Springe nei ynhâld

Fatikaanske Heuvel

Ut Wikipedy
Fatikaanske Heuvel
Mons Vaticanus
  berch
Wandtapyt út likernôch 1519 dêr't de Vaticaanske Heuvel op ôfbylde stiet.
Wandtapyt út likernôch 1519 dêr't de Vaticaanske Heuvel op ôfbylde stiet.
Fatikaanske Heuvel (Fatikaanstêd)
Fatikaanske Heuvel
geografy
lân Fatikaanstêd
koördinaten41° 54′ N 12° 27′ E
sifers
hichte b. seenivo75 m
oar
soarte berchHeuvel
stiensoarteDowestien

De Fatikaanske Heuvel (Latyn: Vaticanus Mons; Italjaansk: Colle Vaticano) is in 75 meter hege heuvel yn Fatikaanstêd dy't benammen út dowestien bestiet, op de rjochterkant fan de rivier de Tiber, en foar de sân heuvels fan Rome oer.

Yn'e 1ste iuw n.Kr. lei de heuvel bûten de doetiidske grinzen fan 'e stêd Rome. Der waard in sirkus (it Sirkus fan Nero, ek bekend ûnder de namme Circus Vaticanus) en in begraafplak oanlein op de heuvel. Op it begraafplak, soene in tal ierkristlike persoanen begroeven lize, en mear bepaald op it ûnderstelde grêf fan de hillige Petrus, waard yn 'e 4e iuw troch keizer Konstantyn de Grutte de âlde Sint-Pitersbasilyk boud.

De Fatikaanske Heuvel waard hjirmei it sintrale pylgeroard fan Petrus-ferearing. Yn de folgjende iuwen waarden meardere bouwurken boud op de heuvel wermei't Fatikaanstêd ûntstie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:DE
    • Wikipedy:EN