Fatikaanske tunen
| Fatikaanske tunen | ||
| park | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Fatikaanstêd | |
| koördinaten | 41° 54′ N 12° 27′ E | |
| gegevens | ||
| oerflak | 23 ha | |
| De Fatikaanske tunen op de plattegrûn fan Fatikaanstêd | ||
| kaart | ||
De Fatikaanske tunen (Italjaansk: Giardini Vaticani) lizze efter de Fatikaanske musea yn Fatikaanstêd. Se binne sa'n 23 ha (230.000 m²) grut. De Fatikaanske tunen nimme mear as de helte fan it Fatikaansk grûngebiet yn beslach. De tunen lizze 60 meter boppe seenivo en lizze foar in grut part op de Fatikaanske heuvel. Yn de tunen stean ek bygebouwen, lykas in gebou fan Radio Fatikaan. De noard-, west - en súdkant binne ôfslúten mei in muorre wylst it Fatikaansk Museum de eastkant begrinzgje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de leginde soe de grûn fan'e tunen út Golgotha komme om it bloed fan `e kristenen te symbolisearjen, dy't stoaren by de kristenferfolging fan keizer Nearo. De tunen binne yn de midsiuwen oanlein, doe't de beam- en wyngerds nei it Apostoalysk Paleis útwreide waarden. Doe't Paus Nikolaas III nei it Apostolysk Paleis ferhuze, liet er Fatikaanstêd mei muorren omringe. Yn de muorren lei er in hôf, in tún en in bleek oan. Under it pausdom fan Julius II waard it lânskip folslein feroare. It oarspronklike ûntwerp waard opsplitst yn trije binnenplakken, de Cortili del Belvedere, de della Biblioteca en it della Pigna. Ek kaam der in rjochte ferdigeningsmuorre.
Hjoed de dei binne der yn de tunen ferskate bygebouwen, werfan de âldsten yn de 9e iuw boud binne. Ek binne der fonteinen foar ferkuolling, bylden en blomperken. Sels is der in grot boud yn de tún wijd oan Us Leave Frou fan Lourdes en der stiet in palmbeam yn de tún.
- De Fontana dell'Aquilone.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
