Falklânboatein
| Falklânboatein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tachyeres brachypterus | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Falklânboatein (Tachyeres brachypterus) is in edemyske fûgelsoarte op 'e Falklâneilannen út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in grutte, sterke ein mei lytse wjukken dy't net fleane kin. It fearrekleed is foar it grutste part brún oant griis. Om it each sit in wite eachring dy't as in streek efter nei de nekke fierder rint. It mantsje hat in feloranje snaffel en it wyfke en de jongen in oliifgriene snaffel. De Falklânboatein is it meast besibbe oan 'e fleanende boatein, dy't ek op en om de Falklaneilannen libbet. Oannommen wurdt dat se ek noch wol út en troch mei inoar kruse.
Ut in ûndersyk fan 2012 die bliken dat de twa soarten genetysk net fan inoar ferskille. Se ha lykwols wol oanstriid om yn ferskillende geografyske gebieten te brieden. It soe kinne dat de genetyske oerienkomsten te ferklearjen binne troch hybridisaasje. Guon wittenskippers ha útsteld dat de twa soarten as ien soarte behannele wurde moat, mar om dat ta in útdragene saak te bringen is der mear bewiis nedich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel komt allinne op 'e Falklâneilannen foar en wurdt as monotypysk behannele, itjinge sizze wol dat der gjin ûndersoarten fan binne.
Falklânboateinen binne oan 'e kust te finen. De soarte jout de foarkar oan lytse rotseftige gebieten en oan baaien yn 'e lijte. De soarte libben ek op markes by de kust, mar oars as de reuzeboatein komt er net yn it binnenlân.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens ûndersyk ha ynvasive soarten op 'e populaasjes kustfûgels op 'e Falklâneilannnen in negatyf effekt. Wittenskippers stelden fêst dat eilannen mei in soad rotten minder kustfûgels ha. Ek de Falklânboatein falt dêrûnder. In oare soarch binne mooglik oaljeloazingen op see.
De soarte hat lykwols in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de fûgel as net bedrige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Falkland steamer duck
|
