Euregua

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De foarkant fan de doaze.

Euregua is in selsskippspul dat it midden hâldt tusken in guozzebrief en Triviant.

As op in soarte fan rûtekaart kin der troch it smiten mei dobbelstiennen in wei ôflein wurde yn Fryslân of Jeropa. Troch it beanderjen fan fragen op kaartjes oer de minderheidstaalgebieten fan de Fryslannen kinne der tegoedkaarten sammele wurde. Wa't de measte punten sammele hat is de winner. It spul kin ek spile wurde mei twatallen.

By it spul hearre in pear steapels kaartsjes mei fragen oer de Fryslannen. Dêrby binne der aparte steapels foar Sealterlân en Noard-Fryslân. Ek sitte der fragen yn it Biltsk, Stellingwerfsk en Hylpersk yn. De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Jeropa, en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten net fergetten.

It spul is makke troch de wurkgroep YKK (Ynternasjonale KontakteKommisje) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Der is oan meiwurke troch fertsjintwurdigers fan Sealterlân, Noard-Fryslân, De Stellinwarver Schrieversronte, Stichting Ons Bildt en hiel wat oaren út Westerlauwersk Fryslân. It earste eksimplaar fan it selskipspul waard yn novimber 2008 oanbean oan deputearre JanneWietske de Vries oanbean yn de Anna Maria van Schurmanskoalle yn Frjentsjer.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]