Euskirchen (stêd)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Euskirchen (stêd)
Euskirchen fasadoj en Kölner Straße.JPG
Flagge Wapen
Wappen Euskirchen.png
Sifers
Ynwennertal 56.077 [(31-12-2014)
Oerflak 139,49 km²
Befolkingstichten 402/km²
Hichte 160 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of North Rhine-Westphalia.svg Noardryn-Westfalen
Landkreis Euskirchen
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.euskirchen.de

Euskirchen is in middelgrutte Dútske stêd yn it Rynlân en as Kreisstadt sûnt 1827 de bestjoerssit fan it Kreis mei deselde namme yn it súdwesten fan Noardryn-Westfalen.

Euskirchen krige al yn it jier 1302 stedsrjochten en is mei mear as 56.000 ynwenners it sintrum fan in eigen regio mei in eigen fersoarchingsberik fan goed 190.000 minsken.

Dielen fan de âlde stedsmuorre en trije fan de ferdigeningstuorren, dy't eartiids by de stedsfersterkings hearden, steane njonken de hjoeddeiske arsjitektuer. Binnen de âlde midsiewske stedsmuorren is in fuotgongerszone oanlein.

De memmetaal fan de yn Euskirche berne ynwenners is ek tsjintwurdich noch jimmeroan it Eifeler Platt, dat sich ûnderskiedt fan it yn de omkriten mear brûkte Kölner Platt.

De Sint-Martenstjerke yn it sintrum fan Euskirchen

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta Euskirchen hearre njonken de kernstêd mei de stedswiken Altstadt, Ost-, West-, Nord- en Südstadt nochris 22 oare Stadtteile:

Billig, Disternich, Dom-Esch, Elsig, Euenheim, Flamersheim, Frauenberg, Großbüllesheim, Kessenich, Kirchheim, Kleinbüllesheim, Kreuzweingarten-Rheder, Kuchenheim, Niederkastenholz, Oberwichterich, Palmersheim, Roitzheim, Rüdesheim, Schweinheim, Stotzheim, Weidesheim, Wißkirchen en Wüschheim.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]