Farman III

De Farman III, ek wol bekend as de Henry Farman 1909 biplane, wie in iere fleanmasine ûntwurpen en boud troch Henri Farman [1] yn 1909. It ûntwerp waard breed imitearre, safolle dat fleantugen mei in ferlykbere yndieling oer it algemien oantsjut waarden as fan it "Farman"-type. Under dy fleantugen binne de Bristol Boxkite, de Short S.27, de Howard Wright 1910 Biplane en de Nederlânske Koolhoven Heidevogel.
De Farman III wie bot ynspirearre op de Flyer fan de bruorren Wright. De earste flecht wie yn april 1909. [2]
De Farman III wie boud fan hout mei fan linnen bespande wjukken en de konstruksje waard byinoarhâlden troch spantriedden. It stabilo wie foar de haadfleugel pleatst en siet oan de romp fêst mei twa trijehoekige úthâlders. De efterste horizontale en fertikale sturtflakken wiene befêstige oan twa sturtbeammen. De bestjoering om'e lingte-as waard regele mei (totaal) fjouwer rolroeren (ailerons) oan alle wjukken. De piloat siet oan'e foarkant fan de ûnderste fleugel mei fuort dêrefter de motor mei in triuwpropeller, dy't oandreaun waard troch in Gnome Omega rotaasjemotor fan 50 hk. Om in 'koprol' tefoaren te kommen wie by de start of lâning it fjouwertsjilige lâningsgestel foarsjoen fan twa lange skys tusken de beide tsjilstellen. [3]

Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Type: Farman III
- Fabryk: Farman
- Rol: Eksperimenteel fleantúch út de pioniersfaze
- Bemanning: 1
- Lingte: 12,0 m
- Spanwiidte: 10,0 m
- Fleugeloerflak: 40 m²
- Maksimum gewicht: 550 kg
- Motor: 1 × Gnome Omega sânsilinder rotaasjemotor, 50 hk (37 kW)
- Propeller: Triuwpropeller mei twa blêden
- Earste flecht: april 1909
- Heechste faasje: 60 km/o
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Farman III fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
