Fêste skiif

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Icono consulta borrar.png
Side kin wiske wurde


Dizze side stiet op de list fan siden dy't nominearre binne om wiske te wurden.

Dizze side soe wiske wurde kinne om't eltsenien de side (no) net brûkber mear fynt.
Soenen jo noch in doel sjen foar dizze side, dan kinne jo der gewoan yn skriuwe, mar helje dan al earst de titel fan de list fan siden dy't wiske wurde sille, om't jo wurk oars ek wiske wurde kinne soe.

Fideo-opname fan in fêste skiif

De letterlike oersetting fan "hard disk" is hurde skiif fansels. De "hard disk" sit ynboud yn jo kompjûter en hat hjoeddeis in giga-ûnthâld. Us buortaal it Nederlânsk ken twa oersettings "harde schijf" en "vaste schijf". Sjoen de skiednis fan de (kompjûter)skiif is ien en oar nochal betiizjend. No jout de oersetting nei in oare/nije taal lykwols de mooglikheid om in stikje betizing fuort te nimmen. Sa is om betizing tefoaren te kommen "hard disk" prima oer te setten mei fêste skiif.

Skiednis fan de (kompjûter)skiif[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koarte skiednis fan de skiif begjint mei de "floppy disk", in 5,25 toms sloppe skiif. Dy waard eins foarôf gien troch in folle minder bekende hiele grutte floppy. Sis mar de langspylplaat ûnder de skiven. As der om de iuwwiksel hinne oer in skiif of gauris skyfke praat waard, gie it oer de hurde 3,5 toms skiif.