Springe nei ynhâld

Fargo (film út 1996)

Ut Wikipedy
Fargo
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJoel Coen
produsintEthan Coen
senarioJoel Coen
Ethan Coen
kamerarezjyRoger Deakins
muzykCarter Burwell
filmstudioPolyGram Filmed Entertainment
Working Title Films
distribúsjeGramercy Pictures (Fer. St.)
PolyGram Filmed Ent. (Fer. Ken.)
spilers
haadrollenFrances McDormand
William H. Macy
Steve Buscemi
byrollenPeter Stormare
Harve Presnell
Kristin Rudrüd
Steve Reevis
John Carroll Lynch
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre8 maaie 1996
foarmlangspylfilm
sjenremisdiefilm
taalIngelsk
spyltiid98 minuten
budget en resultaten
budget$7 miljoen
opbringst$60,6 miljoen
prizen2 × Oscar
1 × BAFTA
1 × SAG Award
1 × Saturn Award
3 × Satellite Award
6 × Independent Spirit Award

Fargo is in Amerikaanske misdiefilm en swarte komeedzje út 1996, dy't as ûnôfhinklike film regissearre, produsearre en skreaun waard troch de bruorren Joel en Ethan Coen. De haadrollen waarden fertolke troch Frances McDormand as in lakonike plattelânske plysjekommissaris dy't op alle dagen rint, William H. Macy as in ûnnoazele autoferkeaper dy't him op it paad fan 'e misdie bejout, en Steve Buscemi in behurde mar neat te snuggere beropskrimineel. De titel ferwiist nei de stêd Fargo, yn Noard-Dakota, dêr't de earste sêne spilet.

It ferhaal folget autoferkeaper Jerry Lundegaard, dy't syn djippe finansjele problemen tsjin eltse priis foar syn frou Jean en syn dochs al op him delsjende skoanheit Wade ferburgen hâlde wol. Hy lit dêrom Jean ûntfiere troch in pear kriminelen mei de bedoeling om it troch Wade betelle losjild mei de beide mannen te dielen. Dat plan rint al hiel gau mis, mei deaden links en rjochts ta gefolch. Plysjekommissaris Marge Gunderson komt Lundegaard-en-dy op it spoar en sit harren al rillegau op 'e hakken.

Fargo waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige tige loovjende resinsjes fan 'e measte filmkritisy en wie yn 'e bioskopen ek in grut kommersjeel súkses. Fargo wûn twa Oscars, in BAFTA, in Screen Actors Guild Award, in Saturn Award, trije Satellite Awards en seis Independent Spirit Awards, en waard nominearre foar ferskate oare wichtige prizen. Yn 2006 waard dizze film boppedat útornearre foar preservearring foar de ivichheid troch opname yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Yn 'e winter fan 1987 is Jerry Lundegaard de bedriuwslieder fan in garaazje anneks autohannel yn Minneapolis (Minnesota) dy't eigendom is fan syn rike skoanheit Wade Gustafson. Troch net neier útleine oarsaken (der wurde taspilings makke op domme ynvestearrings) hat Lundegaard al syn jild ferspile en himsels djip yn 'e skulden stutsen. Hy besiket wanhopich om foar te kommen dat syn frou Jean dat ûntdekt, of, wat noch helte minder wêze soe, syn skoanheit, dy't dochs al op him delsjocht. Dêrom fettet er it healwize plan op om in pear behurde kriminelen yn 'e earm te nimmen en Jean troch harren ûntfiere te litten, om foar har frijlitting $80.000 losjild te easkjen. Wannear't Gustafson dy lospriis dan ophoastet, dielt Lundegaard it jild heal om heal mei de ûntfierders, sadat hy syn skulden ôfbetelje kin. Jean komt mei de skrik frij, de ûntfierders ferdwine om nea wer wat fan harren hearre te litten en Lundegaard kin wer fierder mei syn libben.

Fia de Yndiaanske monteur Shep Proudfoot, dy't by him yn 'e garaazje wurket en dy't kunde yn it kriminele miljeu hat om't er earder in finzenisstraf útsitten hat, komt Lundegaard yn kontakt mei de praatgrage behurde krimineel Carl Showalter en dy syn swijsume partner Gaear Grimsrud. Hy bringt harren yn Fargo (Noard-Dakota) in nije Cutlass Ciera út syn garaazje by wize fan oanbetelling, en de trije mannen komme oerien om mei-inoar yn see te gean. Showalter en Grimsrud ride sadwaande neitiid yn 'e Ciera nei Minneapolis, dêr't se Jean op ljochtskyndei mei geweld út 'e wente fan 'e Lundegaards wei ûntfiere. Om't it te kâld is om har lang yn 'e kofferbak te ferfieren, lizze se har fêstbûn en knevele op 'e efterbank fan 'e auto, mei in stoffen pûde oer de holle hinne om foar te kommen dat se dingen sjocht dy't se net sjen mei.

Underweis nei in ôfhandige blokhut yn Moose Lake, dêr't Showalter en Grimsrud fan doel binne Jean fêst te hâlden oant it losjild betelle is, wurde se yn 'e neite fan Brainerd oanholden troch in lid fan 'e Steatsplysje fan Minnesota. It docht bliken dat Showalter fergetten is en ferwikselje de garaazjekentekenplaten fan 'e Ciera foar normale nûmerbuorden. Showalter besiket de plysjeman op knoffelige wize om te keapjen, wat it spul allinnich mar minder makket. As Jean leven jout, en de plysjeman foar it ferstân kriget dat der in fêstbûne frou op 'e efterbank leit, lûkt Grimsrud in pistoal en sjit er de plysjeman troch de holle. Showalter stapt neitiid út om it lyk fan 'e plysje fan 'e wei ôf te slepen, mar wylst er dêrmei dwaande is, riidt der in auto foarby mei in jonge en in fanke yn harren teenagejierren deryn, dy't by it ljocht fan har koplampen alles sjogge. Grimsrud krûpt efter it stjoer fan 'e Ciera, keart de auto en set de efterfolging yn op 'e beide tsjûgen. Wannear't dy by winterwaar en glêde diken mei hege faasje yn 'e slip reitsje en oer de kop slane, nimt er rêstich de tiid om sawol de geandefoets útnaaiende jonge as it yn it autowrak bekneld sittende fanke dea te sjitten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns, as de trije liken fûn wurde, begjint Marge Gunderson, de plysjekommissaris fan Brainerd, oan har ûndersyk. Dêrby lit se har net mear as lichtlik behinderje troch it feit dat se op alle dagen rint. Op basis fan in oantekening yn it notysjeboekje fan 'e steatsplysjeman komt se sûnder muoite ta de konklúzje dat er deasketten is doe't er in brune Ciera mei garaazjekentekenplaten oanhold. De oare beide moarden binne oerdúdlik it opromjen fan tafallige tsjûgen dy't op it ferkearde stuit op it ferkearde plak wiene. Se folget it figuerlike spoar fan 'e auto fan 'e dieders werom nei it pleatslike Blue Ox Motel, dêr't Showalter en Grimsrud op 'e hinneweis nei Minneapolis de nacht trochbrocht hawwe mei in pear prostituees. Ut 'e oangeande motelkeamer wei blykt skille te wêzen nei in Shep Proudfoot, in monteur yn Minneapolis. Kommissaris Gunderson reizget ôf nei Minneapolis, dêr't se om 'e nocht de stoïsynske Proudfoot befreget en him derop wiist dat er troch tadwaan fan syn maten op it punt stiet werom te gean nei it tichthûs. It leit foar de hân dat de Ciera mei garaazjekentekenplaten ôfkomstich wêze moat út dizze garaazje, mar as Gunderson dêr Lundegaard oer ûnderstiet, hâldt dy út dat der gjin auto's misse. Wylst er dat seit, hâldt en draacht er him lykwols tige fertocht.

Underwilens oerleit Lundegaard mei syn skoanheit Wade Gustafson en dy syn boekhâlder Stan Grossman oer de ûntfiering. Gustafson wol daliks de plysje ynskeakelje, mar Lundegaard wit mei de stipe fan 'e neat fermoedzjende Grossman it near op dat idee te lizzen. As Gustafson seit dat er beslist net mear as $1 miljoen byinoar bringe kin foar it losjild, giet by Lundegaard, dy't ommers fan doel wie om mar $80.000 te freegjen, in lampke oan. Showalter skillet Lundegaard op en easket, fanwegen de trije moarden dy't hy en syn partner begean moatten hawwe, ynstee fan 'e ôfprate $40.000 de hiele $80.000 op. Lundegaard, dy't no wit dat er fan syn skoanheit $1 miljoen loskrije kin, beart foar de foarm in skoftke dat er it dêr net mei iens is en lit Showalter tinke dat dy him derta yntimidearre hat om mei de eask akkoart te gean. Om syn súkses te fieren, siket Showalter wer in prostituee op. Wylst se seksuele omgong hawwe, kringt ynienen Shep Proudfoot de motelkeamer binnen en jout Showalter in ûngenedich wan bruien om't er Proudfoot ûnder de oandacht fan 'e plysje brocht hat.

Showalter is bûnt en blau slein en ferkeart dêrom net yn 'e stimming om noch langer tuike-oan te dwaan. Hy skillet Lundegaard op en easket dat dy it losjild no fuortendaliks nei it dak fan 'e parkeargaraazje yn Minneapolis bringt dêr't de útwikseling plakfine sil. Wade Gustafson wegeret lykwols fan syn $1 miljoen skaat te wurde en stiet derop om sels de útwikseling te dwaan, in idee dat Lundegaard him net ûntprate kin. Underweis nei de parkeargaraazje oefenet Gustafson wat er tsjin 'e ûntfierders sizze sil, eat dat delkomt op: earst myn dochter werom, en pas dêrnei krije jim it jild. Hy blykt in revolver meinommen te hawwen om dat stânpunt krêft by te setten. Showalter is der min oer te sprekken as ynstee fan Lundegaard in wyldfrjemde keardel opdûkt om it losjild oer te langjen. Om't er syn mei-gearspanner ferwachte, hat er ek neat dien om syn identiteit te ferbergjen. Wannear't Gustafson ek noch lestich docht oer de ôfjefte fan it jild, lûkt er syn pistoal en sjit de man yn it boarst. Mar Gustafson lûkt syn revolver en fjurret werom, wêrby't er Showalter troch de kaak sjit. De ta razernij brochte ûntfierder leget dêrnei it magazyn fan syn pistoal yn 'e al swierferwûne Gustafson, dat dy it bestjert. Hy nimt de tas mei it losjild mei en sjit by it ferlitten fan 'e parkeargaraazje ek noch de parkearwachter yn syn hokje by de slachboom dea. Lundegaard, dy't fuort letter arrivearret, treft syn skoanheit dea oan.

Underweis werom nei Moose Lake docht de bliedende en pisnidige Showalter de tas iepen en ûntdekt ta syn alteraasje dat der gjin $80.000 yn sit mar $1 miljoen. Hy hellet $80.000 út 'e tas om te dielen mei Grimsrud, en siket dan in gaadlik plak yn 'e midden fan nearne op, dêr't er de tas mei de restearjende $960.000 yn 'e djippe snie yn 'e berm by de wei lâns bedobbet. Om dat plak letter weromfine te kinnen, stekt er in reade iisskraber rjochtop yn 'e snie. Werom yn 'e blokhut by Moose Lake blykt Grimrud yn 'e tuskentiid Jean deaslein te hawwen om se har net stilhâlde woe. Showalter hellet dêr fierders de skouders oer op. Hy stelt foar om it losjild fan $80.000 midstwa te dwaan om dan fuortendaliks útinoar te gean en elts in plak te sykjen om in skoft ûnder te dûken, oant it plysjeûndersyk nei de moarden fêstrûn is. Grimsrud liket dat skoan ta, mar hy wol behalven de $80.000 ek de Ciera midstwa diele troch dejinge dy't de auto hâldt de oare dêrfoar de helte fan 'e wearde betelje te litten. De ynklauwerige Showalter wol dêr neat fan witte en easket de auto op as fergoeding foar de oprûne ferwûnings oan syn kaak. Hy leit $40.000 op 'e tafel, nimt de rest fan it losjild mei en rint nei bûten ta. Healwei de auto komt Grimsrud him fan efteren oer it mad en slacht him dea mei in heksebile.

Yn Minneapolis giet Marge Gunderson ûnderwilens werom nei de garaazje, dêr't se jitris Jerry Lundegaard oan 'e tosk fielt oer de fraach oft der wier gjin auto's misse. Op 'e nij hâldt en draacht Lundegaard him tige fertocht. Hy beart lulk te wurden, docht de oerjas oant en seit dat er alle auto's op it terrein dan fuortendaliks wol telle sil, as dat sa wichtich is. Mar fuort letter sjocht Gunderson him yn syn eigen auto fuortriden. Se skillet de steatsplysje op om in arrestaasjebefel tsjin him út te furdigjen. Neitiid keart se werom nei Brainerd, dêr't yn 'e tuskentiid in tip binnenkommen is oer in "apart útsjend mantsje" (Showalter), dy't yn in bar yn Moose Lake opskept hat oer in moard dy't er begien hat. Gunderson beslút om dêr ris wat om te sneupen, en by in ôfhandige blokhut sjocht se in brune Ciera stean. Se giet op ûndersyk út en trappearret Grimsrud wylst er it lyk fan Showalter troch in houtfersnipelder triuwt. De krimineel besiket út te naaien, mar Gunderson sjit him yn 'e skonk en rekkenet him yn. Underweis nei it sikehûs mei har ferwûne arrestant besaut se har der lûdop oer dat der lju besteane dy't ree binne om te moardzjen as se dêrmei in bytsje jild winne kinne. Net folle letter wurdt Lundegaard oppakt yn in motel yn 'e neite fan Bismarck (Noard-Dakota).

Gunderson giet nei hûs, dêr't har man Norm, in keunstskilder, har fertelt dat de Amerikaanske Postale Tsjinst syn ôfbylding fan in wylde ein útkeazen hat foar in postsegel fan trije dollarsint. Hy beklaget him deroer dat it fûgelplaatsje fan in troud pear fan harren kunde (en syn wichtichste rivalen) útkeazen is foar de folle mear brûkte postsegel fan 29 sint. Gunderson wiist him derop dat in protte minsken de postsegels fan lytsere denominaasjes oanskaffe moatte as de priis fan postsegels ferhege wurdt en se noch in hiel fel fan 'e âlde postsegels thús lizzen hawwe. Norm lit him dêrtroch gerêststelle. Hy en de frou krûpe tegearre op bêd om tillefyzje te sjen en binne folslein gelokkich mei har kalme húslike bestean.

Frances McDormand.
William H. Macy.
Steve Buscemi.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise              
plysjekommissaris Marge Gunderson Frances McDormand
Jerry Lundegaard William H. Macy
Carl Showalter Steve Buscemi


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gaear Grimsrud Peter Stormare
Wade Gustafson Harve Presnell
Jean Gustafson Lundegaard Kristin Rudrüd
Shep Proudfoot Steve Reevis
Norm Gunderson John Carroll Lynch
Scotty Lundegaard Tony Denman
Stan Grossman Larry Brandenburg
Mike Yanagita Steve Park
plysje Lou Getchell Bruce Bohne
prostituee #1 Larissa Kokernot
prostituee #2 Melissa Peterman
Mohra Bain Boehlke
plysje Olson Cliff Rakerd
Reilly Diefenbach Warren Keith
moardslachtoffer yn auto Michelle Suzanne LeDoux
steatsplysje deasketten by oanhâlding James Gaulke
man op 'e gong David S. Lomax
himsels José Feliciano
poerlulke autokeaper Gary Houston
frou fan lulke autokeaper Sally Wingert

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fargo waard regissearre troch Joel Coen nei in senario fan himsels en syn broer Ethan Coen. As produsint wie Ethan Coen by it projekt belutsen foar de filmstudio's Working Title Films en it Britske PolyGram Filmed Entertainment. Fargo wie sadwaande in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar dizze ûnôfhinklike film wie in, neffens doetiidske Amerikaanske mjitstêven, hiel beskieden budget beskikber fan $7 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Deakins, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Carter Burwell.

Bewearings oangeande feitlike basis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film iepenet mei de folgjende tekst:

Dit is in wier ferhaal. De foarfallen dy't toand wurde yn dizze film fûnen yn 1987 plak yn Minnesota. Op fersyk fan 'e oerlibbenen binne de nammen feroare. Ut respekt foar de deaden wurdt it ferhaal foar de rest persiis ferteld sa't it bard is.

De ôftiteling fan Fargo befettet lykwols in standerdisearre disclaimer wêryn't oanjûn wurdt dat eltse oerienkomst tusken personaazjes út 'e film en wier besteande persoanen folslein op tafal berêst.

Oangeande dat ferskil hawwe de bruorren Coen troch de jierren hinne ferklearrings jûn dy't hieltyd feroaren. Yn 't earstoan holden se út dat se harren fiktive senario om in wiere moardsaak hinne skreaun hiene. As se echt in film oer dy beskate saak meitsje wollen hiene, soene se har sekuer oan 'e histoaryske foarfallen hâlde moatten hawwe, mar "wy hiene gjin belang by dy soarte fan trou," aldus Joel Coen. Dêr heakke er oan ta: "De keale foarfallen binne wier bard, mar alle personaazjes binne folslein optocht."

Letter woe Joel Coen hawwe dat, oars as yn 'e iepeningstekst stiet, de echte moarden net yn Minnesota plakfûn hiene. In protte ynwenners fan Minnesota holden it derop dat de bruorren Coen harren ynspirearje litten hawwe troch de saak fan T. Eugene Thompson, in abbekaat út St. Paul, dy't yn 1963 feroardiele waard foar it ynhieren fan in hiermoardner om syn frou út 'e wei te romjen. Dat foarfal fûn plak net fier fan St. Louis Park, de stêd dêr't de bruorren Coen opgroeiden. Mar de bruorren Coen holden út dat se noch nea fan Thompson heard hiene.

De bruorren Joel en Ethan Coen.

Yn 2015, nei de dea fan Thompson, bewearde Joel Coen ynienen dat hy en syn broer it ferhaal fan 'e film, de iepeningstekst ynbegrepen, folslein út 'e tomme sûgd hiene. De spesjale edysje fan 'e dvd fan Fargo wol lykwols hawwe dat de film basearre is op 'e moard op Helle Crafts, in Deensk-Amerikaanske stewardess út Connecticut, dy't yn 1986 troch har man Richard ombrocht waard, wêrnei't er har lyk troch in houtfersnipelder helle om derfan ôf te kommen. De wierskynlikste ferklearring oangeande de bewearings foar in saneamde feitlike basis fan Fargo joech Joel Coen yn in fraachpetear yn 2005, doe't er sei: "As it publyk leaut dat [in film] basearre is op in foarfal dat wier bard is, hawwe jo [as filmmakker] it frij om dingen te dwaan dy't oars mooglikerwize net akseptearre wurde soen."

William H. Macy waard yn 't earstoan troch de bruorren Coen frege foar in lytsere rol, mar se wiene sa ûnder de yndruk fan syn audysje dat se him fregen om nochris audysje te dwaan, diskear foar de haadrol fan 'e ûnnoazele autoferkeaper en ûntfieringsbetinker Jerry Lundegaard. Yn in fraachpetear mei it tydskrift Entertainment Weekly sei Macy yn 2016 dat er der boppe-op sitten hie om der wis fan te wêzen dat er dy rol ek wier-wier krige. Hy fertelde: "Ik hearde dat [de bruorren Coen] noch hieltyd audysjes holden yn New York, dat ik [naam] it fleantúch, rûn der dêr yn en sei: 'Ik wol op 'e nij audysje dwaan om't ik bang bin dat jimme de boel bedjerre sille troch in oar [foar dy rol] oan te nimmen.' Dat sei ik echt. Witst, dy kaart kinne je as akteur net al te faak spylje. Soms wurket it gewoan averjochts, mar ik sei: 'Jonges, dit is myn rol. Ik wol him hawwe.' "

Nei't de film útkommen wie, sei Ethan Coen yn in fraachpetear oer himsels en syn broer Joel: "Ik leau dat net ien fan ús beiden foar it ferstân hie wat in drege aktearútdaging oft wy Bill Macy joegen mei dy rol. Jerry [Lundegaard] is in fassinearjend mingsel fan 'e folsleine ûnskuld en fan totaal bedroch. Mar hy is ek ûnnoazel; sels al set er dy ferskriklike foarfallen eigenhandich yn beweging, dochs komt it foar him as in ferrassing wannear't de boel misrint."

Frances McDormand waard cast yn 'e rol fan 'e lakonike swiere plysjekommissaris Marge Gunderson. Foar har rol learde se om te gean mei in pistoal en rûn se ferskate dagen mei in echte swiere plysjefrou mei om in idee te krijen op hokker manear oft swierens ynfloed op it wurk hat. Yn 'e mande mei akteur John Carroll Lynch, dy't yn 'e film har man Norm Gunderson spilet, ûntwikkele McDormand in eftergrûnferhaal foar it troude pear. Nei't se de film sjoen hie, fertelde se yn The New York Times dat se in grut diel fan it hâlden en dragen fan it personaazje fan Marge Gunderson eins basearre hie op har eigen suster Dorothy, dy't in predikante fan 'e Dissipels fan Kristus is.

Yn Fargo wurdt de dialooch fan 'e measte personaazjes, ûnder wa Marge Gunderson en Jerry Lundegaard, karakterisearre troch in opfallend aksint dat suver wat Noardgermaansk oandocht. Spesifyk giet it om it Noardlik-Sintraal Amerikaansk-Ingelsk. Ek wurdt yn 'e film it saneamde Minnesota nice toand, in kultureel stereotype dat hawwe wol dat ynwenners fan Minnesota har beleefd en freonlik opstelle en altyd besykje om konfrontaasjes út 'e wei te gean. Tegearre lieten dy beide dingen in blykber ûnútwiskbere yndruk efter op 'e lju dy't Fargo seagen, te oardieljen nei it feit dat ynwenners fan Minnesota en oanbuorjende dielen fan Noard-Dakota fan toeristen út oare dielen fan 'e Feriene Steaten acht jier nei it útkommen fan 'e film noch altyd geregeldwei it fersyk krigen om "Yah, you betcha" ("Ja, dat is wis") en oare bekende útspraken út Fargo nei te sizzen.

It stânbyld fan 'e leginda-ryske reus en folksheld Paul Bunyan (dy't yn 'e film sabeare berne wêze soe yn Brainerd), dat foar de film makke waard troch Rick Heinrichs.

It grutste part fan 'e cast waard traind yn it gebrûk fan it Noardlik-Sintraal Amerikaansk-Ingelske aksint troch logopediste Liz Himelstein, neffens wa't "it aksint ien fan 'e personaazjes yn 'e film [wie]". In oare logopediste, Larissa Kokernot, dy't ek sels in lyts roltsje yn 'e film hie as in prostituee, learde Frances McDormand it aksint oan en brocht har teffens Minnesota nice by. It aksint fan 'e personaazjes fan McDormand en William H. Macy yn 'e film waard mei opsetsin wat oerdreaun, d.w.s. sterker makke as it yn wurklikheid is. Jerry Lundegaard, it personaazje fan Macy, wennet yn 'e grutte stêd Minneapolis, dêr't it fierhinne plattelânske aksint eins net folle foarkomt. Dat hy it al hat, wiist der dêrom op dat er net yn Minneapolis opgroeid is. Yn Minneapolis en it oanbuorjende St. Paul, de saneamde Twillingstêden, sprekke fierwei de measte lju Binnenlânsk Noardlik Amerikaansk-Ingelsk, in aksint dat karakterisearre wurdt troch de saneamde klankferskowing fan 'e noardlike stêden. Datselde aksint komt ek foar yn oare grutte stêden yn 'e noardeastlike Feriene Steaten, hielendal oan Rochester yn New York ta.

De opnamen foar Fargo fûnen plak yn 'e winter fan 1995. Alle sênes waarden op lokaasje filme, foar it meastepart yn 'e stêdekloft fan Minneapolis-St. Paul yn Minnesota, en yn Pembina County en omkriten yn Noard-Dakota. Fanwegen ûngewoan lichte sniefal yn it suden fan Minnesota moasten guon sênes, wêrby't de oanwêzigens fan snie fan essinsjeel belang wie, opnommen wurde yn it noarden fan 'e steat en yn it oanbuorjende noardeastlik Noard-Dakota. Yn 'e eigentlike plakken Fargo (Noard-Dakota) en Brainerd (Minnesota), dêr't de sênes spilen, waard lykwols net filme.

De iepeningssêne fan 'e film, wêryn't autoferkeaper Lundegaard in moeting hat mei de kriminelen Showalter en Grimsrud, waard filme yn 'e bar The King of Clubs yn in noardeastlike wyk fan Minneapolis. It gebou, dat oan Central Avenue stie, is yn 2003 tagelyk mei de oare gebouwen yn dat blok sloopt om plak te meitsjen foar sosjale wenningbou. De garaazje fan Wade Gustafson wie eins de Wally McCarthy Oldsmobile Dealership yn Richfield, in súdlike foarstêd fan Minneapolis. Op dat plak stiet no it nasjonaal haadkantoar fan it winkelkeatling Best Buy.

It 7.30 m hege stânbyld fan 'e legindaryske reus en folksheld Paul Bunyan by Brainerd (dêr't er neffens de film sabeare berne wêze soe), wie eins folslein fiktyf en waard foar de film makke troch byldhouwer Rick Heinrichs. It stie ek nea by Brainerd, mar oan 'e Pembina County Highway, 61/2 km bewesten Bathgate (Noard-Dakota), deunby de grins mei Kanada. It waard nei de opnamen ûntmantele en ôffierd. It Blue Ox Motel yn Brainerd (ferneamd nei Babe the Blue Ox, it selskipsdier fan Paul Bunyan) wie eins de Stockmen's Truck Stop yn South St. Paul, dy't yn 2016 noch altyd bestie. Ember's, it restaurant dêr't Lundegaard de ûntfiering fan syn frou en de hichte fan it losjild bepraat mei syn skoanheit Wade Gustafson en dy syn boekhâlder Stan Grossman, stie yn St. Louis Park, dêr't de bruorren Coen opgroeid wiene. Anno 2016 siet yn datselde gebou in polyklinyk.

De stripklub dêr't kommissaris Gunderson de beide prostituees ûnderfreget, bestie eins út twa ferskillende opnamelokaasjes. Foar de bûtenkant waard de Lakeside Club yn Mahtomedi (Minnesota) brûkt, wylst de binnendoarsêne filme waard yn 'e Loch Ness Lounge yn Houlton (Wiskonsin). De blokhut by Moose Lake dêr't de beide ûntfierders mei harren slachtoffer ûnderdûke, stie eins oan 'e igge fan 'e Fjouwerkantige Mar by May (Minnesota). Yn 2002 waard it gebouke oerbrocht nei Barnes (Wiskonsin). De sênes op it plysjeburo yn Brainerd waarden opnommen yn in plysjeburo yn Edina (Minnesota), in foarstêd fan Minneapolis. It gebou wie yn 2016 noch as plysjeburo yn gebrûk, mar wie yn 'e tuskentiid folslein ferboud.

De ôflevering fan it losjild waard filme yn twa oanbuorjende parkeargaraazjes oan South 8th Street yn 'e binnenstêd fan Minneapolis. De sênes yn it hûs fan 'e Lundegaards waarden opnommen yn in priveewente oan Pilsbury Avenue, ek yn Minneapolis. It hûs dêr't dhr. Mohra wenne, de jouwer fan 'e tip oangeande it "apart útsjend mantsje" dat yn in bar opskepte dat er immen fermoarde hie, stie yn Hallock, yn it noardwesten fan Minnesota. It motel by Bismarck (Noard-Dakota), dêr't de plysje Jerry Lundegaard einlings en te'n lêsten oppakt, wie eins it Hitching Post Motel yn Forest Lake (Minnesota), benoarden Minneapolis.

De distribúsje fan Fargo waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Gramercy Pictures, en yn it Feriene Keninkryk troch PolyGram Filmed Entertainment. De film waard begjin maaie 1996 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn it Frânske Cannes. Yn 'e Feriene Steaten iepene Fargo op 8 maaie yn 'e bioskopen, en yn it Feriene Keninkryk barde dat op 31 maaie. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1996 by platemaatskippij TVT Records, op ien cd mei seleksjes fan 'e soundtrack fan 'e film Barton Fink.

De film Fargo projektearre op it Radisson Hotel yn Fargo.

Hoewol't Fargo eins alhiel net filme is yn Fargo (Noard-Dakota) en dêr mar foar in hiel lyts diel spilet, hat de stêd de film ta in middel foar selspromoasje makke. Yn 2006, tsien jier nei de bioskooppremiêre, waard op it jierlikse Filmfestival fan Fargo de film projektearre op in reuseftich skerm dat pleatst wie oer de noardkant fan it heechste gebou fan 'e stêd, it Radisson Hotel.

Fan 'e filmkritisy krige Fargo oer it algemien loovjende resinsjes. Sa priizge Arnold Wayne Jones fan 'e Dallas Observer de film as in "ferljochtsjende ferraning fan emoasje en tins". Hy hie ek lof foar de rezjy en foar it senario fan 'e bruorren Coen. It aktearjen fan aktrise Frances McDormand waard troch in protte kritisy bejubele, ûnder wa Lisa Schwarzbaum fan Entertainment Weekly, Anthony Lane fan The New Yorker en Mike Clark fan USA Today.

Net eltsenien tocht der lykwols sa oer. Yn it tydskrift Time bekritisearre Richard Corliss Fargo foar it gebrûk fan it Noardlik-Sintraal Amerikaansk-Ingelsk aksint en fan it Minnesota nice-stereotype. Hy ferliek de film yn negative sin mei Blood Simple, in earder wurk fan 'e bruorren Coen. Janet Maslin fan The New York Times fûn Fargo krekt "folle stylfoller en fermaakliker" as Blood Simple. James Berardinelli, dy't skreau foar syn eigen webside ReelThoughts, joech oan Fargo 3 fan 5 stjerren. Hy fûn dat it "maklik is om te bewûnderjen wat de Coens besykje te dwaan yn Fargo, mar in stik dreger om wier fan 'e film te hâlden."

Noch folle mear útsprutsen negatyf as Corliss wie John Simon yn The National Review. Hy fûn Fargo "de bêste film [fan 'e bruorren Coen] oant no ta, mar dat seit net folle." Hy skreau ek: "[Dizze film] hie in aardige lytse film noir wêze kind as [de Coens] it net bedoarn hiene mei swarte komeedzje, absurdisme en folkske farse: Skandinavyske Amerikanen mei harren boerefratsen. In diel dêrfan wurket, ferrassend genôch, mar in diel fariëarret fan ûnsmaaklik oant ûnfertarber."

Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune en Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wiene allebeide lyrysk oer Fargo en beskôgen it as de bêste film fan 1996. Ebert parte de film letter ek noch it fjirde plak ta op syn ranglist fan bêste films fan 'e 1990-er jierren. Yn 2006 waard Fargo troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid troch tafoeging oan it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde. Yn 2017 brocht it Writers Guild of America, it ynfloedrike Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers, in ranglist út fan 'e hûndert bêste films aller tiden; dêrop naam Fargo it 32ste plak yn.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Fargo in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 104 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in gewelddiedige, aparte en dûnker grappige plot leveret Fargo in orizjineel misdieferhaal en in prachtich optreden fan McDormand." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Fargo in goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 25 resinsjes.

Fargo brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $24,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $36,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $60,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7 miljoen betsjut dat in winst fan $53,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 1997 waard Fargo by de Oscars nominearre foar prizen yn 7 ûnderskate kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (William H. Macy), bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn 2 Oscars, foar bêste aktrise (Frances McDormand) en foar bêste orizjinele senario. By de Golden Globes waard Fargo datselde jiers nominearre yn 4 kategoryen (mar wûn de film gjin prizen): bêste film (musical of komeedzje), bêste regisseur, bêste aktrise (McDormand) en bêste senario.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wûn Fargo yn 1996 de priis foar bêste regisseur en wie de film nominearre foar de Gouden Palm (foar bêste film). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Fargo yn 1997 nominearre yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste aktrise (McDormand), bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn de BAFTA foar bêste rezjy. Fargo waard ek nominearre foar twa Screen Actors Guild Awards, wêrûnder bêste byrol fan akteur (Macy). Frances McDormand wûn dêrby de priis foar bêste aktrise. Mei it skript fan 'e bruorren Coen wûn de film ek de Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario.

By de Saturn Awards waard Fargo nominearre yn 3 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur en bêste aktrise (McDormand). De film wûn de priis foar bêste aksje- of aventoerefilm. By de Satellite Awards waard Fargo nominearre yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste akteur yn in dramafilm (Macy), bêste byrol fan in akteur yn in dramafilm (Steve Buscemi), bêste orizjinele senario en bêste filmmontaazje. De film wûn de prizen foar bêste film, bêste regisseur en bêste aktrise yn in dramafilm (McDormand). By de Independent Spirit Awards, de wichtichste prizen foar ûnôfhinklike films, waard Fargo nominearre yn 6 kategoryen en wûn dêrby ek eltse kear. De prizen wiene foar: bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Macy), bêste aktrise (McDormand), bêste senario en bêste kamerarezjy.

Spin-off-searje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In spin-off-misdiesearje op 'e tillefyzje, dy't yn deselde fiktive ferzje fan 'e Feriene Steaten spile as Fargo, waard yn 2014 foar it earst útstjoerd op it tillefyzjekanaal FX. De titel fan 'e searje wie ek Fargo. De produsinten wiene de bruorren Coen. De searje krige in protte lof fan 'e tillefyzjekritisy en rûn oant en mei 2024.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.