Fan Aysma


Fan Aysma (ek: Lauta fan Aysma, fan 1853 ôf Lauta van Aijsma) is in âld Frysk aadlik laach dêr't der trije leden fan yn 1825 yn 'e Nederlânske adel opnommen waarden en in fjirde yn 2022. Stamheit wie Hessel Aysma.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stamme begjint mei Hessel Aysma dy't de bewenner en eigner fan 'e Aysmastate yn Bitgum wie en foar 1511 ferstoar. Syn oerpakesizzer Hessel fan Aysma (1628-foar 1683) wie offisier yn it Steatske leger, lykas guon út syn neiteam.
Yn Skettens wenne in takke fan Fan Aysma guon generaasjes lang yn 'e Osinga State. Skelte fan Aysma wie de wichtichste fan harren, dy't troch syn boaskjen yn 1612 mei Tjemck fan Osinga dêr it eigendom fan krige. Skelte hie in militêre karriêre dêr't er de hege funksje fan kolonel yn jannewaris 1637 by krige. Op 23 augustus dat jiers ferstoar er by it belis fan Breda yn it militêr sikehûs yn Geertruidenberg. Hy leit begroeven yn 'e Herfoarme tsjerke fan Skettens ûnder in tige grutte sark dy't dêr noch hieltyd yn leit. Syn helm en degen binne bewarre bleaun en hingje sûnt ein 19e iuw yn 'e nije tooer fan de tsjerke. Nijsgjirrich is dat fan dy bysûndere helm in ôfbylding op de grêfstien stiet. Nei de resinte ûntdekking yn 2016 binne alletwa militêre attributen yn brûklien oergien nei it Nasjonaal Militêr Museum yn Soest.
Fan syn pakesizzer mei deselde namme, kapitein Schelte Hotzes van Aysma (1655-<1708), is in moai berneskildering bewarre bleaun dy't yn it Stedsk Museum Swol hinget. Op dat skildering fan Harmen Monsma út likernôch 1660 stiert er ôfbylde yn in bernekostúm en in grutte hoed.
Skelte syn soan Hotze Skeltes fan Aysma (1681-1747) wie de lêste bewenner fan Osinga State. Omtrint syn boaskjen mei Anna Geertruid Swaen yn 1727 moatte sy ferfearn wêze nei Sutfen. De state waard letter ta in pleats omboud.
By Keninklik Beslút fan 9 maaie 1825 waarden de trije bruorren Jacob, Hessel en Adriaan Hendrik erkend dat se ta de Nederlânske adel hearre. Hja lieten in nij wapen ûntwerpe dy't in kombinaasje fan de âlde wapens Lauta en Fan Aysma wie. It (grute) fermogen fan de twa dochters fan Hessel waard tamakke oan de diakony fan Renswoude en it Herfoarme Alde Manljus- en Frouljusynrjochting yn Veenendaal. Letter kaam it fermogen yn 'e nije Stichting Freule Lauta van Aysma dy't dêrnei yn 2003 troch misbelied yn grote finansjele problemen rekke.
Ut in jongere healbroer fan de trije niisneamde bruorren, Mathias Lauta van Aijsma (1808-1872), stammet in oare takke dêr't noch ien manlike neikommeling út noch libbet, François Antonius Gemma Lauta van Aijsma (1945). Dy waard by Keninklik Beslút fan 8 maart 2022 yn 'e Nederlânske adel erkend mei it predikaat fan jonkhear.[1][2]. Resint waard DNA-ûndersyk útfierd dêr't bliek dat Frans yndie besibbe is oan kolonel Skelte Hotzes fan Aysma is[3].
Guon telgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hessel Scheltes fan Aysma (likernôch 1527-1592), lêste presidint fan it Hof fan Fryslân en ûndertekener fan it Ferbûn fan de Eallju.
- Sijbolt Hotzes fan Aysma (likernôch 1534-1604), rintmaster. Hy skreau de yn it Aldfrysk skreaune rjochtstekst 'Codex Aysma'.
- Schelte Hotzes fan Aysma (1578-1637), kolonel fan it Fryske Regimint
- Hessel fan Aysma (1628-foar 1683), kapitein fan it Fryske Regimint.
- Hotze (Horatius Lauta) fan Aysma (1669-1745), kapitein fan it Fryske Regimint, erve de Rinsmastate in Driezum
- Jacob Lauta fan Aysma (1708-1790), kapitein-luitenant, drossaard fan Dongen, ferkocht mei syn broer Rinsmastate oan F.D. fan Sytzama
- Jan Lauta fan Aysma (1739-1815), skout fan Princenhage, skepen en hiemried fan 'e hearlikheid Batenburg
- jhr. Jacob Lauta fan Aysma (1762-1830), rintmaster domeinen
- jhr. Hessel Lauta fan Aysma (1775-1828), lânbouwer
- jkfr. Anna Magdalena Cornelia Lauta van Aysma (1822-1898)
- jhr. Jacob Lauta van Aysma (1817-1881), ryksûntfanger
- Mathias Lauta van Aysma (1808-1872), sersjant ynfantery
- François Wilhelmus Lauta van Aijsma (1853-1944), oannimmer
- François Wilhelmus Lauta van Aijsma (geb. 1887), boukundige
- Gerardus Johannes Lauta van Aijsma (1915-2012), atleet
- Franciscus Antonius Gemma Lauta van Aijsma (berne 1945), jonkhear (2022)
- Gerardus Johannes Lauta van Aijsma (1915-2012), atleet
- François Wilhelmus Lauta van Aijsma (geb. 1887), boukundige
- François Wilhelmus Lauta van Aijsma (1853-1944), oannimmer
- Jan Lauta fan Aysma (1739-1815), skout fan Princenhage, skepen en hiemried fan 'e hearlikheid Batenburg
- Jacob Lauta fan Aysma (1708-1790), kapitein-luitenant, drossaard fan Dongen, ferkocht mei syn broer Rinsmastate oan F.D. fan Sytzama
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|