Everhardus Johannes Potgieter

Everhardus Johannes Potgieter (Swol, 27 juny 1808 - Amsterdam, 3 febrewaris 1875) wie in Nederlânske skriuwer. Yn 1837 wie hy de oprjochter fan it progressyf-liberale wykblêd De Gids.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Potgieter wenne oant 1821 by syn âlden yn Swol. Dêrnei sette er ôf nei syn muoike Wilhelmina fan Ulsen yn Amsterdam om oplaat te wurden yn'e learhannel. Fan 1827 oant de Belgyske Revolúsje fan 1830 wie Potgieter wurksum op in hannelskantoar yn Antwerpen. Yn Antwerpen kaam er yn'e kunde mei literêre rûnten, mei ûnder ynfloed fan Jan Frans Willems (1793-1846). Tusken april 1831 en desimber 1832 hold er in jier yn Sweden ta. Syn ferbliuw yn Sweden wie de direkte oanlieding foar syn literêre debút (Het Noorden, in omtrekken en tafereelen). Fan begjin 1833 ôf wenne er yn Amsterdam.
Mei Reinier Bakhuizen van den Brink, Aarnout Drost en Jan Pieter Heije joech er yn de perioade 1833-1836 it blêd De Muzen, Nederlandsch tijdschrift voor de beschaafde en letterkundige wereld út, wêrfan't úteinlik seis ôfleveringen ferskynden. Under syn redaksje ferskynde fan 1838 oant en mei 1840 it [Letterkundich] jierboekje Tesselschade yn Amsterdam by Hendrik Frijlink. [1] Doe folge it ynfloedrike, alle moannen úbrochte, tydskrift De Gids dêr't er redaksjelid fan 1837 oant 1865 fan wie. Hy wie ek ien fan de meast aktive meiwurkers en publisearre gâns kommentaren en gedichten ûnder ferskate pseudonimen, meastentiids as W.D-s, in hommaazje oan de letterkundige en dichter W.A. Dwars. De Gids wie yn it earstoan yn haadsaak in kritysk tydskrift, mei oersettingen en oarspronklik wurk yllustrearre troch printen.
Potgieter naam ôfskied fan De Gids yn 1865. De direkte oanlieding wie in kontroverse oer in pear artikels fan Conrad Busken Huet, dy't fan 1863 ôf bydragen skreau. Potgieter, dy't Huet by it blêd belutsen hie, keas de side fan Huet yn in striid mei de oare redakteuren. Huet koe net oars en tsjinne yn 1865 syn ûntslach yn en waard folge troch Potgieter.
Nei syn fuortgean by De Gids ûndernaam er mei Huet yn 1865 in reis nei Florâns, om de Dante-feesten (by gelegenheid fan dy syn 600e bertedei) by te wenjen. Ien en oar is beskreaun yn Florence.
Syn lêste libbensfase bestege Potgieter oan de poëzij, en oan in biografy oer Bakhuizen van den Brink (útjûn yn 1870).
Potgieter waard beïerdige op de Nieuwe Oosterbegraafplaats yn Amsterdam. Dêr is syn grêf yn 2014 restaurearre yn opdracht fan it Prins Bernhard Cultuur Fonds en it Koninklijke Boekverkopersbond. [2]
Yn syn bertestêd Swol is it park Potgietersingel nei him neamd, en dêr is ek in stânbyld fan de skriuwer te finen. Yn ferskate stêden en doarpen yn Nederlân, lykas yn Amsterdam, Bloemendaal, Gouda (2 x), De Haach, Haarlim, Heiloo, Hilversum, Leien (Potgieterlaan), Nijverdal, Utert, Vlaardingen, Voorburg en Zandvoort, binne der strjitten nei him ferneamd.
Tinkwrâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Potgieters wurk is oer it generaal kritysk en is mankelyk fan stimming. Syn tinkwize wurdt faaks it bêste typearre troch syn bewûndering fan de Nederlânske maatskippij yn de Goudene Iuw en syn striid tsjin de lammenadige 19e-iuwske folksgeast. Hy yntrodusearre Jan Salie - in personifikaasje fan de 19e-iuwske sleauwens. Syn favoryt ûnder de Nederlânske klassike skriuwers wie P.C. Hooft, dy't er wat styl oanbelanget faak neidien hat.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Het Noorden in omtrekken en tafereelen (1836-1840)
- Liedekens van Bontekoe (1840)
- Albert (1841)
- Jan, Jannetje en hun jongste kind (1842)
- Het Rijksmuseum te Amsterdam (1844)
- Het uurwerk van 't Metalen Kruis (1856)
- Proza 1837-1845 (2 dielen) (1864)
- Proza 1837-1845 Earste diel (1864)
- Proza 1837-1845 Twadde diel (1864)
- Florence (1867)
- Poëzy 1832-1868 (1868)
- Gedroomd paardrijden (1875)
- Poëzij II (1875)
- Poëzy 1827-1874 (1875)
- Schetsen en verhalen (1875-1876)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biografy út F. Jos. van den Branden en J.G. Frederiks, Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde (1888-1891)
- E.J. Potgieter en "De Gids"
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Everhardus Johannes Potgieter fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
