Springe nei ynhâld

Feale foks

Ut Wikipedy
feale foks
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljehûneftigen (Canidae)
skaaifoksen (Vulpes)
soarte
Vulpes pallida
Cretzschmar, 1827
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Ferspriedingsgebiet fan 'e feale foks.

De feale foks (Vulpes pallida) is in sûchdier út 'e famylje fan 'e hûneftigen (Canidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst offisjeel publisearre troch Cretzschmar yn 1826.

De kop- en lichemslingte is 38 oant 55 sm, de sturtlingte is 23 oant 29 sm en it gewicht is 2,0 oant 3,6 kg. De feale foks is in lytse foks, mei in lang lichem, relatyf koarte poaten en in smelle snút. It hier is frij tin, mei in bleke sânkleur dat nei de búk ta wyteftich wurdt. Oer de rêch is it hier faak minder effen mei wat swarte en readbrune plakjes; de flanken binne bleker en geane oer yn in bleekwite ûnderkant. De poaten binne readbrún. De soarte hat in bleek gesicht mei in langwerpich snút mei relatief lange snorhieren en om it each in donkere ring. De sturt is lang en tsjok mei readbrún hier en in swarte punt en in donker plak boppe de sturtklier. It sâneftige hier jout de foks in poerbêste kamûflaazje yn 'e woastyn.

De feale foks is ferspraat yn 'e healdrûge Sahelregio fan Afrika, dy't grinzet oan 'e Sahara. Se komme foar yn Benyn, Boerkina Faso, Kameroen, Tsjaad, Eritreä, Etioopje, Gambia, Maly, Mauretaanje, Niger, Nigearia, Senegal, Somaalje en Sûdan. It habitat is sânich of rotseftich drûch gebiet en de feale foks kin nei it suden en noarden migrearje as dat fanwegen drûchte nedich is.

De feale foks wurdt ferdield yn fiif erkende ûndersoarten:[1]
🔹 Vulpes pallida pallida: komt fral foar fan Sûdan (Kordofan) oant Eritreä en Etioopje yn it easten fan it ferspriedingsgebiet.
🔹 Vulpes pallida cyrenaica: wurdt fral oantroffen yn Cyrenaica yn Lybje.
🔹 Vulpes pallida edwardsi: libbet yn it westlike Sahelgebiet (lykas Maly, súdlik Mauretaanje en Senegal).
🔹 Vulpes pallida harterti: komt foar yn Boerkina Faso, Niger en noardlik Nigearia.
🔹 Vulpes pallida oertzeni: libbet fan noardlik Kameroen en Tsjaad oant súdlik Lybje en dielen fan Sûdan (Darfur).

De belangrykse ferskillen tusken de ûndersoarten binne de geografyske ferskillen. De ferskillen yn uterlik, kleur en grutte binne fierder net hiel grut.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feale foks peart yn 'e regel yn 'e koelere moannen fan it jier, itjinge te krijen hat mei it oanbod fan iten. De draachtiid duorret likernôch 50 oant 53 dagen. In teef krige 3 oant 6 jongen per kear. Se binne by de berte noch hielendal blyn en dôf en folslein ôfhinklik. Feale foksen wurde net âlder as 10 jier.

Se libje meast yn lytse sosjale groepen en binne omnivoar. It iten bestiet út ynsekten, mûzen, hagedissen, fûgels, aaien en fruit. Om't se yn drûge gebieten libje moatte se harren focht foar it grutste part troch it iten krije.

De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer hat syn behâldstatus as net bedrige (Least Concern) beöardiele, alhoewol't der net in soad bekend is en de foks hieltyd mear bedrige wurdt troch ferlies en fragmintaasje fan habitat en minsklike ynkringing. Dy útdagings wurde fergrutte troch de klimaatferoaring en konkurrinsje fan yntrodusearre soarten yn syn ferspriedingsgebiet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: