Etrich Taube
| Etrich Taube Rumpler-Taube | |
|---|---|
| Rol | Ferkenner, lesfleantúch, 'bommesmiter' |
| Makker | Rumpler Flugzeugwerke, Albatros, Gotha, Halberstadt, Jeannin |
| Untwerper | Igo Etrich |
| Earste flecht | 6 april 1910 |
| Yn tsjinst | 1910 |
| Ut tsjinst | |
| Tal makke | ± 246 (1910–1918) |
| Grutste brûker | Dútske Loftmacht |

De Etrich Taube (Dútsk foar 'do') wie in militêre skouderdeks ferkenningsfleantúch mei ien motor dat ûntwurpen waard troch de Eastenrykske yngenieur Igo Etrich yn 1910. It tastel is ek bekend ûnder de namme Rumpler Taube. De earste flecht wie yn 1910 wêrnei't it tastel ûnder mear produsearre waard troch de Dútske firma Rumpler Flugzeugwerke. It wie it earste militêre fleantúch dat massaal produsearre waard yn Dútslân.


De Taube wie tige populêr yn de pioniersjierren foar de Earste Wrâldoarloch [1], en it waard ek brûkt troch de loftmachten fan Itaalje en Eastenryk-Hongarije. Sadree't de oarloch begûn, die bliken dat it al gau net geskikt wie as oarlochsfleantúch en waard it al gau ferfongen troch oare ûntwerpen
Untwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ûntwerp fan de Tube die bot tinken oan in fûgel, dy't it fleantúch fan de grûn ôf in werkenber silhûet joech, mar wie earder kopiearre fan 'e siedden fan Alsomitra macrocarpa (dy't lange ôfstannen fan har memmebeam ôf sweve kinne). Etrich hie besocht in fleantúch mei beweegbere wjukken te bouwen, basearre op 'e Zanonia-wjukfoarm, mar it mear konvinsjonele Taube-type, mei sturtoerflakken, wie folle suksesfoller. De Taube waard konstruearre út hout, metaal en linnen, de fleugels waarden skoarre troch in web fan spantrieden. It tastel hie gjin konvinsjonele rolroeren, mar yn stee dêrfan waard de bestjoering realisearre troch it ferfoarmjen fan de wjukken, in technyk dy't bekend is as 'fleugeltordaasje' (wing warping). De Taube oandreaun troch in 6-silinder wetterkuolle "Mercedes" linemotor koe oant 119 km/o helje.
Operasjonele skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As sivyl tastel gebrûk waard de Taube brûkt om de München-Berlyn Kathreinerpriis te winnen. Op 8 desimber 1911 berikten Gino Linnekogel en Suvelick Johannisthal in úthâldingsrekord foar twa manlju troch yn in Taube 4 oeren en 35 minuten boppe Dútslân te fleanen.
It ûntwerp soarge foar in tige stabile flecht, wat it gaadlik makke foar observaasje. De trochsichtige fleugels makken it lestich foar grûnwaarnimmers om in Taube op in hichte boppe de 400 meter te ûntdekken.
Op 1 novimber 1911 liet Giulio Gavotti, in Italjaanske fleander, de earste bom fan 'e wrâld falle út syn Taube-iendekker boppe de Ain Zara-oase yn Libië ûnder de Slach by Ain Zara. De Taube waard ek brûkt foar bombardeminten op 'e Balkan yn 1912–13, en ein 1914 doe't Dútske 3 kg bommen en propagandafolders boppe Parys loslieten. Taube-ferkennerfleantugen ûntdutsen it oprukkende Keizerlike Russyske Leger yn East-Prusen ûnder de Slach by Tannenberg yn 'e Earste Wrâldoarloch.
Minne roer en laterale kontrôle makken de Taube lestich en stadich om te manoeuvrearjen. It fleantúch die bliken in heul maklik doelwyt te wêzen foar de rappere Alliearde tastellen fan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, en mar seis moannen nei it begjin fan 'e oarloch waard de Taube út tsjinst oan it front helle om brûkt te wurden om nije piloaten op te lieden. In protte lettere Dútske azen soene it fleanen leare yn in Rumpler Taube.[2]
| Etrich-Rumpler Taube | ||
|---|---|---|
| Beskriuwing | ||
| Gebrûk | Ferkenner, lesfleantúch, bommesmiter | |
| Bemanning | 2 | |
| Algemiene feiten | ||
| Lingte | 33,5 ft | 9,9 m |
| Spanwiidte | 45,83 ft | 14,3 m |
| Hichte | 10,5 ft | 3,2 m |
| Fleugeloerflak | 280 ft² | 32,5 m² |
| Gewicht | ||
| Gewicht leech | 950 lb | 650 kg |
| maks. startmassa | 1200 lb | 850 kg |
| Motor | ||
| Motor | 4-sylinder Argus linemotor of 6-sylinder Mercedes Type E4F | |
| Fermogen | 74 kW | 100 hk |
| Prestaasje | ||
| Grutste faasje | 60 mph | 100 km/o, 119 km/o mei de Mercedesmotor |
| Tsjinstplafond | 10,000 ft | 3000 m |
| Fleanberik | 140 km | |
| Bewapening | ||
| Bewapening | Gewearen en pistoalen | |
| Bommen | Bommen fan 2 kg dy't mei de hân smiten waarden | |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Etrich Taube fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
