Springe nei ynhâld

Readsnaffelrôlder

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eurystomus orientalis)
Readsnaffelrôlder
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljerôlderfûgels (Coraciidae)
skaaibreedsnaffelrôlders (Eurystomus)
soarte
Eurystomus orientalis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De readsnaffelrôlder (Eurystomus orientalis) is in fûgel yn it skaai breedsnaffelrôlders (Eurystomus) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).

Fûgel mei iepen wjuk.

De soarte is in 28 oant 30,5 sm lange rôlder. De fûgel hat in tsjuster, blaugrien fearrekleed. De kop is brún mei in koarte en brede reade snaffel en ûnder de snaffel op it kin in blau plakje. Lykas de oare soarten fan it skaai binne de wjukken lang. Op 'e primêre dekfearren fan 'e donkere wjukken sit in ljochte wite streek. De poaten en eachring binne ek read. Juvenilen ha gjin reade snaffel.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet fan Yndia eastlik oant Korëa en súdlik oant Austraalje. De fûgel is ferdield yn tsien ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt foar oan boskrânen en iepen plakken en oanbuorjende lânbougrûn. Faak sit de fûgel op in keale tûke en fan dat plak falt er út om grutte fleanende ynsekten te fangen. It is in sosjale fûgel, dy't fral by it skimerjen aktyf wurdt en yn groepen jaget. De soarte briedt yn in beamgat. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel in trekfûgel, yn it sintrale ferspriedingsgebiet in stânfûgel.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasjetrend is lykwols net bekend (2026).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: