Springe nei ynhâld

FNPjongerein

Ut Wikipedy

FNPjongerein is de jongereintûke fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP), dy't yn 2017[1] oprjochte waard. De tûke is bedoeld om jonge minsken binnen de NFP in stim te jaan. De FNPjongerein organisearret by gelegenheid polityk-sosjale aktiviteiten, temajûnen en reizen foar leden en stipers. Yn it ferline wienen der ûnder oaren útwikselingen mei jongerein fan de SNP (Skotlân), Die Friesen (East-Fryslân) en de SSW (Noard-Fryslân).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. FNP-jongerein oprjochte, op Omrop Fryslân, 6 april 2017