Springe nei ynhâld

Eroaten

Ut Wikipedy
Eroaten op in Relieffries, 2e iuw f.Kr.
Anteros as Eros, troch Alfred Gilbert, 1885

De Eroaten binne goaden en healgoaden mei wjukken út de Grykske en Romeinske mytology, dy't meast assosjearre wurde mei leafde en seks. Yn de Romeinske keunst wurdt sprutsen fan Amoretten, analooch oan Amor. De Eroaten komme faak werom yn klassike keunst, sy symboalisearje ferskate kanten fan de leafde (sa as leafde dêr't net op andere wurdt, leafde en langstme fan beide kanten). Sy wurde meast ôfbylde as neakene jonges.

De meast ferneamde fan de fjouwer Eroaten binne de bern fan Ares en Afrodite: Eros, Anteros, Himeros en Potos. Yn guon wurk wurde Eroten beskôge as manifestaasjes fan ien en deselde god: Eros. [1] Ferhalen oer de Eroaten, benammen oer harren fiten en streken, wienen populêr yn de Hellenistyske kultuer út de 2e iuw foar Kristus. [2]

Yn de barokke keunst ferskine de Eroaten as Pûttos.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Younger, s. 45, "Eros/Cupid)
  2. Strong, s. 265