongkatsjes mobyl en kinne se de skûle ferlitte. Mei in fearnsjier wurde se ôfwûn en begjinne jachttechniken te learen. As se in healjier âld binne, ferlitte se de mem om har eigen wegen te gean.

De Afrikaanske wylde kat is in karnivoar dy't in ferskaat oan lyts dierte bejaget en fret. De sekuere gearstalling fan it menu ferskilt nei regio yn it grutte ferspriedingsgebiet. Yn West-Afrika frieten Afrikaanske wylde katten dy't dêr by in ûndersyk folge waarden benammen kjifdieren, lykas ferskate soarten rotten, mûzen en gerbils. Fierders stiene ek hazze-eftigen op it menu, lytse oant middelgrutte fûgels, wêrûnder frankolinen, en teffens hagedissen en wringeleazen. Yn Súdlik Afrika is waarnommen hoe't de Afrikaanske wylde kat ek de kealtsjes bejaget fan lytse antilopen, lykas dûkers, en fierders de lammen fan (domestisearre) skiep en geiten.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Afrikaanske wylde kat binne gruttere rôfdieren, lykas de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus), de bûnte hyena (Crocuta crocuta) en de hyenahûn (Lycaon pictus). De jongen binne yn 't earstoan kwetsber foar in ferskaat oan lytsere rôfdieren, wêrûnder martereftigen, rôffûgels en ûlen.

De fersprieding fan 'e ûnderskate ûndersoarten fan 'e Afrikaanske wylde kat:
     de gewoane Afrikaanske wylde kat (F. l. lybica)
     de Aziatyske wylde kat (F. l. ornata)
     de súdlike Afrikaanske wylde kat (F. l. cafra)
     de Korsikaanske wylde kat (F. l. reyi)
     de Sardynske wylde kat (F. l. sarda)

De Afrikaanske wylde kat hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat is dit bist opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. In bedriging foar it fuortbestean fan 'e soarte is genetyske fersmoarging troch natuerlik foarkommende krusings mei ferwyldere hûskatten. Oan 'e pluskant is yn 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren ûntdutsen dat in poes fan 'e hûskat as surrogaatmem tsjinje kin en sûnder swierrichheden de ymplantearre embryo's fan in Afrikaanske wylde kat foldrage en te wrâld bringe kin.

Earder waarden mear ûndersoarten erkend, mar yn 2017 telde de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) noch mar trije jildige ûndersoarten fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica):

Dêropta binne der noch twa mooglike ûndersoarten dêr't noch mear ûndersyk nei dien wurde moat:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.