Eskimowylp
| Eskimowylp | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Opstoppe eksimplaar. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Numenius borealis | ||||||||||||
| Forster, 1772 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
histoarysk briedgebiet histoarysk wintergebiet |
De eskimowylp (Numenius borealis) is in wylp fan 'e Nije Wrâld dy't tige earnstich bedrige wurdt en mooglik al is útstoarn. De lêste goed dokumintearre waarnimmingen wiene yn 'e jierren 1960.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eskimowylp mjit 30,5 oant 33 sm. Folwoeksen eksimplaren hawwe lange donkergrize poaten en in lange nei ûnder bûge snaffel. De boppekant is brúnbûnt en de ûnderkant is ljochtbrún. De fûgel hat in soad fan 'e Amerikaanske wetterwylp, mar is lytser fan formaat. It meast betroubere skaaimerk yn it fjild is dat de ûnderwjuk net streke is. Oars as de dwerchwylp is de eskimowylp wat grutter, hat er langere wjukken, koartere poaten en waarmere toanen yn it fearrekleed. Syn lûden binne min dokumintearre, mar besteane út dúdlike fluitsjende toanen.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eskimowylp is in trekfûgel dy't briedt op de tûndra yn it westlike Arktyske Kanada en Alaska. Hy hie syn oerwinteringsgebieten yn Argentynje en benammen op 'e Pampas, dêr't er oan 'e ein fan 'e simmer hinne luts. Yn febrewaris migrearre de fûgel werom nei de briedplakken yn it hege noarden. Der binne in pear histoaryske waarnimmingen fan 'e soarte yn West-Jeropa. Yn 'e 19e iuw folgden miljoenen eskimowylpen in trekrûte dy't eastlik fan Yukon en de Northwest Territories rûn, by de noardwestkust fan Kanada lâns en dêrnei súdlik oer de Atlantyske Oseaan nei Súd-Amearika en harren winterkertieren. Op 'e weromreis krústen se de Great Plains.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eskimowylp siket syn iten troch syn lange snaffel yn 'e grûn te stekken nei wringeleazen, mar pakt proaien ek fuort fan 'e grûn. By de hjersttrek yn Kanada libje se hast allinnich fan beien. De briedperioade falt nei alle gedachten yn juny. It nêst leit fuort op 'e grûn yn in iepen lânskip en bestiet fan drûch gers en blêden. De aaien binne grien mei brune plakken. In soad fan 'e briedbiology is ûnbekend.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard taksonomysk foar it earst yn 1772 beskreaun troch Johann Reinhold Forster. De eskimowylp is in steltrinner dy't ta it skaai fan 'e wylpen (Numenius) heart, mar waard earder yn it eigen skaai Mesoscolopax yndield. Syn tichtste sibbe is de dwerchwylp (Numenius minutus), dy't syn sustersoarte is.
Status en bedrigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eskimowylp kin ien fan 'e meast foarkommende steltrinners fan Noard-Amearika west hawwe, mei in populaasje fan miljoenen eksimplaren. Mar troch it oanmeitsjen fan 'e prêrje yn 'e 19e iuw ferdwûnen harren rêstplakken en tagelyk stoar de treksprinkhoanne (Melanoplus spretus) út, harren wichtichste basisfiedsel foar de lêste etappe fan 'e maitiidstrek. Dat yn kombinaasje mei habitatferlies yn 'e winterkertieren en in systematyske jacht op 'e maitiidstrek by it passearjen fan 'e Great Plains, hie grutte gefolgen foar de populaasje. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw waarden alle jierren oant twa miljoen eskimowylpen sketten en yn mar in pear desennia wie de soarte sa seldsum wurden, dat yn 1916 in jachtferbod ynfierd waard. De lêste goed dokumintearre waarnimmingen fan 'e soarte fûnen plak yn 1962 op Galveston Island yn Teksas, doe't de soarte fotografearre waard, en yn 1963 op Barbados, doe't in eksimplaar sammele waard. De lêste waarnimming yn 'e winterkertieren wie yn 1939. Betroubere waarnimmingen binne dêrnei noch wol foarkommen, ûnder oaren yn 'e jierren 1980. De lêste kear wie yn 2002 yn Massachusetts, mar sûnder fotodokumintaasje wurdt dizze waarnimming net offisjeel erkend.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
