Feitsmastate (Hallum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Feitsmastate (1723)
Feitsmastate (2009)
Wapenstien foargevel

Feitsmastate is in eardere state dy't eartiids in eintsje ten noardwesten fan Hallum stie oan de Hege Hearenwei 35 yn de gemeente Ferwerderadiel. Fan de state is tsjintwurdich neat mear werom fan te finen. Op it plak fan de state stiet no in pleats.

It stichtingsjier in ûnbekend mar it waard pas healwei de 16e iuw in aadlik hûs. It soe dan 52 pûnsmiet en 5 "grazen" grut west hawwe. Taco Mockema ferhierde dy yn 1511 foar fl. 24 oan Harmen Jeppema; yn 1540 wie Wyger Feytsma de eigener en brûker derfan. Wyger wie troud mei Auck Marckla, de widdo fan neamde Taco Mockema. Wygers plak yn de famylje Feitsma is ûndúdlik; hy soe yn it earstoan Auck syn fein west hawwe en wie mooglik in bastertsoan fan Jelger Feytsma. Yn 1556 wie Jelger fan Feytsma, de soan fan Wyger en Auck, eigener en bewenner fan Feitsmastate.

Syn dochter Tieth testearret der yn 1576; hja wie troud mei Hajo fan Rinia en dêrnei mei Minne fan Scheltinga. Neffens Cannegieter wie der op Feitsmastate in glêsrútsje mei de nammen fan har stoarne bern. Yn 1613 wie de state fan efterneef Jelger Hessels fan Feitsma, dy't it goed mooglik kocht hie. Oan dy syn soan Hessel fan Feitsma en syn frou Frouck fan Douma herinnert in noch by de pleats oanwêzige wapenstien mei it jiertal 1602.

Op de ôfbylding fan Stellingwerf wie Feitsmastate in inkelfâldich hûs, dat noch it hûs wêze kin dat Hessel fan Feitsma boude. It bestie út in troch in sealtek dekt hûs sûnder ferdjipping, wêrfan de linkerhelte ûnderkeldere wie. Boppe de tagong, mei in trepke berikber, wie in saneamde Flaamse topgevel. Fan in treptoer is neat te sjen. Om it omgrêfte stee stiet no in grutte kop-hals-romppleats. It kopgedielte hie earder yn de midden in kelder mei opkeamer. Oan de topgevels sitte oansetkrollen dy't mooglik fan it eardere poartegebou komme, krekt as de stien mei alliânsjewapen Feitsma-Douma en de inisjalen H.v.F en F. V. D. en it jiertal 1602.

Bewenners
  • 1511 Taeke Mockema en Auck Marckla
  • 1540 Wyger Feytsma en Auck Marckla
  • 1556 Jelger fan Feytsma
  • 1576 Tieth Feitsma
  • 1602 Hessel fan Feitsma en Frouck fan Douma
  • 1613 Jelger Hessels fan Feitsma
  • 1640, 1650 Ruurd fan Feitsma en Machteld fan Roorda
  • Julius fan Eysinga / Feitsma
  • 1722 frou A. fan Sytzama, widdo Fan Vos fan Beesten

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • D. Cannegieter - Geschiedkundige herinneringen van Hallum, artikelen in de Friesche Almanak fan 1851 en 1852
  • G.A. Wumkes - Stads en Dorpskroniek van Friesland, 1930
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955