Noardlike rotspinguïn
| Noardlike rotspinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eudyptes moseleyi | ||||||||||||
| Mathews & Iredale, 1921 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De noardlike rotspinguïn (Eudyptes moseleyi) is in pinguïnsoarte dy't besibbe is oan 'e rotspinguïn (Eudyptes chrysocome).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 51 oant 62 sm en weaget 2,4 oant 4,3 kg. It is in relatyf lytse soarte túfpinguïn, mar wat grutter as de súdlike rotspinguïn. De boppedielen fan 'e soarte binne laaigriis en ûnder is de fûgel wyt. De ljochtgiele túf begjint by it each en foarmet efter it each in losse giele, ôfhingjende plûm. De túf is wat gieler en tichter mei fearren as by de eastlike en westlike rotspinguïn. Op 'e kroan hat de noardlike rotspinguïn puntige swarte fearren. Der is ek in lyts ferskil yn 'e kleuren fan 'e ûnderkant fan 'e wjukken (of finnen).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn it súdlike diel fan 'e Atlantyske- en de Yndyske Oseaan, dêr't er briedt op sân eilannen tusken 37° en 40° suderbreedte. 85% fan 'e populaasje libbet yn 'e Atlantyske Oseaan, op Tristan da Cunha en it oanbuorjende Gough Island. De oare 15% briedt op 'e eilannen Saint Paul en Amsterdam Island yn 'e súdlike Yndyske Oseaan. As swalker is de soarte waarnommen op 'e Falklâneilannen en Súd-Afrika.
De noardlike rotspinguïn waard foarhinne as in ûndersoarte fan 'e Eudyptes chrysocome behannele, mar wurdt nei ûndersyk no oer it generaal as in aparte soarte erkend. De spesifike namme is ûntliend oan 'e Britske ûndersiker Henry Nottidge Moseley.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardelike rotspinguïn yt skaaldieren, krill en inketfisk. Ek fisk heart by it dieet, fral nei't de piken berne binne. It is in opportunistyske fûgel wat it foerazjeargedrach oanbelanget en hy brûkt foar en nei it brieden ferskillende gebieten.
Folwoeksen fûgels komme ein july en augustus by de briedkoloanjes oan. Yn 'e Atlantyske Oseaan briedt de fûgel in ferskillende habitats, fan grintstrân op Gough Island en Tristan da Cunha oant gerspollen (fan Spartina arundinacea) op Nightingale, Alex (Middle) en Inaccessible. Yn 'e Yndyske Oseaan briedt de soarte op hellend terrein fan seenivo oant 170 meter boppe seenivo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt bedrige en de oantallen nimme rap ôf. Op Gough Island bestie de populaasje yn 1956 noch út likernôch 2 miljoen fûgels, yn 2006 waard de populaasje op 64.700 rûsd. De delgong giet fierder troch en yn 30 jier tiid is de soarte mei 57% ôfnommen. Neffens in rûzing fan 2020 bestiet de wrâldpopulaasje út goed 200.000 pearkes. De IUCN klassifisearret de soarte as bedrige op 'e Reade list (Endangered, 2020).
Bedrigingen binne klimaatferoaring, feroaring yn 'e marine ekosystemen en it oerbefiskjen fan inketfisk troch minsken. Mooglike bedrigingen binne ek fersteuring troch ekotoerisme en fersmoarging. Op 16 maart 2011 rekke it frachskip MS Oliva oan 'e grûn by Nightingale Island. It skip briek en der ûnstie in oaljeplak, dy't it eilân omfieme en de populaasje rotspinguïns bedrige. Nightingale Island hat gjin swiet wetter en de pinguïns moasten nei Tristan da Cunha brocht wurde om se dêr skjin te meitsjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
