Erich Schatzki

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Dr. yr. Erich Schatzki (Klafeld ûnder Siegen, 23 jannewaris 1898 - Palo Alto, 28 augustus 1991) wie in Dútsk yngenieur en fleanmasineûntwerper, dy't ûnder oaren foar Junkers, Lufthansa en Fokker wurke hat.

Fan 1924 ôf wurke Erich Schatzki by Junkers. Fan 1927 oant 1933 wie Schtazki by Lufthansa yn tsjinst; earst as testpiloat en piloat, úteinlik waard er dêr technysk direkteur. Doe't 1933 by Lufthansa anti-Joadske sentiminten ûntstienen, besleat Schatzki om mei syn famylje nei Switserlân te flechten, dêr't er oant wurk gie by Swissair. Letter ferfarre er nei Neiderlân om by Fokker oan de gong te gean. By Fokker wie hy ûnder oaren ferantwurdlik foar ûntwerpen fan de D.XXI en de G.I. Nei Fokker gie hy nei Koolhoven, dêr't er belutsen wie by de ûntjouwing fan de Koolhoven F.K.58. Doe't de Dútsers Nederlân ynfoelen en de Koolhovenfabriken yn flammen opgienen, arbbeide ny noch in skoft foar de tabaksyndustry. Carl August Freiherr von Gablenz, direkteur fan Lufthansa, warskôge Schatzki foar it gefaar dat Joaden yn de besette gebieten boppe de holle hong. Schatzki flechte nochris; oer Frankryk en Spanje gie it nei de Feriene Steaten. Dêr arbeide er foar Republic Aviation Company en die hy mei oan it Republic P-47 Thunderbolt-projekt. Nei de oarloch hie er ferskate learstoelen oan Amerikaanske universiteiten. Hy wie troud mei keunstnaresse Hedda Oppenheim, tegearre krigen sy twa bern.

Fleanmasines dêr't Schatzki oan wurke hat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

http://www.heinzherrmann.com/?thema=41