Springe nei ynhâld

Eugene de Blaas

Ut Wikipedy
Eugene de Blaas
keunstner
Selsportret, 1898
Selsportret, 1898
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Italjaansk
berne24 july 1843
berteplakAlbano Laziale
stoarn10 febrewaris 1932 (87 jier}
stjerplakFeneesje

Eugene de Blaas (ek wol Eugenio De Blaas of Eugen von Blaas neamd) (Albano Laziale, 24 july 1843Feneesje, 10 febrewaris 1932) wie in Italjaanske keunstskilder yn'e akademyske styl.

Hy waard berne yn Albano, tichtby Rome, as soan fan in Tiroalske heit en in Italjaanske mem. Syn heit Karl (1815–1894), ek in skilder, wie syn learaar. Syn mem, Agnesina Auda, wie in rike Romeinske frou. De famylje ferhuze nei Feneesje doe't Karl heechlearaar waard oan de Akademy fan Feneesje. Hy skildere faak sênes yn Feneesje, mar ek portretten en religieuze skilderijen. Letter waard er sels learaar oan de Akademy yn Feneesje.

Under syn wurken binne La forma nuziale in sacrestia; La tombola in Campiello a Venezia; Una scena di burattini in un educandato; en La Ninetta.

Syn kleurige en frijwat teätrale tiidsbylden fan 'e Feneesjaanske maatskippij, bygelyks Op it Balkon (1877), wiene hiel oars yn ferliking mei delikate pastels en etsen fan 'e binnenpleatsen, balkons en kanalen fan it moderne Feneesje.

Yn Ingelân waarden de skilderijen fan Eugene de Blaas útstald yn 'e Royal Academy of Art, Fine Art Society, New Gallery en Arthur Tooth and Sons Gallery yn Londen, en ek yn 'e Walker Art Gallery yn Liverpool.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: