Aostadelling

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Falle d'Aosta")
Gean nei: navigaasje, sykje
Aostadelling
Valle d'Aosta
Flagge Wapen
Flag of Valle d'Aosta.svg Valle d'Aosta-Stemma.svg
Lokaasje yn Itaalje
=Regione-Aosta-Posizione.png
Algemien
Haadstêd Aosta
Oerflakte 3262
Befolking 127.000
Befolkingstichtens 37
Oare ynformaasje
Heechste punt Mont Blanc: 4800 meter
Oantal gemeenten 74
Provinsjes Aosta

De Aostadelling (Italjaansk: Valle d'Aosta of Val d'Aosta; Frânsk: Vallée d'Aoste), is in bercheftige regio en provinsje yn noardwestlik Itaalje. It is de lytste regio fan it lân, dy't yn it westen grinzet oan Frankryk, yn it noarden oan Switserlân en yn it suden oan 'e regio Piëmont.

Geografie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aostadelling beslacht 3.263 km² en de haadstêd is Aosta. De regio omfettet, sa't de namme al seit, de delling fan Aosta, feitliks de delling fan 'e rivier de Dora Baltea, dat in sydrivier fan 'e Po is. Ferskate syddellings hearre ek ta de regio.

Begrinzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it noarden wurdt de Aostadelling fan it Switserske Wallis (de delling fan 'e Rhône) skaat troch de Walliser Alpen. De Grutte Sint-Bernardpas liedt oer dizze berchrêch nei Martigny. Oare passen oer de Walliser Alpen binne allinnich rinnende begeanber. Yn it noardwesten wurdt de regio begrinzge troch it massyf fan 'e Mont Blanc, oare kant wêrfan't yn Frankryk de delling fan Chamonix leit. De Aostadelling is mei Chamonix ferbûn troch de Mont-Blanctunnel, dy't de E25 ûnder de Mont Blanc troch liedt.

Súd en súdwest fan 'e Aostadelling lizze de Grajyske Alpen, dêr't de Lytske Sint-Bernardpas oer nei it westen liedt, nei Bourg-Saint-Maurice yn 'e Savoaiske Tarentaisedelling. De súdkant fan 'e Aostadelling wurdt foarme troch it massyf fan 'e Gran Paradiso. Yn it easten grinzget de regio, ta einbeslút oan 'e Piëmonteeske dellings Val Sesia en Val d'Ossola.

Aosta sjoen út de omlizzende bergen wei.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aostadelling hat in befolking fan om-ende-by 127.000 ynwenners. Der wurde ferskate talen sprutsen: Italjaansk, Franko-Provinsaalsk en Frânsk. It Frânsk, dat mei in Italjaansk in offisjele status yn 'e regio hat, wurdt mar troch in lytse minderheid fan 4.000 minsken as memmetaal sprutsen; in folle grutter oanpart fan 'e befolking wurdt foarme troch de lju dy't fan hûs út Franko-Provinsaalsk prate: 68.000. Dat is in taal dy't healwei tusken it Frânsk en it Oksitaansk yn stiet, en dy't ek yn it Frânske Savoaye en yn súdwestlik Switserlân sprutsen wurdt.

Romeinske ruïnes yn Aosta.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Kalaabrje - Kampaanje - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Latium - Liguerje - Lombardije - Markee - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tirol - Toskane - Umbrje - Feneto