Springe nei ynhâld

Feanboarch

Ut Wikipedy
De eardere feanboarch Buitenwoel yn Veendam, ôfbrutsen yn 1908
De feanboarch Langwijk of Langwyck by Westerbroek, gemeente Midden-Grinslân

In feanboarch wie in lânhûs of bûtenpleats foar begoedige boargers yn de Grinzer Feankoloanjes. Feanboargen ûntstiene yn de twadde helte fan de 17e iuw, yn deselde perioade as de bûtenpleatsen yn de Noard-Hollânske polders. Yn ferliking mei de boargen hiene se faak mear lân yn besit, mar hiene se meastal gjin of yn alle gefallen minder hearlike rjochten, om't de eigeners faak net fan adel wiene. De Ennemaboarch by Midwolda wurdt faak ek in feanboarch neamd, mar is de fuortsetting fan in âldere boarch. Dat jildt ek foar it eardere stienhûs Huninga te Oostwold en de ferdwûne Huningaboarch yn Beerta.

Feanboargen kamen fuort út de pleatsen (hofsteden) dy't grienten ferbouden foar de arbeiders dy't yn de ferfeaning wurken. Se waarden letter simmerdeis bewenne troch de famyljes dy't partisipearren yn de feekoloaniale kompanijen en maatskippijen. Dizze famyljes wiene meastal ôfkomstich út it stedspatrisjaat fan Grinslân. In soad feanboargen ferriisden oan it Wynskoaterdjip by Hegesân en Sappemeer en lâns de Ooster- en Westerdiep yn Feandam. Hjir wie nammentlik foar net folle jild in soad grûn beskikber en de kanalen soargen foar in goede ferbining mei de stêd Grins. [1] Yn de rin fan ien of twa generaasjes koene sokke hofsteden faak útgroeie ta fraaie wenten dy't it uterlik oansjen hiene fan in boarch. Yn tsjinstelling ta de boargen, moasten de feanboargen benammen as plak fan ûntspanning tsjinje, wat werom te sjen is yn de nammen dy't se krigen.

De ierste feanboargen wiene ienfâldich fan aard, lykas bygelyks te sjen op in tekening fan de feanboarch Welgelegen yn Kleinemeer út 1690, dêr't dy op ôfbylde is as in ienfâldich dwershûs fan in bewenningslaach mei in sealtek. Oare feanboargen, lykas Vosholen wiene yn dy tiid noch ienfâldiger fan bou. De measte fan de feangboargen ûntlienden har status yn dy tiid dan nei alle gedachten ek net oan it gebou sels, mar oan de tún- of parkoanlis, dy't ta de ferbylding spruts en priizge waard yn reisferslaggen út de 17e en 18e iuw. De earste grutter opsette feanboarch wie Vredenburg by Hegesân, dêr't yn earder tiden sân feanboargen stien hawwe.

  • Johan de Haan, Hier ziet men uit paleizen. Het Groninger interieur in de zeventiende en achttiende eeuw, Assen, Van Gorcum, 2005, s. 180-181
  • G.N. Schutter, Borgen en hofsteden in en om Hoogezand-Sappemeer, Bedum, 1996
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hillenga, M., R. Reinders & A. van der Woud [red.] (2016), De atlas van Beckeringh. Het Groninger landschap in de 18e eeuw. s. 40