Etten-Leur
| Etten-Leur | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Etten-Leur is in plak en gemeente yn Noard-Brabân. De gemeente hat 45.209 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 55,90 km².
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Etten-Leur yn 'e provinsje Noard-Brabân waard offisjeel oprjochte op 1 jannewaris 1968 troch de gearfoeging fan de eardere gemeenten Etten en Leur. Foar dy tiid bestiene Etten en Leur as aparte doarpen mei harren eigen bestjoerlike ynrjochting.
Etten waard foar it earst neamd yn in dokumint út 1261, wêryn't de abdis fan Thorn de ynkomsten fan ferskate Brabânske pastoars en tsjerken regele. Doe wie Etten al in aardich grut doarp. Om 1317 hinne waard Etten in selstannige parochy. Yn Leur folge yn 'e 14e iuw de bou fan in kapel, dy't yn 1584 ôfbaarnde. It duorre oant 1785 dat Leur wer in tsjerke krige en tsien jier letter waard Leur in selsstannige parochy.
Leur ûnstie letter mei de grutskalige turfwinning, dy't yn Etten yn it lêst fan 'e 13e iuw útein sette. De dêrnei groeven haven soe foar de groei fan Leur in belangrike rol spylje. Leur lei op it krúspunt fan lân- en wetterrûtes en sa spile de hannel dêr in grutte rol. Nei de turf naam de hannel yn lânbouprodukten in wichte rol yn. Sûnt healwei de 19e iuw kaam der in ein oan 'e bloei fan Leur.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard boargemaster Henri Hamilton yn 1943 troch de Dútsers ûntslein neidat er earder wegere it stimpel 'joadsk' yn it paspoart fan 'e ienige Joadske ynwenner fan Etten-Leur te setten. Hamilton hie as 'boargemaster yn oarlochstiid' besocht op te kommen foar de ynwenners sûnder de besetter tsjin te wurkjen en krige dêrfandinne de namme 'pro-Dútsk' te wêzen. Nei de oarloch krige Hamilton nei in ûndersyk nei kollaboraasje earefol dien.

De wurkleazens wie doe op it plattelân fan West-Brabân grut. Yn 1950 waard Súdwest-Noard-Brabân oanwiisd as ûntwikkelingsgebiet, mei Etten-Leur, Oudenbosch en Rucphen as yndustrialisaasjekearnen. Sûnt dy tiid woeks it ynwennertal yn heech tempo. De twa doarpen groeiden oaninoar fêst en de namme fan 'e gemeente feroare yn Etten-Leur.
De gearfoeging fan Etten en Leur yn 1968 markearre it begjin fan in perioade fan 'e snelle groei en modernisearing, wêrtroch't de twa doarpen úteinlik in ienheid foarmen ûnder de namme Etten-Leur.
Troch grinswizigingen mei oanbuorjende gemeenten yn 1953 en 1997 is it oerflak fan 'e gemeente wat ôfnommen.
Mei it ferdwinen fan Rykswei 58 út it sintrum fan Etten-Leur is der romte makke foar de werynrjochting fan it stedssintrum. Sûnt likernôch 2000 is in kompakt stedssintrum boud op, ûnder en om de eardere rykswei. It totale plan foar it stedssintrum omfiemet 1.000 ûndergrûnske parkearplakken, 13.500 m² winkelromte, 2.000 m² horekafoarsjennings, 400 wenten en 10.000 m² kantoarromte, wêrfan it grutste part yn beslach nommen wurdt troch it stedskantoar.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Van Gogh-tsjerkje op 'e hoeke fan 'e Lange Brugstraat en it Van Bergenplein yn Leur is in lyts tsjerkje út 1614, dêr't ek de heit fan Vincent van Gogh wol preke hat en dêr't Van Gogh sels yn 1881 syn artistike karriêre begûn. Der binne eksposysjes oer syn tiid yn Etten.
De Riedhûstsjerke is in histoarysk tsjerkegebou dy't tusken 1593 en 1606 boud waard nei't in gruttere halletsjerke earder ôfbaarnde. De toer datearret fan 1717. As herfoarme tsjerke is it gebou yn 'e jierren 1970 bûten gebrûk steld. De tsjerke wurdt no brûkt as riedsseal. By de tsjerke stiet ek it gemeentehûs.

De katolike Sint-Lambertustsjerke is in neogoatyske tsjerke út 1877. De Sint-Petrustsjerke oan 'e Lange Brugstraat in grutte 19e-iuwske krúsbasilyk mei dûbele tuorren út de 19e iuw.
De mûne de Lelie is in tradisjonele wynmûne, dy’t noch jimmeroan yn bedriuw is. Besikers kinne sjen hoe't der nôt mealle wurdt.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Vincent van Gogh as keunstferkeaper, ûnderwizer en dûmny mislearre en hy syn oplieding yn Brussel ôfbriek, liet er him yn 'e gemeente Etten-Leur as keunstskilder registrearje. Hy hie syn atelier yn in romte fan 'e tsjerke.
Yn 'e karnavalstiid hat Etten-Leur twa nammen. Om't Etten en Leur eartiids twa aparte doarpen wiene, ha se alle twa in eigen namme en dy binne noch jimmeroan yn gebrûk:
- Etten: Stijlorenrijk
- Leur: 't Zwaajgat
Yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim stiet in pleats dy't oant 1971 yn Etten-Leur stie.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeenten yn Noard-Brabân | |
|---|---|
| Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |

