Famyljeroman
Appearance
In famyljeroman is in roman dêr’t de wederwarichheden fan in folsleine húshâlding of in folsleine famylje (soms fan inkelde generaasjes dêrfan) yn beskreaun wurde. Guon famyljeromans groeie út ta sosjale romans, trochdat dy it karakter fan in famyljeroman oerstige, bygelyks om’t se de hiele sosjale kontekst fan sa’n famylje yn de beskriuwing belûke.
Inkelde bekende famyljeromans binne Die Buddenbrooks fan Thomas Mann en The Forsyte Saga fan John Galsworthy. Ek Louis Couperus skreau meardere famyljeromans, lykas De boeken der kleine zielen en Van oude mensen, de dingen, die voorbij gaan....