Europeesk kampioenskip fuotbal foar froulju
| Europeesk kampioenskip fuotbal foar froulju oanmeitsje | ||||
| sport | Fuotbal | |||
| organisator | UEFA | |||
| earste edysje | 1984 | |||
| edysjes | ||||
| foarige | Switserlân 2025 | |||
| folgjende | 2029 | |||
| ||||
It Europeesk kampioenskip fuotbal foar froulju, is it Europeesk kampioenskip (EK) foar de sport fuotbal dat om de fjouwer jier hâlden wurdt. It is krekt as foar de EKs foar oare sporten in toernoai tusken Europeeske lanneteams. Troch middel fan foarrondes pleatse lannen harren, dêrnei wurdt der yn in moanne tiid bepaald hokker lanneteam it bêste is fan Europa. De organisaasje is yn hannen fan de UEFA, it Europeesk fuotbalbûn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Europeesk kampioenskip fuotbal foar froulju ûntstie yn 1984 ûnder de namme "European Competition for Represintative Women's Teams". Eartiids waarden der twa heale finales en in finale spile, ferdield oer twa wedstriden. Der wie gjin gastlân, mar elk lân spile in thús- en útwedstriid. De earste edysje waard wûn troch Sweden. Trije jier letter, yn 1987, waarden der twa heale finales, in treastfinale en in finale spile oer ien wedstriid, it toernoai waard organisearre troch Noarwegen dat it toernoai ek wûn. Fan dat momint ôf waard it toernoai om de twa jier hâlden. Om 1990 hinne krige it toernoai de titel Europeesk kampioenskip. Yn 1991 en 1995 waard it toernoai ek brûkt as kwalifikaasje foar it wrâldkampioenskip. Yn 1995 wie der opnij gjin gastlân; de heale finales waarden oer twa wedstriden spile. De finale waard yn Dútslân al oer ien wedstriid spile. Fan 1995 ôf waard der gjin treastfinale tusken de ferliezende healefinalisten mear spile.
Fan 1997 ôf waard it toernoai net twajierliks, mar om de fjouwer jier spile, en wie der foar it earst in groepsfaze, mei twa groepen fan fjouwer lannen. De twa heechst pleatste lannen fan beide groepen pleatsten har foar de heale finales. Fan 2009 ôf diene tolve lannen mei oan it eintoernoai, Nederlân die dat jier foar it earst mei oan it eintoernoai. De lannen waarden yndield yn trije groepen fan fjouwer teams. De twa bêst klassearre lannen yn elke groep en de twa bêste nûmers 3 kwalifisearren harren foar de kwartfinales.
Yn 2011 besleat de UEFA om fan 2017 ôf de kompetysje fierder út te wreidzjen. Sûnt nimme sechstjin lannen diel oan it eintoernoai. De groepsfaze bestiet hjoed de dei út fjouwer groepen fan fjouwer lannen. De twa bêst klassearre lannen út elke groep pleatse harren foar de kwartfinales.
De edysje fan 2021 waard mei in jier útsteld nei 2022, omdat de Olympyske Spullen en it EK foar manlju fanwegen de koroanapandemy ferpleatst waarden nei 2021.
Edysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bêste spylster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Measte doelpunten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | Fuotballer | Lân | Doelpunten |
|---|---|---|---|
| 1984 | Pia Sundhage | 4 | |
| 1987 | Trude Stendal | 3 | |
| 1989 | Sissel Grude | 2 | |
| Ursula Lohn | |||
| 1991 | Heidi Mohr | 4 | |
| 1993 | Susan Mackensie | 2 | |
| 1995 | Lena Videkull | 3 | |
| 1997 | Carolina Morace | 4 | |
| Marianne Pettersen | |||
| Angélique Roujas | |||
| 2001 | Claudia Müller | 3 | |
| Sandra Smisek | |||
| 2005 | Inka Grings | 4 | |
| 2009 | 6 | ||
| 2013 | Lotta Schelin | 5 | |
| 2017 | Jodie Taylor | 5 | |
| 2022 | Beth Mead | 6 | |
| Alexandra Popp | |||
| 2025 | Esther González | 4 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|