Eric Liddell
| Eric Liddell | ||
| Eric Liddell (1924) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Eric Henry Liddell | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 16 jannewaris 1902 | |
| berteplak | Tianjin | |
| stjerdatum | 21 febrewaris 1945 | |
| stjerplak | Weixian | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Atletyk | |
| ûnderdiel | Hurdrinnen | |
| O.S. | Parys 1924 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Eric Henry Liddell (Tianjin Sina, 16 jannewaris 1902 - Weixian Sina, 21 febrewaris 1945) wie in Skotsk hurdrinner.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Liddell waard berne yn Tianjin yn Sina, dêr't syn âlden wurken as sindelingen foar de London Missionary Society. As seisjierrige waard er nei in skoalle yn Londen stjoerd. Op 'e middelbere skoalle bliek er in treflike atleet te wêzen en krige er al de reputaasje om de fluchste Skotske draver te wêzen. Yn 1920 gie Eric Liddell oan de Universiteit fan Edinburgh studearjen.
Hy die yn 1924 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Parys Olympysk kampioen, op de 400 meter yn in wrâldrekôr fan 47.6 sekonden. Twa dagen earder hie er in brûnzen medalje wûn op de 200 meter. In jier nei de Spullen en syn ôfstudearjen kearde Liddell werom nei Sina. Krekt as syn âlden wurke er der as sindeling, earst yn syn bertestêd en letter yn Shaochang. Ut en troch rûn er der noch in wedstriid. Hy wurke yn it earstoan benammen as learaar en trainde syn learlingen yn ferskate sporten. Yn 1932 waard er beneamd ta dûmny. Liddell boaske yn 1934 mei in Kanadeeske frou, it pear krige trije bern. Yn 1941 wie it libben yn Sina sa gefaarlik wurden, dat it Britske regear syn lângenoaten advisearre it lân te ferlitten. Liddell syn frou en bern giene nei Kanada, mar Eric Liddell en syn broer, dy't dokter wie, bleaune efter en giene troch mei it dwaan fan harren wurk. Twa jier letter waard it gebiet dêr't sy wurken, beset troch Japanners en waarden beiden yn in jappekamp ynternearre. Yn it kamp wie in grut tekoart oan iten en medisinen.
Eric Liddell ferstoar op 21 febrewaris 1945, yn 'e âldens fan 43 jier. It ferhaal fan Liddell en dat fan Harold Abrahams dy't op de Spullen fan 1924 goud wûn op de 100 meter, is ferfilme yn de film Chariots of Fire, dy't yn 1981 de Oscar foar bêste film wûn. De rol fan Abrahams wurdt yn de film fertolke troch Ian Charleson.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
