Fazantdo
| Fazantdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Otidiphaps nobilis | ||||||||||||
| Gould, 1870 | ||||||||||||
De fazantdo (Otidiphaps nobilis) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 42 oant 50 sm lange do weaget likernôch 500 gram. It is in dowesoarte mei in frij lange, ofplatte sturt en lange poaten, sadat de fûgel op in fazanteftige liket en dêrfandinne ek syn namme fazantdo. De kop, de búk en de sturt binne hast swart mei in griene of blauwe glâns. De mantel en rêch binne readeftich pears, dat op 'e wjukken stadichoan yn kastanjebrún oergiet. De snaffel is read en de poaten binne giel oan rôze.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fazantdowen komme op Nij-Guineä en omlizzende eilannen foar, dêr't se yn natuerlik tropysk reinwâld oant in hichte fan 1900 m libje.
Gewoanwei wurde der fjouwer ûndersoarten erkend, dy't benammen ferskille yn 'e oanwêzigens of ôfwêzigens fan in lytse túf en yn 'e kleur fan 'e nekke:
- Otidiphaps nobilis aruensis: de Arû-eilannen
- Otidiphaps nobilis cervicalis: eastlik en súdeastlik Nij-Guineä.
- Otidiphaps nobilis insularis: endemysk op Fergusson (D'Entrecasteaux-eilannen).
- Otidiphaps nobilis nobilis: westlik Nij-Guineä, Batanta en Waigeo.
Sûnt 2014 erkenne BirdLife International en de IUCN de fjouwer ûndersoarten as aparte soarten:
- Otidiphaps aruensis: Wytnekfazantdo (IUCN-status: gefoelich)
- Otidiphaps cervicalis: Griisnekfazantdo (IUCN-status: net bedrige)
- Otidiphaps insularis: Swartnekfazantdo (IUCN-status: kritysk bedrige)
- Otidiphaps nobilis: Griennekfazantdo (IUCN-status: net bedrige)
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt tocht dat de soarte stadichoan ôfnimt fanwegen ûntbosking troch houtkap en omzetting yn lânbougrûn. De griennekfazantdo (de nominaatsoarte) en de griisnekfazantdo wurde net as bedrige beskôge, mar de swartnekfazantdo wurdt as kritysk bedrige en de wytnekfazantdo as kwetsber klassifisearre.
De swartnekfazantdo wie lang allinnich bekend fan 'e twa type-eksimplaren dy't yn 1882 sammele waarden en in tredde eksimplaar dat yn 1896 sammele waard. De dêrop folgjende 126 jier waard tocht dat de swartnekfazant útstoarn wie. Yn septimber 2022 waard de fûgel lykwols wer mei in kamera op it eilân Fergusson fêstlein.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
