Establishing shot

In establishing shot (Ingelsk foar "fêstigjende opname") is yn films en tillefyzjesearjes it koart yn byld bringen fan in opname mei in spesifyk gebou, in lânskip, de skyline fan in stêd of wat oars om 'e setting fan 'e folgjende sêne dúdlik te meitsjen. Soks bringt op in ienfâldige wize kontekst oer oan 'e sjogger dy't oars fia de dialooch oerbrocht wurde moatte soe. In establishing shot is almeast in long shot (opname fan fierôf) of extreme long shot (opname fan hiel fierôf). It tafoegjen fan in establishing shot wol fansels net sizze dat de eigentlike opname fan 'e folgjende sêne ek wier yn it toande gebou filme is of sels mar yn deselde stêd, mei't binnendoarsênes oer it algemien yn spesjale film- en tillefyzjestudiokompleksen opnommen wurde.
Establishing shots kamen mear foar yn it klassike tiidrek fan 'e sinema (foàr 1965) as no. Tsjintwurdich slane film- en tillefyzjemakkers establishing shots faak oer om it tempo deryn te hâlden. In oare oplossing dy't soms oangrypt wurdt, is om 'e setting yn tekst oer it begjin fan 'e sêne hinne plakken, sa't bgl. dien wurdt yn 'e searjes fan 'e Law & Order-franchise. It kin ek wêze dat it plak dêr't in sêne spilet, troch de film- of tillefyzjemakkers mei opset sin mysterieus holden wurdt by wize fan narratologyske technyk.

Soarten establishing shots
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lokaasje
- It meast foarkommende type establishing shot jout it plak wer dêr't de folgjende sêne plakfynt. It kin dan gean om 'e skyline fan in stêd of om in spesifyk hûs, appartemintekompleks of oar gebou. As it ferhaal ferspringt fan stêd nei stêd wurdt gauris in bekend bouwurk yn byld brocht, lykas de Eiffeltoer foar Parys, de Brandenburger Tor foar Berlyn, it Kolosseum foar Rome, de Big Ben foar Londen, it Kremlin mei de Basiliuskatedraal foar Moskou, it Frijheidsbyld of it Chrysler Building foar New York of de Space Needle foar Seattle.
- Tiid
- Soms wurdt de tiid fan 'e dei ek werjûn yn in establishing shot. Bygelyks: as in sêne wêryn't minsken oerdeis binnendoar oan it praten binne, folge wurdt troch in sêne wêryn't minsken jûns let of nachts binnendoar oan it praten binne, kin de earste sêne foarôfgien wurde troch in establishing shot fan in beskaat gebou en de twadde fan itselde gebou yn it tsjuster.
- Waar
- As it waar in rol spilet yn it ferhaal, kin in establishing shot ek brûkt wurde om in feroaring yn it waar fêst te stellen. Troch oan it begjin fan in binnendoarsêne in byld ta te foegjen fan in gebou yn 'e eazgjende rein of yn in stoarm witte de sjoggers dat it bûtendoar tige min waar is en dat de personaazjes dus as it heal kin net nei bûten ta wolle.
- Oanwêzigens
- In establishing shot kin ek brûkt wurde om wer te jaan wa't der yn in beskate sêne allegearre oanwêzich binne, bygelyks by in saaklike gearkomste. De sêne dy't folget kin dan gebrûk meitsje fan close-upbylden fan 'e personaazjes dy't it wurd nimme. Ek kin by in sêne oer in kolleezje oan 'e universiteit earst de hiele kolleezjeseal mei alle taharkjende studinten toand wurde, wêrnei't fierders inkeld de heechlearaar of dosint yn byld brocht wurdt dy't it kolleezje jout.
- Konsept
- Ta einbeslút kin in establishing shot ek in abstrakt konsept oerbringe. As der by it begjin fan in sêne bgl. in fjochtsportoefening yn byld brocht wurdt, begrypt de sjogger dat de folgjende sêne mei fjochtsport te krijen hawwe sil.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |