FC Burdaard is de fuotbalferiening fan Burdaard. De klup is oprjochte op 6 oktober1966 en spilet op de sportpark De Zwaluw oan de Jislumerdyk. It tenu fan de klup bestiet út in grien shirt mei swarte skouders en swarte mouwen, in swarte broek en swarte sokken, mei in griene râne.
De muoisume begjinjierren fan de feriening spilen har yn it earstoan benammen bûten it doarp ôf op in ta fuotbalfjild transformearre stik greide ûnder Stiennen Daam. Om it fjild spylklear te meitsjen moast it noch regelmjittich ûntdien wurde fan stront fan de skiep dy't der troch de wike gebrûk fan makken. Op 18 maaie 1974 waard it sportkompleks oan de Jislumerdyk yn gebrûk naam. En wie it dien mei it opromjen fan stront. Nei 39 jier oan de Jislumerdyk spile te hawwen ferhúze de klup op 12 jannewaris2013 nei Sportkompleks de Zwaluw oan it Sportpaad.