Feale rotsmosk
| Feale rotsmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Carpospiza brachydactyla | ||||||||||||
| Bonaparte, 1850 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De feale rotsmosk (Carpospiza brachydactyla) is in sjongfûgel yn it skaai feale rotsmosken (Carpospiza) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feale rotsmosk is in relatyf slanke mosk mei in lytse kop en in lingte fan 14,5 oant 15,5 sintimeter. It fearrekleed is ljochtbêzje-griis, mei in swakke en ljochtere wynbraustreek en twa ljochtere, net hiel dúdlike wjukbannen. De sterke mar koarte snaffel is yn it briedseizoen donkergriis yn winterdeis ljochter bêzjegriis. De sturt hat wite plakken op 'e punt, dy't te sjen binne yn 'e flecht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feale rotsmosk is in trekfûgel, dy't fan Súdeast-Turkije en de súdlike Kaukasus nei it easten oan Iran en fierder nei it suden troch it Midden-Easten en lokaal op it Arabysk Skiereilân, útsein yn it súdwesten. De fûgel oerwinteret yn it súdwesten fan it Arabyske Skiereilân en yn Noardeast-Afrika. Eksimplaren wurde út en troch ek waarnommen op Syprus, Egypte, Jemen en Dagestan in Ruslân.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard foarhinne yn it skaai Petronia set, mar út DNA-ûndersyk die bliken dat de soarte fierder fan dy soarten ôf stiet. Der is op basis fan it nêst, de aaien en de útkommen piken, de sang en it feit dat de jonge fûgel mar foar in part ferfearret ek útsteld dat de fûgel besibbe is oan 'e famylje Fringillidae. De plasse fan 'e feale rotsmosk liket lykwols op dy fan 'e Passeridae. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat se net yn ûndersoarten ferdield wurdt.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt op keale hellingen met fersprate strûken yn drûge berchgebieten foar. It nêst wurdt leech yn in beam of strûk boud en is in suterich heal boltsje fan tûkjes, stangels en gers. It wyfke leit trije oant seis aaikes, dy't nei 13 oant 14 dagen brieden útkomme.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling, dy't nei alle gedachten gjin grutte bedrigingen kent. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) as net bedrige (Least Concern, 2018). De lytse Europeeske populaasje wurdt op 6.000 oant 18.300 pearkes rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Feale rotsmosk
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
