Springe nei ynhâld

Ernst Krebs

Ut Wikipedy
Ernst Krebs
sporter
Ernst Krebs (1936)
Ernst Krebs (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ernst Krebs
nasjonaliteit West-Dútsk
bertedatum 4 novimber 1906
berteplak München
stjerdatum 20 july 1970
stjerplak Gauting
sportive ynformaasje
sport kanofarren,
Skyrinnen,
Berchbeklimmen
ûnderdiel K1 (kanofarren)
O.S. Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Kanofarren
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936
Goud grut goud 1x EK 1933

Ernst Krebs (München, 4 novimber 1906 - Gauting, 20 july 1970) wie in Dútsk kanoër, skyrinner en berchbeklimmer.

Krebs begûn syn sportkarriêre mei skyrinnen. By de wrâldkampioenskippen Noardsk skyen yn Zakopane yn 1929 wie er bygelyks it bêste Midden-Europeaan op it 8e plak oer 18 kilometer en wie er fjouwerfâldich Dútsk kampioen yn it estafetteteam fan de Bayerischen Skiverbandes fan 1928 oant 1932.

Ernst Krebs wûn it earste Europeeske kampioenskip yn de K1 oer 10.000 meter yn Praach yn 1933. Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn twafâldich Olympysk kampioen yn de K1.

Krebs wie in fûleindich berchbeklimmer; yn 1932 oerlibbe er as klimmaat fan Toni Schmid in fal fan grutte hichte op de Großes Wiesbachhorn.

Ernst Krebs ferstoar op 20 july 1970, yn 'e âldens fan 63 jier, troch in fal ûnder syn wurk wylst er in dakgoate op de tredde ferdjipping reparearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:DE