Springe nei ynhâld

Eucharisty

Ut Wikipedy
Eucharistyfiering.

De eucharisty (fan it Grykske εὐχαριστία, eucharistia, "it oerbringen fan tankberens"), ek wol it misoffer, de kommuny of it Altersakramint neamd, is in sintraal ûnderdiel fan 'e Hillige Misse en in sakramint yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Eastersk-Otterdokse Tsjerken en de Anglikaanske Tsjerke. Yn dy tsjerken wurdt de eucharisty as de werklike tsjintwurdichheid fan Jezus Kristus yn 'e foarm fan brea en wyn beskôge.

Etymology en Terminology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd eucharisty komt fan it Grykskske εὐχαριστία (eucharistia), wat "tanksizzen" betsjut. Yn 'e iere tsjerke waard it ek wol it "brekken fan it brea" of it "Miel fan 'e Heare" neamd.

De eucharisty hat ferskate nammen dy't elk in eigen kant fan it sakramint beljochtsje. Sa wurdt de eucharisty ek it misoffer neamd, om't leauwigen tinke dat it offer fan Jezus fan 'e berch Golgota yn 'e tsjerke wer op 'e nij belibbe wurde kin. It wurdt ek wol de kommuny neamd, wat mienskip betsjut; it is it momint dat minsken harren bân mei God en meiïnoar sterker meitsje. It lytse stikje brea dat se dêrby ite, hjit de hosty. Dat wurd betsjut letterlik slachtoffer en ferwiist nei Jezus, dy't Syn libben joech foar de minsken.

Teologyske djipgong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste ferskil tusken de ferskate tsjerkegenoatskippen leit yn 'e wize wêrop't hja de oanwêzigens fan Kristus yn it brea en de wyn ynterpretearje.

Transsubstansjaasje (Roomsk-Katolyk)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it katolike dogma fan 'e transsubstansjaasje feroaret de substânsje fan it brea en de wyn folslein yn it Lichem en Bloed fan Kristus, wylst de uterlike skaaimerken lykas smaak, geur en foarm itselde bliuwe.

Metousiosis (Eastersk-otterdoks)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Eastersk-Otterdokse Tsjerken brûke de term metousiosis. Hja leauwe ek yn 'e werklike feroaring, mar sjogge dit foaral as in hillich mystearje dat net folslein mei it ferstân of troch filosofyske termen te ferklearjen is.

Konsubstansjaasje (Luthersk)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marten Luther learde dat Kristus yn, mei en ûnder it brea en de wyn oanwêzich is, mar dat it brea en de wyn ek gewoan brea en wyn bliuwe.

Huldrych Zwingli en letter in grut part fan 'e protestantske wrâld seagen it jûnsmiel foaral as in betinkingsmiel. It brea en de wyn binne symboalen dy't ferwize nei it lichem en bloed, mar feroarje net fan wêzen.

Opbou fan 'e Eucharistyfiering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
HaadûnderdielUnderdielBeskriuwing
Tarieding fan 'e jeften (offertorium) Tarieding fan it alter It alter wurdt klear makke
Bringen fan brea en wyn Brea en wyn wurde nei it alter brocht as jeften fan 'e leauwigen.
Offertoriumgebeden De pryster sprekt gebeden út dêr't de jeften oan God opdroegen wurde.
Eucharistysk gebed Prefaasje Tankgebed dêr't God priizge wurdt foar syn heilshanneljen.
Sanctus De gemeente sjongt of seit: "Hillich, hillich, hillich..."
Epiklese Oanropping fan 'e Hillige Geast oer brea en wyn.
Ynstellingswurden (konsekraasje) By de konsekraasje sprekt de pryster de ynstellingswurden fan Jezus ("Dit is myn lichem..." en "Dit is de beker fan myn bloed...") út oer it brea en de wyn. Op dat stuit wurde brea en wyn neffens de katolike lear it Lichaam en Bloed fan Kristus. Nei dizze wurden toant de pryster de hosty en dêrnei de tsjelk oan 'e leauwigen; dit wurdt de elevaasje neamd. Yn guon tsjeDe pryster seit de wurden fan Jezus: ", en brea en wyn wurde it Lichaam en Bloed fan Kristus.
Anamnese Betinking fan it lijen, de dea en de ferrizenis fan Kristus.
Offergebed De tsjerke biedt it offer fan Kristus oan 'e Heit oan.
Doksology Slotlofprizing: "Troch Him, mei Him en yn Him..."
Kommunyritus Us Heit It gebed dat Jezus syn learlingen leard hat.
Fredewinsk De leauwigen winskje inoar de frede fan Kristus ta.
Brekken fan it brea (Agnus Dei) It brea wurdt brutsen; "Laam Gods" wurdt sein of songen.
Kommuny De leauwigen ûntfange dit sakramint.
  • Foar de jildigens fan it sakramint moat it brea fan weet makke wêze. Yn 2017 hat it Fatikaan nochris befêstige dat folslein glutenfrij brea net jildich is foar de eucharisty, al binne hosty's mei in tige leech glutengehalte tastien foar minsken mei in yntolerânsje foar gluten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: