Erich Rademacher
Appearance
| Erich Rademacher | ||
| Erich Rademacher (1923) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Fritz Albert Erich Rademacher | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 9 juny 1901 | |
| berteplak | Magdeburg | |
| stjerdatum | 2 april 1979 | |
| stjerplak | Stuttgart | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Wetterpolo, Swimmen | |
| ûnderdiel | Skoalslach | |
| O.S. | Amsterdam 1928, Los Angeles 1932 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Fritz Albert Erich Rademacher (Magdeburg, 9 juny 1901 - Stuttgart, 2 april 1979) wie in Dútsk wetterpoloër en swimmer.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen ienris by it swimmen. Hy wûn yn Amsterdam in sulveren medalje op de 200 meter skoalslach, en twa kear oan it wetterpolotoernoai (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen. Fjouwer jier letter yn Los Angeles wûn er in sulveren medalje.
Yn de Twadde Wrâldkriich focht Erich Rademacher oan it eastfront en gie nei in perioade fan kriichsfinzenskip pas yn 1947 werom nei hûs. Erich wie de âldere broer fan wetterpoloër Joachim Rademacher.
Erich Rademacher ferstoar op 2 april 1979, yn 'e âldens fan 77 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
