Springe nei ynhâld

Fairchild-Republic A-10 Thunderbolt II

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fairchild-Republic A-10)
Republic A-10 Thunderbolt II


Rol Jachtbommesmiter
Makker Fairchild Republic
Earste flecht 10 maaie 1972
Yn tsjinst Maart 1977
Ut tsjinst earne foar 2028
Tal makke 716 (1972–1984)
Grutste brûker United States Air Force
Priis $ 18,8 miljoen it stik (A-10C, 2015)
A-10 folslein bewapene

De Fairchild Republic A-10 Thunderbolt II is in fjochtfleanmasine fan de Amerikaanske Loftmacht (United States Air Force, USAF). De offisjele namme fan de A-10 komt fan de Republic P-47 Thunderbolt út de Twadde Wrâldkriich, in jachtfleanmasine dy't útsoarte tige goed wie by grûnoanfallen. De A-10 wurdt meast by syn bynamme neamd, "Warthog" ('Warteswyn') of koartwei "Hog".

It is it iennige USAF-tastel dat primêr ûntwikkele waard foar it jaan fan loftstipe oan grûntroepen op it slachfjild (close air support). It is spesjaal útrisd foar it ferneatigjen fan tanks, pânserweinen en oare doelen op de grûn.

It 30 mm GAU Avegerkanon

In twadde taak dy’t de A-10 ferfolle kin, is optrede as fleanende forward air controller; de fleander praat dan oare tastellen nei de doelen op de grûn dy’t oanfallen wurde moatte.

De A-10 is fanwegen syn lange rjochte wjukken mei delbûgde úteinen goed te manûvrearjen by stadich fleanen op lege hichten. Dêrtroch hat er foar start en lâning mar in koarte baan nedich en kin er goed brûkt wurde fan tydlike foarútskode posten tichteby it front.

De A-10 kin sa bygelyks by in leechhingjende bewolking op 300 m, mei min sicht, mei mar 320 km/o operearje en sa sekuer syn doel oanfalle.

De stevigens fan de Thunderbolt II hat him al de bynamme ‘fleanende tank’ besoarge. It kasko hat in huningskiifstruktuer dy’t in soad skea ferneare kin. Alle foar de flecht needsaaklike systemen binne trijefâldich oanlein (in dûbel hydraulysk en ien meganysk systeem). De praktyk hat al útwiisd dat de fleander sels sûnder hydraulyk en mei in foar de helte fuortsketten wjuk noch feilich lânje kin. It tastel hat selstichtsjende brânjetanks en is sa boud dat it mei ien motor, ien sturtflak, ien hichteroer en in hele fleugel noch te bestjoeren is.

Cockpit en dielen fan it bestjoeringssysteem wurde beskerme troch in kûpe fan 400 kilo titanium bepânsering dy’t mear as ien 20mm treffers hawwe kin.

De A-10 kin in mânske lading bommen meinimme en hat in rotearjend 7-loops 30mm GAU Avenger kanon, dêr’t de fleanmasine omhinne boud is om sa mar te sizzen. Om't it kanon goed yn de midden fan de noas te krijen, waard it noastsjel út de midden pleatst.

De produksje stoppe yn 1984 neidat der totaal 715 tastellen boud wienen.

De A-10 is al ferskate kearen by de tiid brocht; it krige tragensnavigatie, Global Positioning System, nachtsichtapparatuer en de Pave Penny laser-doeloanwizer. Fan 2005 ôf waarden alle tastellen mei in oare fleugel, in eigen brânblussysteem, ECM mooglikheden en de tarissing om ‘tûke’ bommen mei te nimmen, op A-10C standert oanbrocht. Dy A-10C fleach foar it earst op 28 jannewaris 2005. Der wurdt tocht dat de A-10 sa oant likernôch 2028 operasjoneel bliuwe kin.

Swier skansearre A-10 Thunderbolt II nei gefjocht boppe Bagdad 2003, it slagge werom te kommen

De A-10 waard ûntwikkele op grûn fan de ûnderfining dy't de USAF yn de Fietnamoarloch opdien hie. Yn dat konflikt rekken in protte tastellen mei in close air support-rol swier skansearre of waarden delsketten mei relatyf lichte fjoerwapens, ienfâldige ôfwarraketten en gewoan loftôfwargeskut.

De firma Fairchild ûntwikkele doe it YA-10A prototype dat foar it earst op 5 april 1972 fleach.

Oktober 1975 rôlen de earste operasjonele A-10’s út it fabryk.

De earste leveringen oan de USAF begûnen yn maart 1976 en it earste operasjonele skwadron wie yn oktober 1977 ree op de fleanbasis Davis-Monthan, Arizona.

Fan de A-10B twasitter waarden mar twa makke, want de A-10 wie sa ienfâldich te fleanen dat in treningsferzje net nedich achte waard.

Yn it earstoan wist men by de USAF suver net wat men der oan hie, went as men wie oan djoerdere en technysk folle yngewikkelder tastellen sa as de F-16 Fighting Falcon en de F-15 Eagle. fierders wie men fan betinken dat it leger (US Army) sels ferantwurdlik wie foar loftstipe oan de eigen troepen; helikopters koene dy wol leverje.

It besykjen om de Thunderbolt II oer te dwaan oan it Amerikaanske leger of oan it USMC roan op neat út; nimmen woe it ûnsjugge low-tech tastel hawwe. Omdat de A-10 útsoarte gaadlik foar tankbestriding achte waard, waarden se foar it grutstepart op bases yn Jeropa legere as tsjinwicht foar de protte tankdifyzjes fan it Warsjaupakt.

Yn 1991 waard de Thunderbolt II lykwols massaal ynset yn de Golfoarloch en it súkses tsjin de Iraakske ienheden wie grut. Doe hienen de US Army en it USMC wol belangstelling foar it tastel, mar de USAF woe syn A-10’s doe net mear kwyt.

Yn 1999 waarden de A-10’s fannijs mei súkses ynset yn de kriich yn Kosovo, fan 2001 ôf mei wikseljend súkses yn Afganistan en sûnt 2003 yn Irak.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
A-10 fan trije kanten besjoen
Foarkant A-10
Underkant A-10
A-10 Thunderbolt II
Feiten A-10A Thunderbolt II
Type: grûnoanfalsfleanmasine
Lingte: 16,26 m
Spanwiidte: 17,42 m
Hichte: 4,42 m
Wjukoerflak: 47,01 m²
Draachflakbelesting:
  • Minimaal (leechgewicht ): 208 kg/m²
  • Nominaal (startgewicht gewoanwei): 316 kg/m²
  • Maksimaal (startgewicht maks.): 482 kg/m²
Leechgewicht: 9.761 kg
Normaal startgewicht: 14.846 kg
Maksimaal startgewicht: 22.680 kg
Maksimaal brânstofkapasiteit: 4.853 kg (yntern)
Topfaasje: 706 km/o (op seenivo)
Leechste faasje: sa'n 220 km/o (op seenivo)
Klimfaasje: 1.828 m/min
Tsjinstplafond: 13.636 m
Gefjochtsfleanberik: 1.030 km
Maks. fleanberik 4.091 km
Bemanning: 1 fleander
Maksimale wapenlading: 7.257 kg
Bommen: 7200kg oan 8 ophingpunten (hardpoints)
Boardkanon: 1x 30mm GAU Avenger gatlingkanon hurdfjoerkanon; gjin raketten
Oandriuwing: twa General Electric TF34-GE-100-Turbofan
Turbinekrêft: 2 × 40,32 kN
Priis it stik: sa'n 11,7 miljoen US-Dollar (trochstrings)
Status:
  • Operasjoneel: 143 A-10, 70 OA-10
  • Reserve: 46 A-10, 6 OA-10
  • Nasjonale garde: 84 A-10, 18 OA-10

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]