Feytsmastate (Kollum)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Feitsmastate (Kollum))
Feytsma (pleats)

Feytsmastate stie westlik fan Kollumerterp, benoarden Kollum, gemeente Kollumerlân, tichtby it Dokkumer Djip en wat fierder fan Kollum as Grut Bama. Op it stee fan de state stiet in pleats dy't fan partikulieren bewenne wurdt. Feytsmastate waard begjin 17e iuw boud; de pleats op dat plak hiet yn 1883 noch sa en waard troch mr. Andreae beskreaun as in state mei grêften en singels.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan Scipio fan Meckama yn 1599 wie Bocko, soan fan syn foargonger Jelger fan Feytsma, yn 1600 as grytman oansteld. Bocko fan Feytsma boaske yn dat selde jier mei Haring fan Burmania. Blykber wie der foar it jonge span gjin represintative wente yn de buert beskikber. Yn it houlikskontrakt fan 29 juny 1600 krige hy dêrom fan syn âlden in Sate Landts, geleegen bij Collumersyl, groot 70 pdm. met noch een Sate Landts mede aldaar bij de syl geleegen, groot omtrent 30 pdm. Yn totaal 36,74 hektare, mar dat wie net alles, want fierder stiet beskreaun dat dese bovengescreven Landen niet gelegen, noch met bequame huisinge ende hoovinge versien sijn, omme bij de voorn. Jonge luiden selfs naa haarluyder qualiteit bewoont te worden. Soo hebben wij Jelger van Feytsmx ende J. Auck van Heerma den voorsz. onsen soon Bocco van Feytsma ende Haring van Burmania, in plaetse van huysinge mede belooved ende aengenomen in gereeden gelde op te tellen ende te betalen de summe van twee dusend gouden guldens eens, van acht ende twintich stuivers ’t stuc. Se krigen dus as houlikskado net allinnich twa pleatsen, mar ek noch ris nei 2010 omrekkene in rûchwei twa miljoen euro om foar harsels in optrekje bouwe te litten. Mei dat jild waard yndie op de earstneamde “sate” in represintatyf hûs boud, mei grêften en singels, dêr't de namme Feytsmastate oan jûn waard. Bocko stoar yn 1627 en waard yn de tsjerke fan Kollum begroeven. Syn widdo liet it goed troch in meier (bedriuwslieder) beheare.

Nei alle gedachten is de state koart na de dea fan Bocko ôfbrutsen, mar de poarte is noch inkele jierren stean bleaun. Yn 1649 kocht Menno Houwerda fan Meckama, dy't mei in dochter fan Bocko troud wie, fan syn snoar Machteld fan Roorda, widdo fan Bocko syn soan Ruurdt fan Feytsma de helft vant hoornleger, huysinge, schuyre, singell, grafft ende poort, sampt boomen en plantagie met 62 pdm. land, alles gelegen bij Collumersijl. Yn 1690 ferkocht Catharina fan Burmania, pakesizzer fan Houwerda fan Meckama, de heule sate foar 2.145 karolusgûnen oan Gosse Eetes, ûntfanger fan Kollumerlân. Gosse wie in pakesizzer fan de eardere meier fan de sate en bewenne de pleats al mei syn frou. Harren soan Folckert Gosses naam de namme Feytsma oan en stoar yn 1739 as prokureur-postulant fan it gerjocht fan Kollumerlân.

Bewenners
  • 1600 - 1627 Bocko fan Feytsma en Haring fan Burmania
  • 1627 – ± 1640 Haring fan Burmania
  • ± 1640 de erfgenamten: soan Ruurdt fan Feytsma en dy syn suster
  • 1649 Menno Houwerda fan Meckama
  • oant 1690 Catharina fan Burmania
  • sûnt 1690 Gosse Eetes

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: