Springe nei ynhâld

Falentyn fan Terni

Ut Wikipedy
Falentyn fan Terni
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitRomeinsk
stjerdatum† 269
stjerplakRome
hillichferklearring
hjeldei14 febrewaris
attributenswurd, boek, biskopsstêf
patroan fanjonge minsken, reizgers en ymkers

Falentyn fan Terni (berne omtrint 225 en ferstoarn op 14 febrewaris 269) is in hillige en martler fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Yn 'e 3e iuw nei Kristus wie hy biskop fan Interamna, it hjoeddeiske Terni yn Itaalje. Falentyn fan Terni wurdt hjoed-de-dei fereare as de beskermhillige fan leafsten en de tradysje fan Falentynsdei wurdt oan him taskreaun.

Eartiids waard Falentyn fan Terni oanroppen foar help by syktes lykas epilepsy, lykas ek Falentyn fan Passau. Mei de tiid late dy ferearing jimmeroan mear ta in ferminging fan beide hilligen.

De oerlevering ûnderskiedt en fermingd tagelyk ek Falentyn fan Terni mei in Falentyn fan Rome, mar it is mooglik dat it om ien en deselde persoan giet.

Falentyn fan Terni soe yn Rome troch genêzingen in soad minsken wûn ha foar it kristlike leauwe. Dat soarge foar argewaasje by de autoriteiten en yn it jier 268 ferstoar er de martlerdea troch ûnthalzing.

Falentyn fan Rome soe as preester pearkes, dêr't ien fan heidensk en de oare kristlik wie, kristlik troud ha ek al wie soks ferbean. Dêrom waard der op 14 febrewaris 269 ûnthalze. Fierder soe Falentyn oan 'e troude pearkes blommen út syn tún jûn ha. Houliken dy't troch him sletten binne wienen neffens de tradyskje mei in soad lok seinige.

De skryn fan Falentyn yn 'e katedraal fan Terni.

Op in soad plakken yn Jeropa wurde reliken fan Falentyn bewarre, mar it is net altiten dúdlik as it om Falentyn fan Terni giet.

Sint-Falentyn is de beskermhillige fan jonge minsken, reizgers en ymkers. Hy wurdt oanroppen tsjin dwylsin, epilepsy en de pest. Ek helpt Falentyn famkes om de keinens te behâlden en kin Falentyn helpe by in goede ferloving en in lokkich houlik.

Dei fan betinking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Falentyn's feestdei wurdt yn 'e Lutherske (Falentyn fan Rome), de Anglikaanske (Falentyn fan Rome)en Roomsk-katolike (Falentyn fan Rome en Falentyn fan Terni) tradysje op 14 febrewaris fierd. De otterdoke datum foar Falentyn fan Terni is 30 july.

Falentyn fan Terni wurdt meast as biskop mei in swurd as ferwizing nei de ûnthalzing of in hoanne as ferwizing nei de opoffering fan syn libben foarsteld.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan 'e Dútsktalige wikipedyside, sjoch foar literatur en Einzelnachweise: de:Valentin von Terni