Springe nei ynhâld

Eutanasysintrum Bernburg

Ut Wikipedy
Tötungsanstalt Bernburg
De gaskeamer fan Tötungsanstalt Bernburg

It Eutanasysintrum Bernburg (Dútsk: Tötungsanstalt Bernburg) wie tusken 21 novimber 1940 en 30 july 1943 ûnderbrocht yn in apart diel fan it steatssanatoarium en fersoargingshûs yn Bernburg an der Saale (Saksen-Anhalt). It wie ien fan ferskate moardsintra dy't troch de nazy's beheard waarden yn it ramt fan harren gruttere "ûnfrijwillige eutanasy"-programma, nei de oarloch oantsjutten as Aksje T4.

Nei't Adolf Hitler yn jannewaris 1933 de macht grypte, waarden de sike, ynvaliden en psychiatryske pasjinten beskôge as Ballastexistenzen ("Ballastlibbens") en hienen se 'in libben dat net wurdich wie om te libjen' (lebensunwert). Se waarden mei geweld sterilisearre en op grutte skaal fermoarde, om't se net pasten yn 'e nasjonaal-sosjalistyske fisy op minsklikheid en maatskippij. [1] Yn it Eutanasysintrum Bernburg waarden teminsten 62 froulike en 75 manlike pasjinten mei geweld sterilisearre en waarden 14.384 minsken eksperiminteel fermoarde.[2] Hjir waard de metoade ûntwikkele foar de grutskalige moard op hûnderttûzenen minsken yn 'e ferneatigingskampen.

De Tötungsanstalt Bernburg wie fêstige yn 'e Landes-Heil- und Pflegeanstalt Bernburg: in steatssanatoarium en psychiatrysk sikehûs yn 'e Dútske stêd Bernburg. Yn it earstoan waarden yn 'e Gasmordanstalt Brandenburg/Havel moarden op siken, minsken mei in beheining en psychiatryske pasjinten op grutte skaal útfierd. Fan 'e simmer fan 1940 ôf waard de operaasje nei Bernburg ferpleatst. Fan dat jier ôf waard it sintrum ferdield yn in behannelsintrum (Anhaltische Nervenklinik) en in ynstelling foar "eutanasy" (sanatoarium en fersoargingshûs). [1] De ynstelling waard laat troch psychiater Willi Enke. [2]

Yn 'e kelder fan it manljushûs waard in keamer omboud ta in krematoarium mei twa ferbaarningsovens. De kelder hie ek in gaskeamer en in autopsieromte. Fan novimber 1940 ôf begûnen transporten út fjirtich psychiatryske en soarchynstellingen yn ferskate dielen fan nazy-Dútslân wei. Tusken 21 novimber 1940 en augustus 1941 waarden mear as 9.000 manlju, froulju en bern fermoarde op it eksekúsjeplak Bernburg. [1][3]

Fan 1942 ôf waarden as ûnderdiel fan Sonderbehandlung 14f13 en as ferlinging fan it programma Aktion T4 sike, swakke en net winske finzenen út konsintraasjekampen oerbrocht nei Eutanasysintrum Bernburg. Under harren wiene Joaden, Sinti en Roma, Jehova's Tsjûgen, saneamde 'asosjalen', profesjonele kriminelen en homoseksuelen. Likernôch 5.000 finzenen út Buchenwald, Flossenbürg, Groß-Rosen, Neuengamme, Ravensbrück en Sachsenhausen waarden hjir fergast tusken 1942 en de simmer fan 1943. Eutanasysintrum Bernburg waard yn de simmer fan 1943 sletten. Yn totaal waarden dêr 14.384 minsken fergast mei koalmonokside tusken 1940 en 1943. [4]

Oant hjoed-de-dei stiet oan 'e súdwestkant fan 'e stêd Bernburg in grut psychiatrysk en geriatrysk sikehûskompleks mei ôfdielingen dêr't ferslaafden ûntgiftsje kinne. Dêr is ek it betinkingsplak foar slachtoffers fan 'e "Tötungsanstalt Bernburg" te finen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Tötungsanstalt Bernburg

Boarnen, noaten en/as referinsjes: