Epworth is in lytse stêd yn it Ingelske distrikt Noard-Lincolnshire. Epworth leit yn 'e Isle of Axholme. Dit gebiet hjit in 'eilân' (Isle) om't it oant de drûchlizzing troch de Nederlânske yngenieur Cornelius Vermuyden tusken 1627 en 1629 in ynlânsk eilân wie, omfieme troch rivieren, streamen, feangebieten en marren.
Epworth wurdt wol de "Widze fan it Metodisme" neamd fanwegen de nauwe bân mei de famylje Wesley. De grûnlizzers fan 'e beweging, John Wesley en syn broer Charles Wesley, binne nammentlik yn Epworth berne en opgroeid. Yn it sintrum fan it stedsje stiet in metodistetsjerke út 1888. Alle jierren bringe hûnderten besikers út de hiele wrâld in besite oan 'e tsjerke. Der is in rûte troch it stedsje dy't de plakken ferbynt dy't fan belang wiene foar de Wesley-famylje.