FC Boppeslach
FC Boppeslach wie yn maart en april 2007 in frouljusfuotbalploech, gearstald troch Jan Dolstra en Bert Hollander yn opdracht fan Omrop Fryslân.
De oanlieding wie it foarmjen troch it KNFB fan in fuotbalkompetysje foar froulike beropsspilers foar it seizoen 2007-2008. Dat betekene dat klubs út de earedifyzje no op 'e syk moasten nei froulike fuotbalspilers, wat der op del kaam dat besteande fuotbalklups no frouljusfuotbaltalint fine moasten. Doe't net dúdlik waard oft yn Fryslân Cambuur of Sportklub It Hearrenfean in alvetal foar de nije kompetysje leverje soe, kaam it idee op om in demonstraasjeploech te foarmjen. It gearstallen fan de ploech waard folge troch it doetiidske sportprogramma fan Omrop Fryslân, Boppeslach. Dat is ek hoe't de ploech in namme krige: FC as de Ingelske ôfkoarting foar fuotbalklup en Boppeslach nei it programma.
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]FC Boppeslach hat 19 april 2007 op sportpark Skoatterwâld de iennichste wedstryd spile, twa kear in heal oere, tsjin twa seleksjes foar froulju fan Sportklub It Hearrenfean, dy't dêrmei ek harren mooglike spysters besjen woenen. Al wienen troch persoanlike omstannichheden mar krekt genôch spilers oanwêzich om in alvetal te foarmjen, dochs hie de ploech in goed nivo fan spyljen. Oan de ein fan de wedstriid die lykwols bliken dat de ynset fan in kompleet nije ploech tsjinstanners yn de twadde helte, de wedstriid te dreech makke foar de spylsters fan FC Boppeslach en hja moasten de tsjinstanners ien doelpunt tastean. Mei de útslach 0-1 einige de FC Boppeslach harren bestean mei it resultaat fan mar ien ferlieswedstriid ea.
Spylsters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nacima de Beer (AVC)
- Atty Eelkema (Oranje Nassau Grins)
- Brenda Eefting (FF Oerterp)
- Sylvia van der Geest (Oranje Nassau Grins)
- Si Shut Hau (ONS Snits)
- Marlijn Hermans (AVC)
- Baukje Hiemstra (Oranje Nassau Grins)
- Geertje Hiemstra (Oranje Nassau Grins)
- Marjan Hoeksma (Be Quick Dokkum)
- Elisabeth Negerman (ONS Snits)
- Cilla Ritsma (AVC)
- Sherida Spitse (FF Snits)
- Ruth Stienstra (AVC)
- Janneke Vellema (Be Quick Dokkum)
- Sharon de Vugt (ONS Snits)