Gielsnaffelrôlder
| Gielsnaffelrôlder | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eurystomus glaucurus | ||||||||||||
| Müller, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielsnaffelrôlder (Eurystomus glaucurus) is in fûgel yn it skaai breedsnaffelrôlders (Eurystomus) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 27 oant 29 sm lang en it mantsje weaget 94 oant 166 gram, it wyfke 84 oant 149 gram. De nominaat is op 'e kop, rêch en wjukdekfearren waarmbrún. De stút, boppesturtdekfearren en slachpinnen binne poarperblau. De fûgel hat in brede, opfallende heldergiele snaffel. Yn 'e flecht kontrastearje de helderblauwe wjukken en sturt mei de brune rêch.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn Afrika súdlik fan 'e Sahara foar en op Madagaskar. Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
- E. g. eathiopicus: West-Etioopje en Sûdan
- E. g. afer: fan Senegal oant Sûdan, de kustlannen fan West-Afrika en it noarden fan Kongo-Kinsjasa.
- E. g. suahelicus: fan súdlik Somaalje oant sintraal Kongo-Kinsjasa, noardeastlik Sambia, Angoala, en KwaZulu-Natal.
- E. g. glaucurus: Madagaskar.
It leefgebiet bestiet út heal iepen gerslân mei beammen, oanplante bosk, agrarysk gebiet, parken yn bûtenwiken fan stêden en ek bercheftich gebiet mei bosk en strewellen oant likernôch 1600 m en yn East-Afrika oant 2500 m hichte.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas oare rôlders wurdt er faak op in posysje heech yn in beam, in peal of op stroomtried sjoen. De fûgel is oerdeis meast ynaktyf, mar yn 'e lette middei jaget er op fleanende michammels en termiten, somtiden yn grutte groepen fan 100 of mear. De soarte drinkt lykas sweltsjes troch syn snaffel yn 'e flecht yn it wetter te dompeljen. It nêst sit yn in beamgat, wurdt net beklaaid en bestiet út twa oant trije aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en is oer it generaal algemien. Der is gjin oanlieding om te tinken dat de oantallen tebekrinne. Dêrfandinne stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Breedsnaffelrôlder
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Reünion
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
