Fedde Hoekstra
| Fedde Hoekstra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 13 oktober 1970 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| wurksum as | filmregisseur, filmprodusint, akteur | |
| jierren aktyf | 1993 - no | |
| offisjele webside | ||
| http://www.feddehoekstra.org/ | ||
Fedde Hoekstra (Ljouwert, 13 oktober 1970) is in Frysks filmregisseur, akteur en byldzjend keunstner.
Fedde Hoekstra is aktyf yn de filmwrâld, ûnder oare as regisseur, akteur, kameraman, opnamelieder en senarioskriuwer. Syn eftergrûn is byldjende keunst; Hoekstra folge nei de Hafû oan it Lienward Kolleezje yn Ljouwert in oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins.[1] Hy rjochtet him mear en mear op it reigissearjen fan films.
Regisseur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 wied er opnamelieder fan de 12-dielige dramarige Boven Wotter foar RTV Noord. Hoekstra regissearre ôfleveringen fan de dramarigen Dankert en Dankert (2007) en Bit (2008). Fierder droech er by oan it regissearjen fan de spylfilm Snuf de Hond in oorlogstijd (2008). Yn 2010 makke Hoekstra de ûnôfhinklike koarte film De boule de boule, mei yn de haadrol Tygo Gernandt. Yn Het Zondagsbed rêdt in ûnôfhinklike Grinslanner boerinne it libben fan in jonge frjemdling. De leafdesrelaasje mei dizze deserteur giet anneks mei de nedige oergeunst.
Hoekstra makket ek opdrachtfilms foar bedriuwen as Albert Heijn, de Nederlandse Gasunie en Sony Nederland.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dankert en Dankert (2007)
- Bit (2008)
- Snuf de Hond in oorlogstijd (2008) (bydragen)
- De boule de boule (2010)
- 2 Look 4 a View (2013)
- Club van Sinterklaas
- D.E.A.L. (2013)
- Tour de force (2015)
- Het Spijkerpaleis (2016)
- Jildau (2019) bewurking fan it boek fan Theun de Vries [2]
- Het groene goud (2022) (comedyfilm)
- Het Zondagsbed [3]
Akteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoekstra is as akteur te sjen yn ferskate riges en films. Sa wie er yn films fan Steven de Jong te sjen as kontroleur Johan yn De Hel van '63 en as Sundar yn de thriller Stuk!.
- Spijkerhoek (1989-1993)
- Niemand de deur uit! (1993)
- 12 steden, 13 ongelukken (1990)
- Bit (2008)
- De Fûke (2000)
- Snuf de Hond in oorlogstijd (2008)
- De Hel van '63 (2009)
- D.E.A.L. (2013)
- Stuk! (2014)
Hoekstra makke ek in tal kabaterfoarstellings.
Byldzjend keunstner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De keunstwurken fan Hoekstra binne figuratyf en kombinearje ferskate materialen, lykas farve, papier en tekstyl.[4] Hoekstra syn skilderijen en tekeningen wiene te sjen op ferskate eksposysjes, ûnder oare yn Galery Pond Du Fada. en Galery Sign tentoansteld.[5] [6], Boppedat is syn wurk te finen yn de keunstútlienen fan Amsterdam[7] en Grins.[8]
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2020 - Noordsterren; beste noordelijke film voor Eindbaas (Internationaal Film Festival Assen)
- 2019 - Beste noordelijke film foar Eindbaas
- 2011 - Beste rezjy & montaazje foar 'De boule de boule' (MCM Filmfest) 2011
- 1995 - CJP Poëzieprijs
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|